swart | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | n.f.t. | |
frekwinsje | n.f.t. | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #000000 | |
RGBª (r, g, b) | (0, 0, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 0, 0, 100) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Swart is de dûnkerste kleur en is a-gromatysk, wat sizze wol dat it eins gjin tint hat. Natuerkundich sjoen is swart eins gjin echte kleur yn 'e gongbere betsjutting fan dat wurd, mei't swarte foarwerpen alle weachlingten fan sichtber ljocht absorbearje; men soe dus sizze kinne dat swart alle kleuren tagelyk is. By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) wurdt swart makke troch 0% fan eltse kleur te nimmen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) wurdt it (yn teory) lykwols kreëarre troch 100% fan eltse kleur te brûken. (Yn 'e praktyk smyt dat lykwols in smoarch brune kleur op en is it nedich om swart ta te foegjen.) Swart is it tsjinstelde fan wyt; as men swart en wyt mingt, kriget men griis. Hoewol't swart feitliks gjin tint hat, wurde der ornaris dochs ferskate tinten swart ûnderskaat, dat eins tinten fan oare kleuren binne. Men kin dan tinke oan tige dûnkere tinten griis, brún, read, blau en grien. Swart wurdt assosjearre mei de nacht, it tsjuster, de dea, rou, it kwea, earnst en gesach. It is in wichtige kleur yn hast alle religyen fan 'e wrâld. Yn 'e heraldyk is swart in heraldyske kleur en hat it de namme sabel (nei de dûnkere pels fan 'e sabelmarter). Yn sprekwurden seit men: sa swart as git, sa swart as ierde, sa swart as inket, sa swart as de nacht, sa swart as ruot of sa swart as tarre.
- in swarte krie
- in âlde tillefoan
- de romte
Assosjaasjes
Gefoelswearde
Yn 'e Westerske wrâld hat de kleur swart benammen negative konnotaasjes. Sa sjocht men 'swart' as men in min sin hat, wurdt in dei fol tsjinslaggen omskreaun as in 'swarte dei', en komt men op 'e 'swarte list' as men earne net winske is. It swarte skiep fan in famylje is immen dêr't de oare famyljeleden harren foar skamje. En swarte humor is in soarte fan humor dy't de gek hat mei gefoelige ûnderwerpen dy't ornaris net as grappich beskôge wurde.
Yn Sina wurdt swart fral assosjearre mei kjeld. It wurdt dêr ornaris symbolisearre troch in swarte skylpod. Swart wurdt yn 'e Sineeske kultuer ek yn ferbân brocht mei gaos, dat lykwols net altyd negatyf hoecht te wêzen. Gaos kin nammentlik ek liede ta feroaring en dêrmei ta nij libben. Yn Japan wurdt swart assosjearre mei riedseleftigens, de nacht, it ûnbekende, it boppenatuerlike, it ûnsichtbere en de dea. Tegearre mei wyt kin swart stean foar yntuysje. Swart kin yn 'e Japanske kultuer ek in symboal wêze foar ûnderfining, yn tsjinstelling ta wyt, dat naïviteit fertsjintwurdiget. Sadwaande is de swarte bân yn Japanske fjochtsporten, lykas judo en karate, de heechste graad dy't in beoefener berikke kin, wylst de wite bân droegen wurdt troch begjinnelingen.
Romte
Olbers' paradoks
It feit dat de romte swart is, wurdt yn 'e astronomy Olbers' paradoks neamd. Mei't der withoefolle stjerren binne yn it hielal, soe de romte (en dêrmei ek de nachtlike loft) yn teory eins fel ferljochte wêze moatte mei it ljocht dat ôfjûn wurdt troch in suver ûneinige hoemannichte stjerren. Ynstee is it lykwols sa dat romte dûnker is en dêrtroch swart liket. Dy tsjinstelling waard foar it earst yn 1823 opmurken troch de Dútske astronoom Heinrich Wilhelm Matthias Olbers, dy't him ôffrege hoe't dat koe.
