Sutfen Zutphen Zutfent | ||
Sint Walburgistsjerke mei stedsmuorre | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
gemeente | Sutfen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 39.705 (1 jannewaris 2021). | |
Oar | ||
Stifting | 1190 | |
Postkoade | 7200 – 7207 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 8' NB, 6° 12' EL | |
Offisjele webside | ||
www.zutphen.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Sutfen |
- Dizze side giet oer de stêd yn Gelderlân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sutfen (betsjuttingsside).
Sutfen (Nederlânsk: Zutphen, Nedersaksysk: Zutfent) is in stêd yn de gemeente Sutfen yn de provinsje Gelderlân oan de rivier de Isel. De gemeente hat 48.754 ynwenners (1 jannewaris 2024) en in oerflak fan 42,26 km², wêrfan 1,79 km² wetter. De stêd sels hie yn 2021 39.705 ynwenners
De skiednis fan Sutfen bestrykt mear as 1700 jier. Yn dy tiid is it útgroeid fan de Germaanske delsetting nei in middelgrutte stêd. De stêd krige stedsrjochten yn de 12e iuw en waard lid fan de Hânze. It Wapen fan Sutfen draacht noch altiten de symboalen fan in Hânzestêd.
Yn 2005 is de eardere oanswettende gemeente Warnsveld fúzearre mei Sutfen.
Skiednis
Sutfen ûntstie yn de Romeinske tiid as Germaanske delsetting op in rivierdunenkompleks. It plak is al mear as 1700 jier kontinu bewenne en is ien fan de âldste stêden fan Nederlân. De namme Sutfen is ûntstien út Zuid-venne, in rivierdunekompleks tusken sridzige greiden. De delsetting bleau yn de iere Midsiuwen op it hjoeddeiske 's-Gravenhof bestean, dat yn tsjinstelling ta in soad oare wenplakken yn de Folksferhuzingstiid. Nei de ynkorporaasje fan de Iselstreek by it Frankyske ryk om 800 waard Sutfen in greeflik bestjoerlik sintrum.
Yn de lette 9e iuw waard Sutfen ferwoaste troch wytsingoanfallen, wêrnei’t oan de ein fan dy iuw in rûne ringwâl makke waard mei trije grêften der omhinne: in 20 meter brede U-foarmige grêft, in spitse smelle grêft derbûten en op 11 meter hjirbûten in tredde V-foarmige grêft, dy lêste wie 5 meter breed en 2 meter djip. Derin fan de merken Groenmarkt, Houtmarkt en Zaadmarkt binnen noch in diel fan dy eardere ringwâl en grêft. Yn de midden fan de 11e iuw Waard Sutfen in skoft in foarstlike residinsje en waard der in palts boud mei in grutte kapitteltsjerke, de hjoeddeiske Sint Walburgistsjerke. Sûnt 1046 wie de biskop fan Utert lânheare fan it Sutfenske greefskip en de burch. Yn de rin fan de lette 11e iuw en de iere 12e iuw wisten de greven fan Sutfen hieltiten mear macht nei har ta te lûken. Under de Gelderske greven waard de greeflike stêd (sûnt 1138 troch houlik yn Gelderske hannen komd) hurd grutter en ekonomysk wichtiger.
Greve Hindrik I fan Gelre en Sutfen (1138-1181) liet om in nije delsetting fan hannelers en ambachtslju bûten de ringwâlburch in nije wâl oanlizze. De wâl hie twa dowestiennen poarten en sân of acht tuorren fan deselde út Dútslân oanfierde stiensoarte. Dat joech de stêd de alluere fan de biskoplike stêden Dimter en Utert. Yn dit stedsgebiet fêstige de greve in eigen hof dat yn 1293 skonken waard oan de Dominikanen.
