Ien fan 'e bekendste swart-wytfoto's: Migrant Mother, troch fotografe Dorothea Lange, fan Florence Owens Thompson, in 32-jierrige mem fan 7 bern op 'e siik nei in better bestean, nommen yn Nipomo, yn Kalifornje, yn maart 1936. Dit byld waard emblematysk foar de Grutte Depresje.

Swart-wyt is yn 'e byldzjende keunst (fotografy, film) en de grafyske technyk in oantsjutting foar monogrome bylden dy't fariëarje yn helderheid, mar net yn kleurtint. Swart-wytbylden besteane dêrtroch ornaris út swart, wyt en de tuskenlizende griiswearden yn in trochrinnend spektrum. Oare tinten binne ek mooglik, mar wurde selden brûkt, útsein sepia, in soarte fan brún, en dàt inkeld yn 'e fotografy. De skiednis fan ferskate soarten fisuële media begûn oarspronklik mei swart-wyt, en pas doe't de technology ferbettere waard, kamen se yn kleur beskikber.

Fotografy

Doe't fotografy yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw útfûn waard, koene de bylden (foto's) inkeld yn swart-wyt of sepia werjûn wurde. Sokke monogrome fotografy bleau de hiele njoggentjinde iuw troch de noarm, hoewol't út en troch persoanlike of kommersjele foto's mei de hân ynkleure waarden. Kleurefotografy wie, doe't it oan 'e ein fan 'e iuw útfûn waard, earst noch seldsum en tige kostber en befette boppedat faak noch misse kleuren troch fouten yn it fotografysk proses. Pas om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne waard kleurefotografy gongberder. It duorre lykwols noch oant de 1960-er en 1970-er jierren ear't it 'gewoan' waard.

Lykwols bleau swart-wytfotografy ek dêrnei in populêr medium foar keunstfotografy. Dat kin de foarm oannimme fan fotografearjen mei swart-wytfilm of fan kleurefotografy dy't neitiid digitaal omset wurdt ta swart, wyt en griiswearden, mei opsjonele digitale byldediting dêr't de resultaten mei manipulearre wurde kinne om se te ferbetterjen. Foar gebrûk troch amateurfotografen brochten beskate bedriuwen, lykas Kodak, oant 2009 fuortsmytkamera's mei swart-wytfilm op 'e merk. Tsjintwurdich wurde noch beskate films produsearre dy't swart-wytbylden jouwe op basis fan it rûnom brûkte C41-kleurproses.

Druktechnyk

Drukken is in oerâlde keunst, en it ôfdrukken fan kleuren wie op beskate manearen al mooglik sûnt kleureinketen foar it earst produsearre waarden. Yn 'e moderne tiid wie lykwols om finansjele en praktyske redens hast de hiele tweintichste iuw troch swart-wytprintsjen de noarm. Mei de technology dy't oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw beskikber kaam, lykas kleureprinters foar thúsgebrûk dy't betelber en ienfâldich yn ûnderhâld wiene, kin no eltsenien thús kleurefoto's en oare kleureplaatsjes ôfprintsje.

De measte kranten printen foto's by harren artikels yn swart-wyt ôf oant de ein fan 'e 1980-er of it begjin fan 'e 1990-er jierren. De ierste kranten dy't op kleurefoto's oerstapten, wiene guon Amerikaanske deiblêden yn 'e iere 1980-er jierren, lykas USA Today. Kwaliteitskranten as The New York Times en The Washington Post giene lykwols oant yn 'e 1990-er jierren troch mei it brûken fan swart-wytfoto's. Yn Jeropa waarden kleurefoto's yn 'e kranten pas foar it earst yn 'e midden fan 'e 1980-er jierren yntrodusearre. Sels tsjintwurdich noch beheine in soad kranten kleurefoto's ta de foarside en oare promininte siden, mei't massaproduksje fan swart-wytfoto's noch altyd in hiel stik goedkeaper is as massaproduksje fan kleurefoto's.

Films

De measte iere films wiene swart-wyt, hoewol't fan it begjin fan it tiidrek fan 'e film ôf oan eksperimintearre waard mei guon iere kleureprossen, lykas hânkleurjen. Sokke prosessen wiene lykwols tige bewurklik en dêrtroch djoer. Yn 'e 1920-er jierren kaam it yn 'e moade om beskate soarten films yn te kleurjen, mar om't it lange tiid net mooglik wie om dêrfoar reälistyske kleuren te brûken, gie it dêrby yn 't earstoan benammen om tekenfilms en letter ek om musicals en histoaryske films. It kleureproses dat sûnt 1922 benammen foar ynkleurjen brûkt waard, wie Technicolor.

De McDonaldmar yn it Nasjonaal Park Glacier yn Montana (foto nommen tusken 1933 en 1945).

De oergong fan alle soarten swart-wytfilms nei kleurefilms fûn hiel stadich plak fan 'e 1930-er jierren oant de 1960-er jierren. Sels doe't de measte filmstudio's it fermogen hiene om kleurefilms te meitsjen, waard dat faak net benutte fanwegen de dêroan ferbûne kosten. Pas doe't der kleuretillefyzje beskikber kaam en it Amerikaanske bioskooppublyk dêrtroch net mear foar swart-wytfilms betelje woe, holden de studio's op mei it produsearjen fan swart-wytfilms. Sûnt wurde inkeld noch films yn swart-wyt makke as dêr in sinematografyske reden foar is, lykas by Steven Spielberg syn oarlochsdrama Schindler's List it gefal is.

Tillefyzje

De ierste tillefyzje-útstjoerings waarden de eter ynstjoerd yn swart-wytbylden en ûntfongen om ôfspile te wurden op swart-wyttillefyzjes. De Skotske útfiner John Logie Baird demonstrearre wrâlds earste kleuretillefyzje-útstjoering op 3 july 1928.

De earste reguliere tillefyzje-útstjoerings yn kleur fûnen plak yn 'e Feriene Steaten, dêr't de Federal Communications Commission (FCC) yn 1953 in kleurestandert fêststelde en dêr't de tillefyzjestjoerder NBC yn jannewaris 1954 as earste mei beheinde útstjoerings yn kleur begûn. Kleuretillefyzje-útstjoerings rekken yn 'e Feriene Steaten ynboargere yn 'e 1960-er jierren doe't ek de oare beide grutte tillefyzjestjoerders, CBS (yn 1963) en ABC (yn 1967) derta oergiene. Nettsjinsteande dat wiene der oant de lette 1980-er en iere 1990-er jierren noch lytse oant middelgrutte Amerikaanske tillefyzjestjoerders dy't inkeld yn swart-wyt útstjoerden.

Yn 'e rest fan 'e Westerske wrâld setten de earste kleuretillefyzje-útstjoerings útein oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren of it begjin fan 'e 1970-er jierren. Sa krige Kanada yn 1966 foar it earst reguliere kleuretillefyzje-útstjoerings, it Feriene Keninkryk yn 1967, Ierlân yn 1970 en Austraalje en Nij-Seelân yn 1975.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.