Sutfen
Zutphen

Stedh☼s fan Sutfen
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
boargemasterWimar Jaeger (D666)
sifers en geografy
haadplakSutfen
grutste plakSutfen
ynwennertal48.754 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens1185 /km²
oerflak42,93 km²
● wêrfan lân40,95 km²
● wêrfan wetter1,98 km²
tal stêden1
tal doarpen2
ferkearsierenN314, N319, N345, N346, N348, N826
Steatsline A, Steatsline D
skiednis
oprjochte2005
foar 2005 Sutfen
Warnsveld
oar
netnûmer0575
postkoade7200-7207, 7230-7232
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.zutphen.nl
Dizze side giet oer de gemeente Sutfen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sutfen (betsjuttingsside).

Sutfen (Nederlânsk en offisjeel: Zutphen) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De haadstêd is de stêd Sutfen. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 48.754 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 42,93 km².

Mei yngong fan 1 jannewaris 2005 fusearre de gemeente Warnsveld mei de gemeente Sutfen. Sût 2001 foarmet Sutfen mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem en Voorst en de Oeriselske geme ente Dimter it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.

Geografy

Gemeentekaart fan Sutfen

De gemeente leit yn it noardeasten fan de provinsje Gelderlân en is part fan it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke dêr't sân Gelderske en ien Oeriselske gemeente yn meiwurkje, neamd nei de trije stêden Apeldoarn, Dimter en Sutfen. De gemeente grinzget oan de gemeenten Lochem, Bronckhorst, Brummen en Voorst.

Yndieling

De gemeente Sutfen hat de yndieling fan de stêd yn wiken feroare troch wijen gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk Noordveen ûntstien wêrûnder de gânse noardlike stêd dêr't ûnder oaren it Deventerwegkwartier en Voorsteralleekwartier falle. Tusken it sintrum en it dorp De Hoven streamt de rivier de Isel;

Hjoeddeistige wykyndieling
  • Sintrum
  • Noordveen
  • De Hoven
  • Waterkwartier
  • Zuidwijken
  • Leesten
  • Noorderhaven
Doarpskearnen
  • Warnsveld, eardere selsstannige gemeente, sûnt 1 jannewaris 2005 part fan de gemeente Sutfen, likernôch 9.000 ynwenners.
Buorskippen
  • De Hoven, doarp oan de westkant fan de Isel
  • Bronsbergen, buorskip súdlik fan Sutfen op in rivierdunekompleks oan de Isel
  • Warken, buorskip eastlik fan it doarp Warnsveld

Keppeling om utens

Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.