De lokaasje lei goed op de kaart by de keaplju, en Sutfen groeide hurd en waard ien fan de Hânzestêden. Tusken 1191 en 1196 krige Sutfen stedsrjochten tawiisd troch greve Otto fan Gelre (1181-1207). In soad Gelderske stêden (wêrûnder Arnhim, Doesburg, Doetinchem, Harderwyk, Lochem en Hattem, mar net Nymwegen, Zevenaar en Huissen) ûntlienden harren letter ferliende stedsrjochten oan dy fan Sutfen. De stêd waard ommuorre yn de 13e iuw en útwreide mei de yn de 13e iuw troch de greve stiften Nijstêd. Yn 1284 wie der yn Sutfen in grutte stedsbrân. Sutfens “Gouden iuw” wie de 14e iuw. Sutfen waard de haadstêd fan it Greefskip Sutfen. De stêd die ûnder mear mei oan de Eastseehannel.
By de pestepidemy yn 1349 waarden alle joadske ynwenners fan Sutfen, en ek dy fan de oare stêden oan de Isel fermoarde. Men miende dat de joaden efter de epidemy sieten; sy soenen it wetter fergiftige hawwe. De werklike oarsaak dat der ûnder de joaden minder slachtoffers foelen wie dat se strange, troch harren leauwe foarskreaune hygiënyske regels hantearren, sa as it geregeld hanwaskjen.
Sutfen hat yn inkele hûnderten jierren it steedlike muntrjocht hân. Mar aktyf muntsjen is der mar yn fjouwer perioades: 1478-1480, 1582-1583, 1604-1605 en 1687-1692. Yn eardere perioades is ek troch Sutfenske greven munte (Otto I de Rike, sa. 1070-1090 en Hindrik I, sa. 1150-1181, en Otto I (1181-1207), en letter troch de hartoggen fan Gelre (1499) en de provinsje 1582-1583)).
De 16e iuw brocht minne tiden foar Sutfen troch de opkomst fan oare stêden en de Tachtichjierrige Oarloch mei de Spanjerts. Nei de roerige Gelderske Oarloggen yn de earste desennia fan de 16e iuw waarden de festingwurken fan Sutfen modernisearre, mar dat mocht net bate. Op 10 juny 1572 waard de stêd ynnomd troch in sweager fan Willem fan Oranje, greve Willem fan den Berg. Hy ferdreau de Spanjerts, dy’t lykwols op 17 novimber 1572 de stêd ûnder Don Frederik, de soan fan de hartoch fan Alva, weromferoveren en hûnderten ynwenners eksekutearren, de 'Moarderij fan Sutfen'.
Der folgen jierren fan wikseljende besetting en belegeringen. It grutste diel fan de befolking gie fuort of waard fermoarde. Yn 1591 waard de stêd opnij ferôvere troch Maurits fan Nassau, by it Belis fan Sutfen. Dêrnei wie Sutfen lange tiid festingstêd en garnisoensstêd. Yn 1672 (Rampjier) waard Sutfen ferovere troch it Frânske leger. De Walburgistsjerke waard fannijs ynrjochte foar de katolike earetsjinst, mar waard nei it ôftsjen fan de Frânsken weromjûn oan de protestanten.
Koart nei 1700 waard de festing Sutfen útwreide nei ûntwerp fan Menno fan Coehoorn en oan de ein fan de 18e iuw útwreide mei de lynjes fan Wambuis en Hoorn. Der kaam in nije gurdle fan lunetten en hoarnwurken dy’t it fijanlik geskut noch fierder fan de stâd hâlde moasten. Sutfen wie hûnderten jierren lang ynklamme yn har festingwurken. De befolking groeide stadichoan fan 7500 ynwenners yn 1795 nei mear as 15.000 yn 1860 op mar 40 hektare grûn binnen de muorren. De romtegroei begûn pas wer doe’t yn 1874 de festing Sutfen opheft waard, en de muorren om de stêd weihelle wurde koenen. Inkele dielen fan de festingwurken binne noch sichtber, lykas it Boergonjebolwurk ian de Iselkaai, ek bekend as 'de Bult fan Ketjen'.