Tsjintwurdich is it rûnom akseptearre antwurd op dy fraach mank astronomen dat, hoewol't it hielal ûneinige grut is, it net ûneinige âld is. Men hâldt it derop dat it hielal likernôch 13,8 miljard jier lyn ûntstien is by de saneamde oerknal. Dat betsjut dat fan 'e Ierde ôf allinnich objekten sjoen wurde kinne dy't har sa fier ôf (of tichterby) befine as ljocht yn 13,8 miljard jier ôflizze kin. Ljocht fan stjerren dy't fierder fuort steane hat de Ierde noch net berikt, en kin dêrom net bydrage oan it opljochtsjen fan 'e romte sa't dy fan 'e Ierde ôf besjoen wurdt. Dêr komt noch by dat, om't it hielal oanhâldend úttinet, in soad stjerren har fierder by de Ierde wei bewege. Troch dy beweging wurdt de weachlingte fan har ljocht (troch it Dopplereffekt) langer, sadat der readferskowing optreedt. Dat is in natuerkundich ferskynsel wêrby't wyt ljocht read wurdt en úteinlik sels ûnsichtber foar it minsklik each (want ynfraread). Troch dy beide fenomenen is der net genôch stjerreljocht om 'e romte in oare kleur as swart te jaan.
Swart gat
In swart gat is in gebiet fan it tiidromtekontinuum dêr't de swiertekrêft sa sterk is dat alles, ljocht ynbegrepen, fêstholden wurdt. Dat betsjut dat in swart gat net sjoen wurde kin, om't gesichtsfermogen ferlet hat fan ljocht dat wjerkeatst wurdt. It bestean fan swarte gatten kin sadwaande inkeld fêststeld wurde oan 'e hân fan it hâlden en dragen fan himellichems dy't der deunby steane. Neffens de algemiene relativiteitsteory sil in foldwaande kompakte massa it tiidromtekontinuum sa ferfoarmje dat der in swart gat ûntstiet. Nei it ûntstean fan in swart gat groeit dat troch it opnimmen fan massa (d.w.s. himellichems) út syn om-en-by. Sa ûntstiet úteinlik in saneamd supermassyf swart gat dat de massa fan miljoenen stjerren hawwe kin. Under astronomen bestiet in konsensus dat supermassive swarte gatten har yn it sintrum fan molkewegen befine, wat de spiraalfoarm fan molkewegen om in sintraal punt hinne ferklearje soe.
Rou
Swart is sûnt de Romeinske Tiid yn 'e Westerske wrâld de kleur fan rou, en wurdt dêrom ek in soad assosjearre mei de dea en mei drôvens. Widdowen en widners klaaiden har foarhinne in soad yn it swart, yn saneamde rouklean. Dy waarden ek droegen troch it roufolk op begraffenissen. Hoewol't dat yn it gefal fan persoanen fan kwizekwânsje noch wol dien wurdt, is dy gewoante yn Fryslân oer it algemien alhiel yn ûnbrûk rekke. Yn oare lannen, lykas de Feriene Steaten, wurdt it noch wol in soad dien. Yn guon tradisjonele maatskippijen, lykas op it plattelân fan Itaalje en Grikelân, komt it noch foar dat widdowen nei it ferstjerren fan harren man de rest fan harren libben swart drage. Yn grutte dielen fan Aazje, wêrûnder Sina, Koreä en Fjetnam, en ek yn parten fan Afrika, is de roukleur net swart, mar wyt.
