- Dizze side giet oer it wapen swurd. Foar oare betsjuttings, sjoch: swurd (betsjuttingsside).
In swurd is in blank wapen dat bedoeld is om mei te slaan of te stekken. Hoewol't de presize foarm in swurd ôfhinklik is fan it histoaryske tiidrek en/of de geografyske regio wêryn't it makke is, kin oer it algemien steld wurde dat sa'n wapen bestiet út in lang lims (ek: limmet, blêd, lems of klinge) mei oan 'e iene útein in skerpe punt of oerd en oan 'e oare útein in hânsel, dat by in swurd in hêft neamd wurdt (ek: heft, hecht, hânfetsel of hantfet). It lims kin ien- of twasnedich wêze (dus ien of twa snijkanten hawwe) en rjocht of krom wêze. Kromme swurden wurde faak kromswurd of sabel neamd en binne yn 'e regel mar iensnedich. In swurd hat ornaris in skie dêr't it yn bewarre wurdt. Fjochtsjen mei swurden wurdt skermjen neamd.
Skiednis
Histoarysk ûntjoegen de earste swurden har yn 'e Brûnstiid út 'e koartere dagge. De ierste, brûnzene eksimplaren wiene frij koart, hiene gjin stjitplaat om 'e hân te beskermjen, en datearje fan omtrint 1600 f.Kr. Yn 'e Izertiid begûn men swurden fan izer te meitsjen, mar ek doe noch wiene se koart en ûntbriek de stjitplaat. De Romeinske spata, út 'e Lette Aldheid, wie it wapen dêr't him alle lettere Jeropeeske foarmen fan it swurd út ûntwikkelen, te begjinnen mei de tiid fan it Grutte Folkeferfarren, doe't it wapen mank û.m. de Kelten en de Germanen ferspraat rekke. Pas yn 'e Hege Midsiuwen waard foar it earst de stjitplaat tafoege, wêrmei't it klassike ridderswurd ûntstie.
Nei de útfining fan fjoerwapens, yn 'e Lette Midsiuwen, rekke it swurd as primêr legerwapen út 'e graasje, al bleau it noch iuwenlang yn gebrûk yn in ûnderstypjende funksje. Yn 'e Renêssânse krige it swurd in lichter en ranker foarkommen en ûntjoech it him ta de rapier, dat yn it foarste plak in stekwapen wie. In fierdere ûntwikkeling smiet tsjin 'e achttjinde iuw de degen op, dy't noch lichter wie en benammen as duëlearwapen brûkt waard. Uteinlik ûntstie dêr wer út it galaswurd, dat poer foar de show troch militêre ofsieren droegen waard (en noch wol wurdt), mar dat te licht en broazel is om funksjoneel te wêzen. In paralelle ûntwikkeling late sûnt de Renêssânse ta de sabel, in kromjend, iensnedich swurd dat bedoeld wie foar kavaleristen.
Noch oant fier yn 'e tweintichste iuw waarden troepen tarist mei sabels of (by de marine) mei hartsfangers, dat koarteftige sabeleftige swurden binne. Yn 'e striid tsjin 'e Japanners yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan waarden ûnder de Twadde Wrâldoarloch bygelyks noch tûzenen hartsfangers troch Amerikaanske mariniers brûkt as matsjetes, om har in paad troch it reinwâld te klearjen. Oare tradysjes smieten swurden op dy't der hiel oars útsjogge as Jeropeeske swurden. Dêrby kin men tinke oan 'e kromswurden fan it Heine Easten, de Sineeske dao en de Japanske katana.
Underdielen fan in swurd
I. hêft, hecht, hantfetsel of hantfet
II. lims, limmet, blêd, lems of klinge
III. skie
A. it 'sterk' fan it swurd
B. it 'swak' fan it swurd
1. hêftsknop of apel
2. hângryp of greep
3. stjitplaat of parearstange
4. sjappe
5. bloedgoate
6. snijkant
7. middenrâne
8. swurdpunt of oerd
9. medaljon
10. sjappe
Soarten swurden
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|