In supernova is it ferskynsel wêrby't in stjer op spektakulêre wize eksplodearet: In supernova-útbarsting is werkenber oan in protte ljocht dy't it útstrielet. De eksploazje is mânsk. De stjer ûntbaarnt mei de krêft fan hûnderten miljoenen oant mear as in miljard sinnen. Supernova's ûntsteane troch twa meganismen: hja binne de natuerlike ein fan alle mânske stjerren (supernova's typen Ib, Ic en II); twaddens kin in sinne dy't gjin nukleêre krêft mear hat him ûntwikkelje ta in supernova (type Ia).
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.