Klean en moade
Behalven as symboal fan rou wurde swarte klean ek in protte droegen as teken fan earnst, gesach en weardichheid. Om dy reden waard swart fan 'e Midsiuwen ôf bgl. in soad droegen troch keningen en oare hearskers. It is yn 'e measte lannen ek de kleur fan 'e amtskladen fan rjochters en soms ek fan abbekaten. Swarte kladen wurde ek in protte droegen troch preesters (bgl. dy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse Tsjerken) en troch mûntsen en nonnen (bgl. dy fan 'e Benediktynske Oarder). Yn 'e njoggentjinde iuw wie it de kleur fan 'e klean dy't troch Ingelske dichters út 'e Romantyk droegen waarden. As symboal fan rykdom waard swart letter ek de kleur fan 'e klean fan sakelju.
Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech swart him fierders ta in trendkleur dy't yn 'e juste omstannichheden as tige modieus beskôge wurdt. De smoking, in deftich pak foar manlju, ûntstie neffens it ferhaal yn 1865, doe't Edwert VII, de doetiidske Britske kroanprins, syn rokkostúm ôftanke en syn skroar in spesjaal smoking jacket meitsje liet, dêr't er him jûns mei weromlûke koe yn syn smookkeamer om sigaren te smoken.
Op it mêd fan frouljusmoade waard swart in wichtige kleur troch it ûntwerpen, yn 1926, fan it lytse swarte jurkje troch Coco Chanel. Letter waard swart ek de kleur fan 'e meast sjike soarten linzjery. Swart waard sà synonym mei de haute couture, dat yn it Ingelsk it sprekwurd ynboargere rekke "folje-mar-yn is it nije swart". Dat wol sizze dat itjinge dêr't men it oer hat, no beskôge wurdt as in ûnmisber ûnderdiel fan jins garderôbe. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw waard swart boppedat de kleur fan 'e goth-subkultuer, wêrfan't de oanhingers har yn klean stekke dy't basearre binne op rouklean út it Fiktoriaanske Tiidrek.
Funksjonaliteit
Yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw waarden in soad masines en apparten swart ferve, mei as doel om harren funksjonaliteit te ûnderstreekjen. Soks waard dien mei de iere tillefoanen en mei naaimasines, mar ek mei steamskippen, treinlokomotiven en auto's. De Amerikaanske autofabrikant Henry Ford yntrodusearre yn 1913 yn syn bedriuw, de Ford Motor Company, de rinnende bân, wat in ferachtfâldiging fan 'e arbeidsproduktiviteit tewei brocht. It wie sa'n súksesfolle ynnovaasje dat it fervjen fan 'e auto's in flessehals waard dy't de boel ophold. Allinnich swarte ferve woe fluch genôch drûgje, sadat Ford twongen waard om it ferskaat oan kleuren dat earder beskikber wie, ôf te skaffen. It late ek ta Henry Ford syn (apokrife) opmerking dat er auto's yn eltse kleur leverje koe, salang't it mar swart wie.
Striidkrêften
Yn 'e striidkrêften wie swart yn it ferline de tradisjonele kleur fan beskate kavalery-ienheden en letter fan ienheden fan pânser- en meganisearre ienheden. Sa droegen Dútske huzaren in swart militêr unifoarm, mei in swarte sjako mei dêrop in sulveren skedel, de saneamde Totenkopf. Dat symboal en de swarte unifoarmkleur waarden letter yn nazy-Dútslân oernommen troch de Dútske pânsertroepen (Panzerwaffe), mar ek troch de SS en de Gestapo.
Yn ferskate lannen drage tanksoldaten noch altyd in swarte baret. Yn Finlân is swart it symboal fan sawol de kavalery (d.w.s. tanks) as fan 'e sjeny, en fiere de ienheden fan dy legerûnderdielen swarte flaggen. Ek kommando-ienheden drage yn in protte lannen in swarte baret. Itselde is it gefal mei de spesjale OMON-plysjetroepen fan it Russysk Ministearje fan Binnenlânske Saken en mei de Russyske marine-ynfantery. Yn Kanada, Kroaasje, Portegal, Servje, Spanje en Tsjechje wurdt de swarte baret droegen troch de militêre plysje.
