Swimmen is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. De sport is tagonklik foar sporters mei in lichaamlike beheining as sintúchlike beheining.

Regels

Der binne in pear ôfwikende regels mei it gewoane swimmen.

  • By bepaalde beheinings is it tastien om yn tsjinstelling mei it gewoane swimmen fanút it wetter as sittend fan ôf it startblok te starten.
  • Protezes as oare helpmiddels binne net tastien.
  • In swimbril is tastien, net allinne om de eagen te beskermjen, mar ek om it sicht yn it wetter te ferbetterjen.
  • Automatyske lûdssinjalen binne as helpmiddel tastien foar swimmers mei fisuele beheinings.
  • In fisueel beheinde mei fan de kant ôf troch in assistint middels in lûdssinjaal holpen wurde om de ôfstân oant it kearpunt as de finish yn te skatten.
  • In fisueel beheinde moet altyd in ûntrochsichtige swimbril op ha.

Klassifikaasje

Swimmers wurde klassifisearre ôfhinklik fan har funksjonele mooglikheden om in bepaalde slach út te fieren. Dat klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining mei inoar stride kinne.

  • Yn 1960 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei kompleet en ynkompleet folge troch in sifer en soms foarôfgeand troch juniors.
  • Yn 1964 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei kompleet en ynkompleet folge troch in sifer, en Prone kompleet, Prone ynkompleet, Supine kompleet, Supine ynkompleet folge troch in sifer, junior class, Prone cauda equina, Prone special class, special class, Supine cauda equina en Supine special class.
  • Yn 1968 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei de sifers 1 oant en mei 5 folge troch kompleet as ynkompleet. Klasse 5 wie de eardere cauda equina klasse en dan wie der noch de special class.
  • Yn 1972 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei de Sifers 1 oant en mei 6. Klasse 1 wie opdield yn in A en in B klasse.
  • anno 2008
  • Fisueel Beheinden binne Yndield in de klassen S11 (folslein blyn), S12 en S13 (beheind sicht). Op de Paralympyske Spullen komme se mei innoar út op de 50m, 100m, 400 m vrij, 100m rêch, 100m Flinter, 100m Skoal , 200m Wikselslach, 4x100m frij en 4x100m wiksel.
  • Lichamelijk beperkten wurde yndield yn in klasse op basis fan ferskillende faktoren lykas har spierkracht, koördinaasje, bûgingsgraad fan har gewrichten, lingte fan har ledematen. Dernêst moatte se in test ôflizze yn it wetter dêr't se alle slagen útfiere moatte. Dy yndieling kin per slach ferskillend wêze:
    • Frije Slach, Rêchslach en Flinterslach: 10 klassen: S1-S10
    • Wikselslach: 10 klassen: SM1-SM10
    • Skoalslach: 9 klassen: SB1-SB9
Hoe leger it nûmer, hoe swierder de beheining.
Op de Paralympyske Spullen binne der de folgjende ûnderdielen:
  • Frije Slach: 50m en 100m: S1-S10; 200m: S1-S5; 400m: S6-S10
  • Rêchslach: 50m: S1-S5; 100m: S6-S10
  • Finsterslach: 50m: S1-S7; 100m: S8-S10
  • Skoalslach: 50m: SB1-SB3; 100m: S4-S9
  • Wikselslach: 150m: SM1-SM4; 200m: SM5-SM10
  • Estafette: 4x50m vrij en 4x50 wiksel; 4x100 vrij en 4x100 wiksel
  • By de estafettes foar fisueel beheinden mei de optelde skoare fan de fjouwer swimmers fan it team maksimaal 49 wêze. In swimmer yn de klasse S11 hat 11 punten, yn S12 12 punten en yn S13 13 punten.
  • By de estafettes foar de lichaamlike beheinden binne der twa ûnderdielen; ien foar teams mei in maksimale skoare fan 20 punten en foar teams mei in maksimale skoare fan 34 punten. Dêrby korrespondearret ek dit kear wer it klassennûmer mei de skoare.

Ofstannen

Der wurde op de Paralympyske Simmerspullen ferskillende ôfstannen swommen. By de easte Simmerspullen yn 1960 stiene der 7 ôfstannen op it swimprogramma. Yn 2008 wiene dat der 16 ôfstannen. Per ôfstân wurdt der swommen yn ferskillende klassen, net alle klassen dogge alle ôfstannen.

1960196419681972197619801984198819921996200020042008201220162020
Crawl 25 mX
Crawl 50 mX
Rêchslach 25 mXXXXXXX
Rêchslach 50 mXXXXXXXXXXXXXXX
Rêchslach 100 mXXXXXXXXXXXXX
Rêchslach 200 mXX
Skoalslach 25 mXXXXXXXX
Skoalslach 50 mXXXXXXXXXXXXXXXX
Skoalslach 100 mXXXXXXXXXXXXXX
Skoalslach 200 mXXX
Skoalslach 400 mX
Flinterslach 25 mXXXX
Flinterslach 50 mXXXXXXXXXXXX
Flinterslach 100 mXXXXXXXXXXXX
Frije Slach 25 mXXXXXX
Frije Slach 50 mXXXXXXXXXXXXXXX
Frije Slach 100 mXXXXXXXXXXXXXX
Frije Slach 200 mXXXXXXXXXX
Frije Slach 400 mXXXXXXXXXXX
Frije Slach 3x25 mXXXX
Frije Slach 3x50 mXXX
Frije Slach 3x100 mXXX
Frije Slach 4x50 mXXXXXXXX
Frije Slach 4x100 mXXXXXXXXXXX
Wikselslach 75 mX
Wikselslach 100 mX
Wikselslach 150 mXXXXXXXXX
Wikselslach 200 mXXXXXXXXXX
Wikselslach 400 mXXX
Wikselslach 2x25 mX
Wikselslach 2x50 mXX
Wikselslach 3x25 mXXXX
Wikselslach 3x50 mXXXXX
Wikselslach 3x100 mXX
Wikselslach 4x25 mXX
Wikselslach 4x50 mXXXXXXXXXX
Wikselslach 4x100 mXXXXXXXXXXXX
Wikselslach 4x200 mX

Sjoch ek

Swimmen op de Olympyske Simmerspullen


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje


Swimmen op de Paralympyske Simmerspullen
Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.