Stynsgea
Augustinustsjerke
Augustinustsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal1.205 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,44 km², wêrfan:
- lân: 7,16 km²
- wetter: 0,29 km²
Befolkingsticht.166 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 13'N 6° 09'E
Lokaasje Stynsgea (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje Stynsgea (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Offisjele webside
FB-side Doarpsbelang
Kaart
Stynsgea (Fryslân)
Stynsgea

Stynsgea is in doarp súd fan Bûtenpost oan it Knillesdjip yn de gemeente Achtkarspelen.

By Stynsgea hearre ek de buorskippen Blauferlaat (mei in haven), Reahel (in stripe mingde bebouwing by de noardkant fan it Knillesdjip en Reaskuorre (de kant fan De Harkema út).

Stynsgea hat 1.205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

It doarp wie eartiids haadplak fan de gritenij en is neamd nei de hillige Augustinus.

Eartiids stie hjir de stins Siccamastate.

Tusken 1897 en 1968 hie Stynsgea in eigen molkfabryk, dy't oer de Fabryksfeart in ferbining hie mei it Knillesdjip. By it fabryk waard ek in rige arbeiderswentes boud.

Tsjerken

De Wikipedy hat ek in side Augustinitsjerke (Stynsgea).

It âldste part fan de Augustinustsjerke is de 13e-iuwske toer, dy't oant 1895 in sealtek hie. De oan Augustinus fan Hippo wijde goatyske tsjerke waard healwei de 14e iuw nei alle gedachten troch de muontsen fan kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster) boud. By in ferbouwing yn ± 1765 is de kap twa meter ferhege. Fan de eardere fresko's yn de tsjerke binne twa skansearre foarstellings fan twa ingels en Sint-Kristoffel bewarre bleaun. De klok út 1617 is getten troch Hans Falck fan Neurenberch út Ljouwert.

De Wikipedy hat ek in side Pypketsjerke (Stynsgea).

Njonken de Augustinustsjerke wie der oant 2016 ek noch in grifformearde tsjerke, de Pypketsjerke. De Pypketsjerke lei healwei Stynsgea en Surhuzum en wie it tsjerklik sintrum fan twa grifformearde gemeenten. Mei de fúzje fan de grifformearden en herfoarmen ta ien protestantske tsjerke waard de Pypketsjerke oerstallich en ferkocht.

Doarpswapen

It boek mei in baarnend hert yn it wapen ferwiist nei Augustinus fan Hippo. De ikels en klaverbledsjes komme fan eardere aadlike famyljes (Gaickema, Jensma en Siccama), dy't hjir eartiids wennen.

Filla Wâldhof

Mienskip

Alde weinmakkerij

Doarpsblêd 'Us Blêd' ferskynt sûnt oktober 1975 hast alle moannen. Der is gjin eigen doarpshûs.

Tsjerke

Doarpsskoalle De Twa-ikker

Yn 2015 binne de iepenbiere skoalle De Maskelyn en de kristlike skoalle De Saad opgien yn in gearwurkingsskoalle. Fanâlds joegen boeren faak in namme oan harren stikken lân. Sa ferwiist de strjitnamme Skoalikker noch nei in stik lân by de earste iepenbiere skoalle fan Stynsgea. Yn 2016 is der, om't oerdrachtlik de ikkers fan twa skoallen gearfoege waarden, de namme De Twa-ikker ûntstien.

Ferienings

Befolkingsferrin

Jier1954195919641969197420152020
Ynwenners1121118811471157113412531187
Feartswâl

Strjitten

Alle strjitten yn Stynsgea.

  • De nammen Gaickema, Jensma en Siccama komme fan de aadlike famyljes dy't hjir wenne ha.

Iepenbier ferfier

Busline fan ferfierder Arriva:

Berne yn Styngea

Ferskaat

East fan it doarp stiet de tsjasker fan Stynsgea, ien fan de lêste trije boktsjaskers fan Nederlân. Noch wat fierder by Blauferlaat stiet it oarlochsmonumint fan it doarp. It bestiet út in bulte fjildstiennen, wêrfan't ien de tekst FRIJDOM WIE DE HEEGHSTE WET draacht.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Achtkarspelen
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.