Sven Kramer | ||
![]() | ||
![]() | ||
Kramer by it WK Oer-alles 2007 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 23 april 1986 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
lingte | 1,87 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
trener | Gerard Kemkers | |
earste titel | NK oer-alles, 2005 | |
O.S. | Turyn 2006 - Fankoever 2010 - Sotsjy 2014 - Pyeongchang 2018 | |
debút | 2004 |
Sven Kramer (Aldskoat, 23 april 1986) is in Fryske reedrider út Aldskoat. Hy is in soan fan âld maraton- en reedrider Yep Kramer.
Karriêre
![](../I/Sven_Kramer_(2009-01-11).jpg.webp)
Yn 2004 wûn Kramer, noch mar 18 jier, en dêrmei junior, ûnferwachts it Nederlânsk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf. Dêrmei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip, dêr't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris, waard hy yn Moskou tredde op syn earste wrâldkampioenskip oer-alles.
Op 19 novimber 2005, ûnder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn, ferbettere Kramer by in Wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wrâldrekord op de 5.000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike âld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide ûnder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de lêste bocht ûnder syn tsjinstanner troch en sette in nije wrâldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard er efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.
In seizoen letter kaam Kramer hielendal los. Hy wûn trije ôfstânen op it NK Oer-alles. Twa moanne letter wint Kramer yn Kollalbo it JK Oer-alles. Mei twa nije wrâldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, waard er mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wiken letter liet Kramer yn Thialf op It Hearrenfean opnij sjen de bêste te wêzen. Hy wûn de 5.000 en de 10.000 meter, waard op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. Dêrmei waard Kramer Wrâldkampioen Oer-alles.
Priveelibben
Kramer hat sûnt begjin 2008 in relaasje mei hokkyspylster Naomi van As. Op 21 oktober 2018 kaam harren earste bern te wrâld, in sûne dochter mei de namme Kae Robin Kramer.
Grutste súksessen
Nederlânsk kampioen Oer-alles
Jier | Datum | Plak |
---|---|---|
2004 | 19 desimber | Thialf, It Hearrenfean |
2007 | 30 desimber | Kardinge, Grins |
Jeropeesk kampioen Oer-alles
Jier | Datum | Plak |
---|---|---|
2009 | 11 jannewaris | Thialf, It Hearrenfean |
2010 | 10 jannewaris | Vikingskipet, Hamar |
2012 | 8 jannewaris | Városligeti Müjégpálya, Boedapest |
2013 | 13 jannewaris | Thialf, It Hearrenfean |
2015 | 11 jannewaris | Oeralskaja Molnija, Tsjeljabinsk |
2016 | 10 jannewaris | Minsk Arena, Minsk |
2017 | 8 jannewaris | Thialf, It Hearrenfean |
2019 | 13 jannewaris | Arena Ritten, Collalbo |
Wrâldkampioen Oer-alles
Jier | Datum | Plak |
---|---|---|
2007 | 11 febrewaris | Thialf, It Hearrenfean |
2012 | 19 febrewaris | Krylatskoje, Moskou |
2013 | 17 febrewaris | Vikingskipet, Hamar |
2015 | 8 maart | Olympic Oval, Calgary |
2016 | 17 febrewaris | Sportforum Hohenschönhausen, Berlyn |
2017 | 5 maart | Vikingskipet, Hamar |
Olympyske Spullen
Jier | Datum | Ofstân | Medalje | Plak |
---|---|---|---|---|
2006 | 11 febrewaris | 5 km | Sulver ![]() |
Turyn |
2010 | 13 febrewaris | 5 km | goud ![]() |
Vancouver |
2014 | 8 febrewaris | 5 km | goud ![]() |
Sotsji |
2018 | 11 febrewaris | 5 km | goud ![]() |
Pyeongchang |
- 2005
- 19 novimber 2005 - Wrâldtoptiid op de 5.000 m.
Persoanlike rekords
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 36,17 | 27-12-2009 | It Hearrenfean |
1.000 meter | 1.09,77 | 28-02-2015 | Calgary |
1.500 meter | 1.43,54 | 11-12-2009 | Salt Lake City |
3.000 meter | 3.35,93 | 19-12-2020 | It Hearrenfean |
5.000 meter | 6.03,32 | 17-11-2007 | Calgary |
10.000 meter | 12.38,89 | 11-02-2017 | Gangneung |
efterfolging | 3.34,68 | 15-02-2020 | Salt Lake City |
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sven Kramer fan Wikimedia Commons. |