Sundance Productions | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzjestudio | |
haadkertier | Provo (Utah) | |
oprjochte | 2012 | |
oprjochter | Robert Redford en Laura Michalchyshyn | |
eigner | Robert Redford en Laura Michalchyshyn | |
offisjele webside | ||
sundance-productions.com |
Sundance Productions is in Amerikaanske tillefyzjestudio dy't yn 2012 oprjochte waard troch de ferneamde akteur, regisseur en filmprodusint Robert Redford en tillefyzjeprodusinte Laura Michalchyshyn. It bedriuw produsearret tillefyzjesearjes, dokumintêres en dokumintêresearjes.
Produksjes fan Sundance Productions binne û.m.:
- Chicagoland (foar CNN)
- Cathedrals of Culture, dat toand waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn
- The March (foar PBS)
- "All the President's Men" Revisited, in foar in Emmy Award nominearre dokumintêre oer de film All the President's Men (út 1976, oer it Watergateskandaal, mei Redford yn ien fan 'e haarollen)
- Green Porno Live! (in rige koarte films fan Isabella Rosselini oer it fuortplantingsgedrach fan bisten)
- To Russia with Love (foar ePix)
Redford is ek oprjochter en eigner fan 'e filmstudio Wildwood Enterprises.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.