Sudertsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Assen | |
adres | Zuidersingel 39 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1924-1925 | |
arsjitekt | Albert Smallenbroek | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 469336 | |
offisjele webside | ||
Side City Church Assen |
De Sudertsjerke (Zuiderkerk) oan de Sudersingel is in tsjerkegebou fan de City Life Church yn de Drintske haadstêd Assen. De gemeente makke diel út fan de City Life Church Nederlân.
Skiednis
De ekspressionistyske tsjerke waard yn 1924 boud foar de grifformearde gemeente fan Assen. Arsjitekt fan it op in grûnplan fan in Gryksk krús boude ryksmonumint wie Albert Smallenbroek. De earms fan it gebou hawwe alle fjouwer in sealtek mei in topgevel, wêryn't smelle hege finsters mei glês-yn-lead ynbrocht binne. Oan de noardeastlike kant stiet by de tagong in toer, wylst der oan de efterkant fan de tsjerke in kosterswente en inkelde sealen oanboud binne.
Nei de foarming fan de protestantske gemeente Assen naam de tsjerkeried yn 2012 it beslút om de gemeente gear te foegjen mei twa oare besteande gemeenten en de Sudertsjerke ôf te stjitten. De reden dêrta wie it djoere ûnderhâld en it weromrinnen fan it ledetal fan de protestanske gemeente. Yn 2014 koe de tsjerke oerdroegen wurde oan de gemeente City Life Church, in yn 2012 yn Assen oprjochte gemeente dy't benammen jongerein oansprekt en yn koarte tiid oanwoeks ta in echte gemeente. Dêrmei koe it gebou in kristlike funksje behâlde.[1]
Kwestje Geelkerken
De tsjerke kaam yn 1926 lanlik yn it nijs doe't dêr de synoade fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân gearkaam. No hie de Amsterdamske dûmny Johannes Geelkerken al sûnt 1920 in konflikt mei de synoade. Oan de oarder yn Assen kaam de ynterpretaasje fan de ferhalen yn de Bibel. De ynterpretaasje dat de sprekkende slang tsjin Eva yn it paradys sintúchlik waar te nimmen west hat late ta in grut konflikt. Oars as de mearderheid fan de synoade woe Geelkerken dat net oan, hy tocht dat it ferhaal mear yn in oerdrachtlike sin bedoeld wie, en tegearre mei in tal meistanners waard hy útsluten fan it amt. De skorsing en letter ôfsetting út it amt soe sels ta skuorrings yn it grifformearde bolwurk liede.
Oargel
Nei twa foargongers krige de grifformearde tsjerke yn 1932 in nij twamanualich oargel fan de firma Valckx & Van Kouteren út Rotterdam. Dit yn 1962 en 1975 feroare en ferbettere ynstrumint stiet noch jimmeroan yn de tsjerke, mar wurdt troch de nije gemeente net brûkt om't se gebrûk makket fan moderne muzyk.[2]
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|