In swimwedstriid

Swimmen is in sport dy't rekreatyf, mar ek yn wedstriidferbân beoefene wurde kin.

Swimles

It swimmen kin al op jonge leeftyd oanleard wurde en yn in provinsje as Fryslân is it tige wichtich dat bern swimmen leare. Trochgeans geane bern at se in jier as seis binne op swimles. In bern kin dêrrby ferskeidene diploma's behelje dêr't hja de swimfeardigens mei oantoane kinne.

Diploma's

In bern dat op swimles giet, giet earst op foar it swim-ABC oftewol diploma A, B en C. Om dy trije diploma's te beheljen moat in bern oan in oantal easken foldwaan.

Diploma A

Foar it A diploma moat in bern mei deiske klean de folgjende oefeningen yn it wetter útfiere kinne:

  • Fan ienige hichte ôf te wetter gean mei in fuotsprong foarút; nei it boppewetter kommen oanslútend fierder gean mei
  • 15 sekonden wettertrappelje, folge troch
  • 12,5 meter skoalslach, ûnder in line troch dûke, in heale draai om de lingte-as en
  • 12,5 meter inkelfâldige rêchslach mei dêrnei
  • selsstannich út it wetter op de kant klimme.

Diploma B

Foar it B diploma moat in bern mei deiske klean oan de folgjende oefeningen yn it wetter útfiere kinne:

  • Fan ienige hichte ôf te wetter gean mei in fuotsprong foarút; ûnder wetter in heale draai om de lingte-as meitsje; nei it boppewetter kommen oanslútend fierder gean mei
  • 15 sekonden wettertrappelje, folge troch
  • . 25 meter skoalslach, ûnderbrutsen troch ien kear ûnder in flot troch swimme en 1 kear een hiele draai om de lingte-as, en dêrnei
  • . 25 meter inkelfâldige rêchslach dêrnei
  • selsstannich út it wetter op de kant klimme.

Foar it B diploma moat in bern fierders mei swimklean oan de folgjende oefeningen yn it wetter útfiere kinne:

  • Fan de kant ôf te wetter gean mei in kopsprong, daliks folge troch
  • ûnder wetter swimme troch in gat yn in fertikaal, yn it wetter hingjend kleed, dat op 6 meter fan de kant hinget
  • 75 meter skoalslach, ûnderbrutsen troch ien kear foutwaarts rjochting de boaiem sakke; dêrnei trochgean mei
  • 75 meter inkelfâldige rêchslach mei dêrnei
  • yn it wetter ôfsette fan de kant ôf, daliks folge troch
  • fiif sekonden útdriuwe op de boarst, oanslútend inkele meters skoalslach, wêrnei't sân sekonden driuwe wurde moat op de boarst
  • yn it wetter ôfsette fan de wand, daliks folge troch fiif sekonden útdriuwe op de rêch, oanslutend inkele metersinkelfâldige rêchslach, wêrnei't 15 sekonden driuwe op de rêch.
  • yn it wetter ôfsette fan de kant ôf, daliks folge troch 10 meter boarstcrawl.
  • yn it wetter ôfsette fan de kant ôf, daliks folge troch 10 meter rêchcrawl.
  • Fan de kant ôf te wetter gean mei in sprong nei eigen kar, folge troch 30 sekonden wettertrappelje mei gebrûk fan earmen en fuotten, oanslutend 30 sekonden wettertrappelje mei de fuotten.

Diploma C

Foar it C diploma moat in bern mei deiske klean oan de folgjende oefeningen yn it wetter útfiere kinne:

  • Fan de kant te wetter gean mei in koprol foaroer, oanslutend
  • 15 sekonden wettertrappelje, folge troch
  • 30 sekonden mei gebrûk fan in helpmiddel driuwen bliuwe yn de (HELP-hâlding).
  • fan de kant te wetter gean mei in sprong nei eigen kar, oanslútend 50 meter skoalslach, ûnderbrutsen troch 1 kear ûnder in flot troch swimme en 1 kear oer in flot hinne klimme en
  • inkelfoudige rêchslach dêrnei
  • selsstannich út it wetter op de kânt klimme.

