Synagoge fan Worms | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Rynlân-Palts | |
plak | Worms | |
koördinaten | 49° 38' N 8° 21' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | oarspr. 11e iuw, ferneatiging 1938, weropbou 1961 | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Webside | ||
Joadse gemeente Mainz | ||
Kaart | ||
De Synagoge fan Worms is ien fan 'e âldste synagoges fan Dútslân. Yn it jier 1034 waard yn Worms foar it earst in synagoge stifte, dy't yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende kearen ferneatige en werboud waard. It gebou is fan 'e joadske gemeente fan Mainz en wurdt mei it begraafplak Heiliger Sand troch in soad toeristen besocht. It is ien fan 'e lokaasjes fan it UNESCO-wrâlderfgoed ShUM-lokaasjes fan Speyer, Worms en Mainz (ShUM is it Hebriuwske akronym foar de stêden Speyer, Worms en Mainz).
Skiednis
De earste joaden setten harren nei alle gedachten yn 'e 9e of 10e iuw nei wenjen. Neffens in ynskrift njonken de yngong foar manlju waard de earste synagoge yn 1034 troch Jakob ben David en syn frou Rahel mooglik makke. Pogroms, kriich en stedsbrannen ferneatigen de synagoge jimmeroan wer, mar ier of letter folge ek altiten wer in nijbou. By de weropbou nei 1355 waarden goatyske foarmen foar de finsters en in ferwulft oer it ynterieur oanbrocht. In grutte stedsbrân yn 1689 late op 'e nij ta ferneatiging en it duorre doe oant 1700 dat der wer in renovaasje plakfûn.
Healwei de 19e iuw waard de gemeente hieltiten liberaler. Dêrfandinne waard yn 1842 de skiedingsmuorre tusken it diel foar manlju en froulju ôfbrutsen en yn 1877 krige de synagoge in oargel. Net elkenien wie dêr sa wiis mei en foar it behâldende diel fan 'e mienskip liet de nôthanneler Leopold Levy doe noardlik fan it Synagogenplatz in aparte synagoge bouwe, dy't yn 1875 yn gebrûk nommen waard. Neffens de winsk fan Levy bleau de synagoge ûnderdiel fan 'e gemeente om sa fierdere spjalting fan 'e joadske mienskip te beheinen.
Yn 'e Kristallnacht waard ek de Wormser synagoge yn 'e brân stutsen. De noch besteande muorren waarden yn 1942 omsmiten en bombardeminten op 'e stêd tsjin it ein fan 'e oarloch fernielden wat der noch oerbleaun wie. Tusken 1938 en 1945 koene út de ruïnes noch in pear boudielen rêden wurde, wêrûnder it ynskrift út 1034.
Al rillegau nei de oarloch wiene der wer plannen om de synagoge op te bouwen, mar it duorre noch oant 1958 ear't dêr mei útein set waard. Yn 1961 waard yn bywêzigens fan bûnsminister Heinrich von Brentano it rekonstruearre gebou wer yn gebrûk nommen.
De otterdokse synagoge waard by de Kristallnacht foar it measte sparre, mar by de bombardeminten yn 1945 op Worms waard it gebou sa slim troffen, dat yn 1947 ôfbraak folge. Op de lokaasje stiet sûnt de jierren 1990 in wente, dy't in soad fan it oansjen fan de eardere otterdokse synagoge hat.
Yn maaie 2010 waard der in oanslach op de synagoge dien. Op meardere plakken wie der brân stifte, mar de brânwar wie der gau by en koe it fjoer sûnder al te grutte gefolgen dwêste.
Beskriuwing
De synagoge foar manlju is in twaskippich gebou, dat fan twa romaanske pylders droegen wurdt. Yn 'e midden fan 'e seal is in moderne bima. Oan 'e eastlike muorre stiet de foar in part yn 'e styl fan 'e renêssânse útfierde torahskryn, dy't yn 'e jierren 1704-1705 yn barokke styl feroare waard.
De haadyngong leit yn 'e noardwestlike hoeke. De tagong hat noch romaanske boudielen, dy't nei alle gedachten makke binne doe't der oan de dom fan Worms wurke waard. Oan trije kanten fan it manljusdiel binne hege goatyske ramen, dy't wy de werbou fan 1355 de okseëagen fan it oarspronklike gebou ferfongen.
It frouljusdiel is in stik lytser as de it diel foar de manlju. De hast fjouwerkante romte wurdt troch ien sintrale pylder droegen. Oant 1842 wie der tusken it manljus- en it frouljusdiel in muorre mei fiif lytse finsters en in doar. Sûnt foarmje twa spitsbôgen de trochgong tusken de twa boudielen.
Hjoed-de-dei wurdt it manljusdiel foar tsjinsten brûkt. Yn 'e frouljussynagoge binne plakettes ta neitins oan 'e yn 'e oarloch omkommen leden fan de Wormser joadske gemeente.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|