Tsjintwurdich binne yn it sintrum fan Sutfen noch in soad spoaren út dy tiid te finen, lykas de ommuorring: de Drogenapstoer út 1444, de Boergonjetoer út 1457 de Krûdtoer fan begjin 14e iuw, de Spaanske Poarte (in barbacane-foarpoarte fan de âlde Nijstêdspoarte út 1537) en ferskate wâltuorren oan de Bornhovestrjitte en Armenhage (13e iuw). Dêrneist binne der ek noch grutte stikken stedsmuorre te finen, wêrûnder in stik by de Drogenapstoer, en in stik by de Berkelpoarte út it begjin fan de 14eiuw mei resten fan twa wâltuorren. De midsiuwske binnenstêd fan Sutfen herberget efter de faak jongere gevels in soad bakstienen huzen út de lette Midsiuwen. Meardere tsientallen datearje sels oant en mei de kapkonstruksje fan foar 1400. Der binne trije midsiuwske tsjerken en resten fan ferskate kleasters en hospitalen.
Yn 1927 waard it Wynhûsfûns oprjochte, dat sûnttiid mear as 80 pannen opkocht hat en restaurearre. Restaurearre pannen wurde ferhierd; de opbringst wurdt wer brûkt om oare gebouwen te restaurearjen.
Geografy
Topografy
Sutfen leit yn it noarden fan de provinsje Gelderlân. De stêd leit oan de rivier de Isel oan de mûning fan de Berkel. Yn guon gefallen wurdt Sutfen ta de streek de Achterhoek rekkene, dit is lykwols lang net altyd sa.
Omlizzende plakken binne Apeldoorn, Arnhim, Doesburg, Doetinchem en Dimter.
Bysûndere bouwurken en pleinen
Troch it grutte oantal histoaryske gebouwen mei in toer wurdt Sutfen ek wol oantsjutten as “Toerstêd. De titel Toerstêd wurdt faak brûkt yn reklame uteringen om toeristen te lûken. Omdat der yn it sintrum net folle heechbou stiet binne de histoaryske toerspitsen fan ûndersteande gebouwen goed sichtber en foarmje sa de skyline fan Sutfen.
Religieuze arsjitektuer
De Walburgistsjerke waard stifte en boud as Romaanse kapitteltsjerke omtrint 1050, ferboud yn romano-goatyske Keulse styl yn 1200-1270, dêrnei fergrutte yn de 14e, 15e en iere 16e iuw ta in grutte hallentsjerke, in foarbyld fan rike Nederrynske goatyk. Yn de toer hingje seis klokken dy’t noch altyd mei de hân lieden wurde, op sneontejûn fanôf 18.00 oere en foar de tsjerketsjinsten. Yn de fiering hinget it Angelusklokje, dat alle dagen te hearren is.
By de tsjerke heart sûnt 1561 de Librije, in bibleteek mei 750 âlde folianten dy’t fêstketene binnen op iuwenâlde lektrinen, lesseners, om diefstal te foarkommen. Neist de Librije binne der noch mat twa oare 'kettingbibleteken' bewarre bleaun, yn it Italjaanske Cesena en it Ingelske Hereford. De Librije is stichte as in ‘iepenbiere’ bibleteek foar begoedige Sutfeners, en tsjintwurdich in wichtige kolleksje fan benammen 15e-17e-iuwske boeken.
De Broederentsjerke is in grutte ier-14e-iuwske kleastertsjerke fan de Dominikaner oarder (predikhearen). De Broederentsjerke is tsjintwurdich yn gebrûk as Iepenbiere Bibleteek, en is yn resinte jierren útwreide restaurearre. Op de tsjerke stiet in dakrutertuorke út 1771, wêryn it poartersklikje hinget dat noch altiten liedt tusken 21.50 en 22.00 oere wêrnei’t (oant 1853) de poarten fan de stêd sluten waarden. Ek liedt de klok alle dagen inen minút om 18.00 oer ta betinking fan de fallenen yn de Twadde Wrâldoarloch.