Foar it C diploma moat in bêrn fierders mei swimklean oan de folgjende oefeningen yn it wetter útfiere kinne:

  • an de kant te wetter gean mei in kopsprong, daliks folge troch
  • ûnder wetter swimme troch in gat yn in fertikaal, yn it wetter hingjend kleed, dat op 9 meter fan de kant hinget.
  • 100 meter skoalslach, ûnderbrutsen troch 1 kear in koprol foaroer en 1 kear in hoekdûk rjochting boaiem meitsje; dêrnei
  • 100 meter inkelfâldige rêchslach dêrnei
  • Fan de kant te wetter gean mei kopsprong (in startsprong hat de foarkar), daliks opfolge troch,
  • 5 sekonden útdriuwe op de boarst, oanslútend inkele meters skoalslach, wêrnei't 10 sekonden driuwe op de boarst.
  • yn it wetter ôfsette fan de kant ôf, daliks folge troch 5 sekonden útdriuwe op de rêch, oanslútend inkele meters inkelfâldige rêchslach, wêrnei't
  • 20 sekonden driuwe op de rêch, folge troch 5 meter streekrjocht op de rêch swimme mei gebrûk fan de earmen.
  • yn it wetter ôfsette fan de kant ôf, oanslútend 15 meter boarstcrawl.

yn it wetter ôfsette fan de kant ôf, oanslutend 15 meter rêchcrawl.

  • fan de kant te wetter gean mei in hurksprong, folge troch 30 sekonden wettertrappelje mei ferpleatsen yn meardere rjochtingen, mei gebrûk fan earmen en fuotten, en 30 sekonden fertikaal driuwe bliuwe mei gebrûk fan de earmen.

Ek bern mei in lichaamlike as ferstanlike beheining kinne foar har swim-ABC gean. Mei in yn har mooglikheden lizzende oanpassingen yn it diploma swimmen. Slagget it echt net om in bern mei in ferstanlike beheining foar in diploma swimme te litten dan wurdt der troch de swimskoalle foar soarge dat in bern har feilich yn en om it wetter bewegen leart.

Oare diploma's

Neist it Swim-ABC kinne je troch gean foar de folgjende swimdiploma's:

  • Swimfeardigens 1, 2 en 3
  • Snoarkeljen 1, 2 en 3
  • Survival 1, 2 en 3
  • Aquasportief foar bern 1, 2 en 3
  • Balfeardigens 1, 2 en 3
  • Keunstswimme 1, 2 en 3
  • Springe 1, 2 en 3
  • Wrâldswimslagen 1, 2 en 3

Wedstriidswimmen

Dat wurdt beöefene yn in 25 -meter bad (koartebaan) en (foar grutte wedstriden) yn in 50-meterbad (langebaan). By swimwedstriden kinne, ôfhinklik fan it oantal banen yn in swimbad, meastal fjouwer (koartebaan) oant acht (langebaan) dielnimmers tagelyk starte. De banen binne skieden troch dripjende linen dy’t spesjaal ûntwurpen binne om sa min mooglik weagen te krijen yn de oare banen. Waarden eartiids start- en oankomsten altyd mei de hân klokke, tsjintwurdich wurde op wichtige wedstriden (kampioenskippen, ynternasjonale wedstriden) dizze tiden elektroanysk metten troch sensoaren, dêr't it thúsplak by oantikke wurde moat, itsy mei de hân of mei in oar lichemsdiel. Dat hinget ôf fan de swimslach. Ek it korrekt nimmen fan it kearpunt kin mei help fan sensoaren en bytiden ek ûnderwetterkamera’s kontrolearre wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.