Syrysk Berne-evangeelje | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldsyrysk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 5e of 6e iuw |
It Syrysk Berne-evangeelje is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Sa't de titel al seit, is it in oarspronklik yn it Syrysk skreaun berne-evangeelje, in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan Jezus fan Nazaret dy't yn it kanonike Evangeelje fan Lukas oanhelle wurde. It geskrift datearret mooglik út 'e fyfde of sechsde iuw, en liket grutdiels gearstald te wêzen op grûn fan de âldere Berne-evangeeljes fan Tomas en Jakobus. Hoewol't it Syrysk Berne-evangeelje oarspronklik yn it Syrysk skreaun wie en ek yn dy taal oerlevere is, moat it letter yn it Arabysk oerset wêze, en al is dy oersetting ferlern gien, in grut diel derfan, fral oangeande de wûnders yn Egypte, waard letter opnommen yn 'e Koraan.
Ynhâld
It Syrysk Berne-evangeelje bestiet út trije dielen. It set útein mei it ferhaal fan 'e berte fan Jezus, dat basearre is op it Berne-evangeelje fan Jakobus. Dan folget it ferhaal oer de Flecht nei Egypte en de wûnders dy't dêr ferrjochte wurde, dat benammentlik basearre liket te wêzen op mûnlinge oerlevering. It trêde en lêste part ferhellet oer de wûndertekens dy't Jezus as jonkje ferrjochte; dit diel is basearre op it Berne-evangeelje fan Tomas.
De tekst befettet lykwols ek in stikmannich tafoegings dy't net yn 'e beide boarnen foarkomme, noch oan 'e oerlevering ûntliend lykje te wêzen, lykas it ferhaal oer in ruft fan Jezus dy't minsken genêst, en it ferhaal oer it swit fan Jezus dat feroaret yn balsem en dêrnei brûkt wurdt om melaatskens te genêzen en om weve stof in ferskaat fan kleuren te jaan troch inkeld indigo-kleurige ferve te brûken. Der wurdt ek yn ferhelle oer in eardere moeting fan Jezus mei Judas Iskariot, de dissipel dy't him letter ferriede soe, en mei de dieven mei wa't er letter krusige wurde soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|