De Nijstêdstsjerke húsmannet no de katolike Sint Johannes de Doper, yn de Midsiuwen bekend as Us Leaffrou op de Nijstêd. Stifte as parochystjerke omstreeks 1250 fan de nije stêdsstifing. De âldste kearn (middenskip) mei ûnderste diel fan de toer datearret út de lette 13e iuw. Utwreidingen barden tusken 1439 en 1442 (ferheging en nuddelspits toer), 1455-1459 (koar) en 1480 en 1530 (ferbouwing ta halletsjerke mei noarder- en súdersudskip). It is de ienige tsjerke mei fjouwer orizjinele midsiuwske liedklokken.
Sivile arsjitektuer
De Drogenapstoer is boud yn 1444-1446 as stedspoarte (Saltpoort = sâltpoarte) en waard yn 1465 wer tichtmitsele; sûnttiid stiet hy bekend as toer ynstee fan as poarte. Stedsmuzikant Tonis Drogenap wenne der om 1555 en joech de toer syn hjoeddeiske namme. Fan 1888 oant 1927 wie de Drogenapstoer yn gebrûk as wettertoer.
De Wynhûstoer is de toer fan it Wynhûs (waach, herberch, stedswacht en wynhûs), fasearre boud tusken 1618 en 1642 troch stedsboumaster Emond Hellenraet ûnder ynfloed fan Hendrick de Keyser. Yn 1644 makken de bruorren Pieter en François Hemony, waans atelier doe yn Sutfen stie, foar dizze toer it earste suver stimde karriljon yn de wrâld. De Stichting "Freonen fan it Kariljon" organisearret yn de simmermoannen in rige fan konserten.
De Boergonjetoer is in geskutstoer út 1457 mei muorren fan hast fjouwer meter dik, boud yn de Geldersk-Boergonjeske oarloch. Dûmny Johannes Florentius Martinet skreau om 1770 hinne yn it út 1741 datearjende teekoepeltsje syn wrâldferneamde Katechismus der Natuur.
De Berkelpoarte is ûnderdiel fan de stedsmuorre, oan de eastlike kant fan de midsiuwske stêd. Poarte oer it rivierke de Berkel. De wetterpoarte ferbynt de âlde stêd en de Nijstêd en is boud om1320. It waard yn de Midsiuwen 'Bovenberg' nemd. De westlike tsjinhinger waard yn 1772 sloopt.
Fierders it besjen wurdich
- Oan de Groenmarkt, Houtmarkt en de Zaadmarkt stiet in oantal steatlike huzen. Hjir wennen yn de 18e en 19e iuw begoedige boargers en keaplju.
- Yn de uterwaarden fan de Isel stiet de ienige Amerikaanske wynmotor fan de provinsje Gelderlân.
Musea
Sutfen hat in oanta musea, wêrûnder:
- it Grafysk Museum Sutfen, mei in komplete drukkerij fan om de foarrige iuwikseling ynklusyf in hânboekbinerij te finen is.
- it Museum Henriette Polak, in museum foar Nederlânske figurative keunst út de tweintichste iuw, ferneamd nei Henriëtte Polak-Schwarz
- it Steedlik Museum Sutfen, in kultuerhistoarysk museum dat de skiednis fan de stêd Sutfen en omjouwing yn byld bringt.
Eveneminten
- Yn maaie is alle jierren de Maaiemerk
- Elke simmer wurde op fjouwers woansdeis efter elkoar de Simmerfeesten hâlden, mei muzykpoadia (rock, dance ensfh.) troch it hiele sintrum. Op de tredde dei fan de Simmerfeesten is der tradisjoneel amateurhurdfytsen op in parkoers troch it sintrum.
- Yn augustus is de jierlikse Keunstmerk.
- Begjin septimber komme dweilorkesten nei de Sutfenske Dweildei, om op meardere plakken yn it sintrum te spyljen.
- Op de tredde snein fan septimber is it Sukelarjefestival. Dan is der fan alles te sjen oer Sûkelarje, lykas bonbonmeitsje, siede mei sûkelarje, skilderje en byldhouwe mei sûkelarje. Der wurdt sels sûkelarjebier broud en by de horeka binne ferskillende gerjochten te krijen dy’t tamakke binne mei sûkelarje. Dit alles wurdt omliste mei myzyk en optredens fan artysten.
