Swarte Bizonfrou
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTa'sina Tȟatȟáŋkawin
oare nammeBlack Buffalo Woman
berne±1840
stoarn1???
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
reden
  bekendheid
wie de grutte leafde fan it
    opperhaad Mâl Hynder

Swarte Bizonfrou (Lakota: Ta'sina Tȟatȟáŋkawin, útspr.: [tasina tˣa'tˣã:kawin]; Ingelske oersetting: Black Buffalo Woman; ±1840 ?) wie in frou fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hja wie in omkesizzer fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk en in folle nicht fan 'e haadman Reu. Se wie de grutte leafde fan it ferneamde opperhaad Mâl Hynder (Crazy Horse).

Libben

Swarte Bizonfrou en Mâl Hynder koene inoar al fan bern ôf oan, mar hja troude mei in oare kriger, dy't fan Gjin Wetter hiet, en in alkoholist west skynt te hawwen. Yn 1870 krige Mâl Hynder Swarte Bizonfrou safier dat se mei him op bizonjacht gie. Under de Lakota wie it foar froulju in rjocht om altyd skiede te meien, om lykfol hokker reden. Soks waard dien troch by famyljeleden yn te lûken of troch de besittings fan 'e man bûten de tipy te pleatsen. Hoewol't soms in beskate finansjele kompinsaasje fereaske wie, koe in man tsjin 'e skieding sels neat ynbringe, en waard fan him ferwachte dat er him derby dellei. Mar sokke regels wiene yn dit gefal net fan tapassing, want der wie neffens de ferhalen gjin sprake fan in skieding.

Gjin Wetter wie net thús doe't Swarte Bizonfrou mei Mâl Hynder útnaaide, mar doe't er derefter kaam, liende er in pistoal en sette er harren efternei. Nei't er de tipy fan Mâl Hynder fûn hie, rôp er fan bûtenôf Mâl Hynder syn namme al. Dêrop stiek er it pistoal nei binnen ta, rjochte op it boarst fan syn rivaal en helle de trekker oer. Mar Mâl Hynder syn neef Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't yn 'e tinte njonken de iepening siet, stompte Gjin Wetter syn hân omheech, sadat de kûgel Mâl Hynder yn 'e kaak rekke ynstee fan yn it boarst. Gjin Wetter spile fan ruten, en ried syn hynder kroandea yn in besykjen om oan Mâl Hynder syn poerrazene famyljeleden te ûntkommen. Uteinlik wist er geandefoets syn eigen doarp te berikken, dêr't er yn beskerming nommen waard troch syn famylje.

De rie fan âldsten gie oer de saak gear en oertsjûge beide partijen derfan om gjin geweld mear te brûken. Fierders kaam men ta de konklúzje dat beide partijen mis west hiene: Mâl Hynder hie net mei in troude frou omslaan moatten, mar dat koe Gjin Wetter syn besykjen ta moard net behimmelje. As kompinsaasje foar de ferwûning, dy't in opfallende groede yn Mâl Hynder syn gesicht efterliet, moast Gjin Wetter him trije hynders jaan. Om't Mâl Hynder mei in oar syn frou omslein hie, ferlear er syn earetitel fan ogle taŋka un of "himddrager" (wat feitliken del kaam op "oarlochslieder"), mar syn himd waard neitiid nea wer droegen. Swarte Bizonfrou kearde werom nei har man, en it is bekend dat se mei him noch trije bern krige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.