Polityk
Yn 'e polityk wie swart oarspronklik de kleur fan it (linkse) anargisme, dat yn 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw symbolisearre waard troch in swarte flagge of in swarte letter A. Geandewei de tweintichste iuw kaam foar it anargisme lykwols in flagge yn gebrûk dy't diagonaal yn twa swarte en reade flakken ferdield wie. It Swarte Leger wie in samling anargistyske militêre ienheden ûnder befel fan Nestor Machno, dy't yn 'e Russyske Boargeroarloch (1917-1922) noris oan 'e kant fan 'e Witen focht, en dan wer oan 'e kant fan 'e bolsjewiken (de Readen).
Swart is ek in kleur dy't assosjearre wurdt mei it (ekstreem-rjochtse) faksisme. De Swarthimden (Italjaansk: Camicie Nere), eins de Milizia Volontaria per la Sicurezza Nazionale ("Frijwillige Milysje foar Nasjonale Feilichheid"), foarmen yn it Ynterbellum in faksistyske paramilitêre beweging yn Itaalje dy't koart nei de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch oprjochte waard troch Benito Mussolini. De kleur swart wie ûntliend oan 'e unifoarmkleur fan 'e Arditi, de Italjaanske stoarmtroepen út 'e Earste Wrâldoarloch, mei't de swarthimden foar it meastepart út oarlochsfeteranen bestiene. Hja brûkten geweld en yntimidaasje tsjin al harren politike tsjinstanners, en holpen Mussolini yn 1922 oan 'e macht mei harren Mars op Rome. Yn 'e 1930-er jierren waard it swart as kleur ek oannommen troch faksistyske bewegings yn oare lannen, lykas de Britske Uny fan Faksisten (BUF) yn it Feriene Keninkryk en de NSB yn Nederlân.
Yn nazy-Dútslân wie swart, yn 'e mande mei wyt en read, ien fan 'e kleuren fan 'e flagge fan 'e regearjende NSDAP, dy't ûntliend wiene oan 'e flagge fan it Keizerryk Dútslân. Hoewol't it heakkekrús op 'e nazyflagge swart wie, spile dy kleur net in bot wichtige rol yn 'e ideology fan it nasjonaal-sosjalisme. (De partijkleur fan 'e NSDAP wie nammentlik brún.) Wol brûkten de nazys in swarte trijehoek as symboal dat in diel fan 'e finzenen yn konsintraasjekampen op 'e klean naaid waard. De dragers waarden dêrtroch oantsjut as 'a-sosjale eleminten'. Dêrta waarden rekkene: geastlik beheinden, geastlik siken, dakleazen, Roma, alkoholisten, 'wurkskou' folk, manlju dy't besocht hiene oan 'e tsjinstplicht te ûnkommen, prostituees en pasifisten. Yn 'e moderne tiid wurdt de swarte trijehoek wol brûkt as (selsoannommen) symboal foar lesbiënnes en lichaamlik beheinde aktivisten.
Swart is fierders de nasjonale kleur fan Nij-Seelân. Alle sporters dy't útkomme foar dat lân binne ornaris klaaid yn it swart, mei dêrop yn it wyt in rintfear, in oare nasjonaal symboal. It nasjonale rugbyteam fan Nij-Seelân stiet dêrom bekend as de All Blacks, mei't de leden hielendal yn it swart klaaid binne.
Religy
Yn it kristendom wurdt swart foar it meastepart assosjearre mei it kwea en de duvel. Dat komt om't swart en tsjuster op teologysk mêd frijwol as synonym beskôge wurde. It tsjuster fan it kwea en de duvel wurdt dêrby ôfset tsjin it ljocht fan it kristendom. Yn it ferlingde fan it gebrûk fan swart as roukleur wie it fan oarsprong ek de liturgyske kleur by routsjinsten; sûnt it Twadde Fatikaansk Konsylje (1962-1965) mei lykwols ek fiolet brûkt wurde. Preesters fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Eastersk-Otterdokse Tsjerken, de Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken en de Eastersk-Katolike Tsjerken drage oer it algemien swarte preesterkladen. Dat wurdt ek dien troch mûntsen fan 'e Benediktynske Oarder, dy't swart as de kleur fan nederichheid en boetedwaning beskôgje.