- Der is yn oktober in jierlikse nasjonale bokbierdei. De merk fan Sutfen is dan ien grut kafee mei alderlei soarten bokbier. Tsjintwurdich hat ek de Hânze-stêdsbrouwerij fan Sutfen syn eigen bokbier.
Sport
Op 31 augustus 2009 is de twadde etappe fan de Omgong fan Spanje yn Sutfen fan start gien.
Ien fan de lokale sportferienings is tafeltennisklup TTV Torenstad, dat yn 1984 lânskampioen waard en meardere kearen de nasjonale beker wûn.
Antroposofyske stêd
Sûnt de komst fan in antroposofyske hûsarts yn 1953 is de stêd mear en mear in sintrum fan de atroposyske beweging yn East-Nederlân wurden. Sa’n 10 -tot 15 % fan de ynwenners is antroposoof of fielt him ta de antroposofyske beweging oanlutsen. Sutfen hat him ûntwikkele ta in Steiner-stêd mei trije legere skoallen, twa middelbere skoallen en in beropsplieding op antroposofyske basis (frije skoallen). Fierders binne der antroposofyske winkels, tehuzen en in grut oantal alternative genêzers fêstige. Sutfen hat in antroposofyske wenwyk mei nei bekende antroposofen neamde strjitten. Sels it stedhûs is troch in antroposofyske arsjitekt ferboud. Yn 2003 kaam boargemaster Arnold Gerritsen mei it idee om de stêd it taheaksel antroposofyske stêd te jaan as oanfolling op it âlde Sutfen justysjestêd.
Polityk en bestjoer
Rjochtspraak
Sutfen is hjoed de dei in wichtich juridysk sintrum. In rjochtbank, it opliedingsynstitút foar de rjochterklike macht (Stúdzjesintrum Rjochtspleging; SSR), regionaal opliedingssintrum en (praktyk)trainingssintrum foar de plysje, de plysje-akademy (foar resjersjeurs) en in ynternasjonaal plysje-konferinsjesintrum yn Huis 't Velde (yn Warnsveld, 2 km fan Sutfen), JPC De Sprengen (jeugdige delinkwintenten) en de Penitinsjêre Ynrjochting Ooyerhoek (mearderjierrige delinkwinten), ûnderdiel fan PI Achterhoek.
Dêrneist draacht de oanwêzichheid fan in soad ûndersteunende tsjinsten en in grut oantal abbekatekantoaren by oan de namme fan Sutfen op duit mêd.
Ferfier
Stasjon Sutfen, dêr’t 12 treinen yn it oere wei ride, is in wichtich spoarweiknooppunt. Der ride twa treinen yn it oere nei Winterswijk, Hengelo-Oldenzaal, Dimter-Swol, Apeldoorn, en fjouwer treinen yn it oere nei Arnhim-Nymwegen.
Sutfen leit sa’n tsien kilometer súdlik fan de A1, ûnder Dimter, en is in knooppunt fan provinsjale wegen: de N348 (Arnhim-Sutfen-Dimter-Ommen), N345 (Apeldoorn), N346 (Hengelo), N314 (Doetinchem), N319 (Winterswijk) en N826 (Laren).
Binnen de stêd binne in oantal stedsbuslinen, wêrfan de eksploitaasje yn hannen leit fan Syntus. Neist stedsbuslinen 80, 83 en 89 fersoargje ek lokale bussen lykas line 81 (Sutfen - Eefde - Gorssel - Dimter) en line 54 (Sutfen - Eefde - Almen - Laren) iepenbier ferfier foar benammen de noardlike dielen fan Sutfen.
Bestjoerlike yndieling
Inkelde jierren lyn hat de gemeente Sutfen de yndieling fan de wiken folslein feroare troch wiken gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk 'Noordveen' ûntstien wêrtroch’t de hiele noardlike stêd mei û.o. it Deventerwegkwartier en Voorsteralleekwartier falle soe. De grutte mearderheid fan de Sutfeners hat lykwols noch nea fan it begryp 'Noordveen' heard. Tusken it sintrum en De Hoven leit de rivier de Isel; dochs binne dy wiken ta in 'wyk' kombinearre. Warnsveld, in apart doarp, wurdt troch de gemeente no as 'wyk' rekkene.
