Sutton Hoo, ien fan de grêfhichten
Alternative oanjoch
Model fan it skipsgrêf.

Sutton Hoo by Woodbridge yn Suffolk, Ingelân, is it plak dêr't twa Angel-Saksyske begraafplakken út de 6e iuw en iere 7e iuw bleatlein binne yn 1939. Op ien dêrfan waard in noch net fersteurd skipsgrêf fûn mei in soad artefakten dy't fan grut keunsthystoarysk en archeologysk belang west hawwe.

De grêven binne dy fan de Angelsaksyske elite út dy tiid. De fynsten litte lânseigen, ierske, skandinavyske en merovinske ynfloeden sjen. De hearsker dy't yn it 27 m lange skip (langskip) begroeven is soe, neffens guon ûndersikers, kening Raedwald fan East Anglia(616-627) wêze kinne; bewiisd kin it net wurde op dit stuit. Readwald hat in wichtige rol spile yn it ûnder kristlike hearskippij bringen fan Ingelân. (Histoaryske boarne: Bedas Historia ecclesiastica gentis Anglorum.)

In grut part fan it grêffjild is net fersteurd oant no ta (2009), mar wurdt bewarre foar archeologen yn de takomst, dy't dan brûkme meitsje kinne fan de modernste wittenskiplike metoades.[1]

Winaam

Rupert Bruce-Mitford, ien fan de archeologen dy't foar it Britsk Museum ûndersyk die oan de fynsten, hat doetiids wol tocht dat de Grutte fibula fan Winaam troch deselde edelsmid makke west hawwe kind, as guon fan de sieraden út Sutton Hoo. Letter miende er dat dy fan Winaam jonger wie, mar dat it in learling fan de smid fan Sutton Hoo west wêze koe of dat it in let wurk fan de earste west hat.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Photographs of some of the excavations.
  2. Besteman, J. C., Bos,J. M., Heidinga, H. A., Graven naar Friese koningen. Side 35, 36.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sutton Hoo fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.