Sudertsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adresRienck Bockemakaai 7
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1889
arsjitektJ.Ph. Hogendijk,Snits
offisjele webside
Side gemeente

De Sudertsjerke is in tsjerkegebou yn de binnenstêd fan de stêd Snits.

It tsjerkegebou, yn gebrûk troch de PKN Grifformearde Tsjerke, is boud yn 1889 nei ûntwerp fan arsjitekt J. Ph. Hogendijk út Snits.

De tsjerke wurdt net mear alle wiken brûkt, mar wurdt allinnich by bysûndere tsjinsten oandien. Yn de tsjerke sit wol it tsjerklik buro fan de PKN Gemeente Snits.

Yn novimber 2017 waard bekend dat de beide eardere grifformearde tsjerken fan de Snitser PKN gemeente op termyn sluten wurde.[1]

Oargel

Oargel

Yn de tsjerke stiet in oargel dat yn 1893 boud is troch J. Proper út Kampen. De firma J. Reil út Heerde restaurearre it oargel yn 1951 en wreide it tagelyk út mei in selsstannich pedaal. Lettere restauraasjes folgen yn 1979 en 2001.[2] It oargel waard op 18 july 2021 foar it lêst bespile yn in ôfskiedtsjinst en ferhuze nei demontaaazje nei de âld-katolike tsjerke fan Łódź yn Poalen.[3]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.