De Swarte Standert (السوداء راية, rāyaẗ al sawdā’) is yn 'e tradysje fan 'e islaam de histoaryske flagge dy't fierd waard troch de profeet Mohammed. Hy bestiet út in swart fjild mei dêrop yn wite Arabyske letters de sjahada, de islamityske leauwensbelidenis ("Der is gjin God útsein God en Mohammed is Syn profeet"). De Swarte Standert wurdt ek wol راية العقاب (rāyaẗ al-‘uqāb) neamd, "banier fan 'e earn", of koartwei الراية (al-rāyaẗ), "de banier". Yn 'e sjiïtyske islaam is it in eskatologysk symboal dat oan 'e Ein fan 'e Tiden de komst fan 'e machdi (yn kristlike termen: de messias) oankundiget. Yn 'e soennityske islaam is it benammen in symboal dat brûkt wurdt yn it islamisme (de politike islaam) en yn it djihadisme.
Yn it hindoeïsme wurdt Kali, de goadinne fan tiid en feroaring, ôfbylde mei in swarte of dûnkerblauwe hûdskleur, en ornaris ek mei in halskeatling fan ôfhoude hollen en hannen. Kali betsjut ek "Swarte [Goadinne]". Yn it Sineesk universalisme, de âlde godstsjinst fan Sina dy't de basis foarmet fan alle lettere Sineeske godstsjinsten (lykas it taoïsme, it konfusianisme en it boedisme), wurdt swart assosjearre mei it froulike (it yin fan it yin en yang). Swart is yn it Sineesk universalisme fierders de kleur fan 'e skylpod, fan it noarden, it elemint wetter en fan 'e winter.
Oare assosjaasjes
- Swart wurdt yn 'e Westerske wrâld ek assosjearre mei magy en hekserij. Dêrfandinne de oantsjutting swarte magy, foar tsjoenderij dy't liedt ta kwea of dy't foar negative of egoïstyske doelen brûkt wurdt.
- De swarte flagge is fan âlds in symboal dat fan in ôfstân dúdlik meitsje moat dat earne de pest hearsket (en dat men dus net tichterby komme moat).
- Swarte inket is fierwei de meast brûkte inketkleur foar it printsjen fan boeken, kranten, tydskriften en dokuminten. Reden dêrfoar is dat swarte inket op wyt papier it heechste kontrast jout en dêrom it maklikst te lêzen is. Krektsa is swarte tekst op in wite ûndergrûn it meast brûkte format yn tekstferwurkingsprogramma's.
- Swarte Freed is de oantsjutting foar de freed nei Thanksgiving Day (de fjirde tongersdei yn novimber) as yn 'e Feriene Steaten eltsenien in begjin meitsje wol mei de ynkeap fan krystkado's. Winkels spylje dêrop yn troch langer iepen te wêzen en in protte koarting oan te bieden. Soks liedt soms ta wylde tafrielen, wêrby't lju ûnder de foet rûn wurde of klanten ûnderling slaanderij krije. It ferskynsel fan Swarte Freed is út 'e Feriene Steaten oerwaaid nei oare dielen fan 'e wrâld.
- Swarte Freed is ek de beneaming foar ferskate dagen mei rampsillige foarfallen. De earste Swarte Freed wie op 24 septimber 1869, doe't de finansjele merken yn 'e Feriene Steaten ynstoarten. De lêste wie op 26 juny 2015, doe't islamistyske terroristen oanslaggen diene yn Frankryk, Koeweit, Syrje, Somaalje en Tuneezje.