Tradisjonele wykyndieling
- Sintrum
- Leesten
- Zuidwijken
- De Hoven
- Dventerwegkwartier
- Staatsliedenkwartier (ynklusyf Zeeheldenbuurt)
- Komponistenbuert (Helbergen)
- Warnsveldsewegkwartier
- De Mars
- Voorsteralleekwartier
Wykyndieling 2010
- Sintrum/De Hoven
- Leesten
- Noordveen
- Waterkwartier
- Súdwiken
It doarp Warnsveld hat in aparte status mei in eigen doarpsried (doarpsried Warnsveld).
Oare kearnen
- Warnsveld, sûnt 1 jannewaris 2005 ûnderdiel fan de gemeente Sutfen, plm. 9000 ynwenners
- Bronsbergen, lyts buorskip súdlik fan Sutfen op in rivierdunekompleks oan de Isel.
- Warken, eastlik fan it doarp Warnsveld; lyts buorskip
Bekende ynwenners
Berne
- Koenraad van Zutphen (11e iuw), hartoch fan Beieren
- Gerard Zerbolt van Zutphen (1367-1398), teolooch, auteur Modern Devoat
- Samuel Pitiscus (30 maart 1637), skiedskriuwer ( † 1 febrewaris 1727 yn Utert)
- B.H. Lulofs (1787), skriuwer en dichter ( † 1849, Grins)
- W.J. Thieme (9 maart 1805), boekhanneler en útjouwer, ( † 7 april 1867 te Sutfen)
- Jacob Dirk van Herwerden (1806), keunstskilder ( † 1879 te De Haach)
- Jacob Dam (8 oktober 1824), abbekaat-prokureur en politikus (û.o. wethâlder fan Sutfen, † 29 juny 1875 yn Bad Neuenahr Duitsland)
- Willem Thieme (25 july 1834), boekhanneler en útjouwer, ( † Java)
- Willem-Jan Holsboer (23 augustus 1834), oprjochter fan de Rhätische Bahn (RhB), grutste partikuliere spoarûndernimming fan Switserlân ( †1898, Davos, Switserlân)
- Theo Mann-Bouwmeester (19 april 1850), aktrise († 18 april 1939)
- Jan Brandts Buys (12 septimber 1868), Nederlânsk-Eastenryksk komponist ( † 1933)
- Margo Scharten-Antink (7 septimber 1869), skriuwster († Florâns, 1957)
- Marius Adrianus Brandts Buys jr. (29 novimber 1874), musikus en dirigint († 1944)
- Lambertus Doedes (4 july 1878), siler en medaljewinner Olympyske Spullen 1928 ( † 17 maaie 1955 te Den Haach)
- Henriëtte Polak-Schwarz (7 novimber 1893), humanistysk bestjoerder, firmant en mecenas ( † 12 april 1974 te Amsterdam)
- Joop Westerweel (25 novimber 1899), fersetsstrider ( † 11 augustus 1944 te Vught )
- C.E. Pothast-Gimberg (19 jannewaris 1900), berneboekeskriuwster ( † 15 novimber 1975, Snits)
- Jo Spier (26 juny 1900), tekener, yllustrator ( † 21 maaie 1978, Santa Fe, VS)
- Tetje Heeringa (14 maart 1905), sosjaal-geografe ( † 19 febrewaris 1995, Renkum)
- Dolph van der Scheer (18 april 1909), langebaanhurdrydster ( † 31 augustus 1966)
- Gerrit Willem Kastein (25 juni 1910), arts en fersetsheld ( † 1943, Den Haag)
- Robert van Gulik (9 augustus 1910), diplomaat en auteur ( † 24 september 1967, Den Haach)
- Jan Frederik Hartsuiker (26 augustus 1913) jurist ( † 2003, Amsterdam)
- Willem Wittkampf (13 augustus 1924),sjoernalist, ynterviewer, auteur ( † 1992 te Amsterdam)
- Herman Kip (2 febrewaris 1925), boer en keunstskilder ( † 1 jannewaris 2006 te Sutfen)