- Swarte Tongersdei wie 29 oktober 1929, doe't yn 'e Feriene Steaten de finansjele merken ynstoarten; it wie it begjin fan 'e Beurskrach fan 1929 en dêrmei fan 'e Grutte Depresje, dy't de hiele wrâld in desennium lang yn 'e krisis stoarte soe.
- De swarte merk is in beneaming foar alle hannel yn guod dat yllegaal is of dêr't gjin belesting oer betelle is of wurdt. Persoanen dy't har dêroan skuldich meitsje, binne swarthannelers.
- Immen 'swart betelje', of mei 'swart jild' betelje, wol sizze dat de betelling net by de fiskus opjûn wurdt, sadat der gjin ynkomstebelesting oer betelle wurdt.
- Swarte operaasjes of black ops binne militêre operaasjes dy't yn it djipste geheim útfierd wurde troch in oerheidsynstânsje of troch in militêre ienheid.
- Swarten binne leden fan it negroïde ras, d.w.s. minsken mei in brune hûdskleur. Sokke lju komme (fan oarsprong) út Afrika, Austraalje (de Australyske Aboriginals), Papoea Nij-Guineä (de Papoea's) en Melaneezje. Foarhinne wie it wenst om sokke lju 'negers' te neamen, fan it Spaanske wurd negro, dat ek "swart" betsjut. Dy oantsjutting is lykwols yn ûnbrûk rekke.
- Melanisme (fan it Grykske μελανής, melanis, dat "swart" betsjut) is in ôfwiking feroarsake troch in ressessyf gen, dy't resultearret yn in oerskot oan melanine yn 'e hûd. It gefolch is in swarte hûdskleur of pels, lykas by swarte panters.
- in Amerikaanske swarte bear
- drop
- in T-Ford út 1920
- in swarte jurk
- in swarte widdo
- houtskoal
Swarttinten
Eins is swart in kleur dy't gjin tinten hat, mar yn 'e regel wurde der dochs tinten ta rekkene dy't eins de alderdûnkerste tinten fan oare kleuren binne. De wichtichste fan dy tinten binne: antrasyt, baarnd omber, bistre, café noir, dropswart, dûnkerpears, ebbehout, eigengrau, gitswart, houtskoal, midsnachtblau, midsnachtgrien, oliifswart, onyks, Oxfordblau, reekswart, rezynswart, Russysk fiolet, swarte beane, taupe en Van Dyckbrún.
Kleurnûanses
fan swart nei wyt: | |||||||||||||||
000000 | 111111 | 222222 | 333333 | 444444 | 555555 | 666666 | 777777 | 888888 | 999999 | AAAAAA | BBBBBB | CCCCCC | DDDDDD | EEEEEE | FFFFFF |
fan swart nei blau: | |||||||||||||||
000000 | 000011 | 000022 | 000033 | 000044 | 000055 | 000066 | 000077 | 000088 | 000099 | 0000AA | 0000BB | 0000CC | 0000DD | 0000EE | 0000FF |
fan swart nei giel: | |||||||||||||||
000000 | 111100 | 222200 | 333300 | 444400 | 555500 | 666600 | 777700 | 888800 | 999900 | AAAA00 | BBBB00 | CCCC00 | DDDD00 | EEEE00 | FFFF00 |
fan swart nei grien: | |||||||||||||||
000000 | 001100 | 002200 | 003300 | 004400 | 005500 | 006600 | 007700 | 008800 | 009900 | 00AA00 | 00BB00 | 00CC00 | 00DD00 | 00EE00 | 00FF00 |
fan swart nei read: | |||||||||||||||
000000 | 110000 | 220000 | 330000 | 440000 | 550000 | 660000 | 770000 | 880000 | 990000 | AA0000 | BB0000 | CC0000 | DD0000 | EE0000 | FF0000 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|