- Willy Lohmann (7 maaie 1936), striptekener
- Jan Rozeboom (1945), byldzjend keunstner ( † 6 jannewaris 1982 te Filiatra yn Grikelân)
- Marlous Fluitsma (12 desimber 1946), aktrise
- Jos Alberts (24 jannewaris 1960), (prof)hurdfytser
- Hester Macrander (10 desimber 1960), kabaretiêre
- Paul de Krom (10 febrewaris 1963), politikus, Twadde Keamerlid VVD
- Inge Diepman (19 septimber 1963), telefyzjepresintatrise by de VARA
- Hans Mirck (8 april 1970), dichter
- Mitchell van der Gaag (22 oktober 1971), eks-fuotballer, no fuotbaltrener
- Hendrik Jan Lovink (7 jannewaris 1973), muzikant en oprjochter fan Jovink en de Voederbietels
- Reinder Hendriks (26 april 1973), eks-fuotballer De Graafschap en Willem II
- Henri Schoeman (1983), judoka
- Mirte Roelvink (23 novimber 1985), fuotbalster
Unbekend
- Ludwig van Beethoven (augustus 1772), komponist. Sûnt 1836 giet it ferhaal dat hy de tredde Ludwig wêze soe, berne yn 1772, en de doopakte fan in ferstoarn broerke (* Bonn 1770) meikrigen hawwe soe, wylst syn âlden op dat stuit yn Sutfen wienen. Hjiroer skereau de hear van Marsdijk in brief nei de boargemaster fan Bonn. It ferhaal is lykwols nea bewiisd.
Wenjend yn Sutfen (west)
- Henk Kamp, politikus en eks-minister
- Harm Edens, presintator en komeedzjeskriuwer
- H.C. ten Berge, skriuwer
- Marleen de Pater-van der Meer, politika en Twadde Keamerlid
- Rico Bulthuis (1911-2009), skriuwer, poppespiler, yllustrator
- Annelies Verstand-Bogaert, politika, âld-boargemaster fan Sutfen en eks-steatssekretaris fan Emansipaasjesaken.
- Henk Koenders, fuotballer by BV De Graafschap en Go Ahead Eagles
- Mirjam Hooman-Kloppenburg, tafeltennisspylster
- Arnold Gerritsen, boargemaster Sutfen
- Kees Luesink, boargemaster Doesburg
- Annie Brouwer-Korf, politika en boargemaster
- Jan Jacob Roeters van Lennep, boargemaster
- Wim van der Meij, etser, keunstner
- Dina Braaksma, keunstneresse bekend fan stiendruk Poddestuollen (1947)
- Nina Hoekman, damkampioen
- Jan Fokkelman, literêre hebraïkus
- Juan Baptista de Tassis, Spaansk kolonel en gûverneur
Ferstoarn yn Sutfen
- Philip Sidney op 17 oktober 1586, gedichteskriuwer, Londen
- W.J. Thieme, 7 april 1867, boekhanneler en útjouwer
- Uri Nooteboom, 12 april 1945, haadredakteur De Gelderlander, skriuwer
- Paul Rodenko ,9 juni 1976, dichter, kritikus, essayist en oersetter
- Rico Bulthuis (1911-2009), skriuwer, poppespiler, yllustrator
- Jan Jacob Roeters van Lennep (1918-2008), boargemaster fan Sutfen
- Wiet Verschure (1924-2009), ûndernimmer, wethâlder fan Sutfen, dykgreve
- Herman Kip (1925-2006), boer en keunstskilder
- Ferdi Elsas (1942-2009), krimineel
Fotogalerij
- Berkelpoarte
- Rjochtbank Sutfen: entreegebou
- Boergonjetoer
- Iselkaai by jûn
- Sint Walburgstsjerke
- Rjochtbank
- Gemeentehûs
- Grafysk Museum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|