Styfmem Ierde | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Stiefmoeder Aarde | |
auteur | Theun de Vries | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | roman | |
1e publikaasje | 1936, Arnhim | |
oarspr. útjwr. | Van Loghum Slaterus' Uitgevers- maatschappij N.V. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Styfmem Ierde | |
publikaasje | 1994, Ljouwert | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Jan de Jong | |
ISBN oers. | 9 07 49 18 026 |
Styfmem Ierde, yn it oarspronklike Nederlânsk: Stiefmoeder Aarde, is in roman fan 'e yn Feanwâlden berne Fryske skriuwer Theun de Vries (1907-2005). It fertelt it ferhaal fan 'e Fryske boerefamylje Wiarda, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw syn wei fine moat yn feroarjende tiden. Styfmem Ierde waard foar it earst útjûn yn 1936 en wie daliks in bestseller. De Fryske oersetting fan Jan de Jong ferskynde yn 1994.
Eftergrûn
Styfmem Ierde is in poer naturalistyske roman: it boadskip fan it ferhaal is dat de libbensrin fan ûnderskate minsken folslein bepaald wurdt troch komôf en maatskiplik fermidden. De Vries fersêftet sok fatalistysk gedachteguod lykwols troch der in alternatyf naturalisme fan eigen makkelei foaroer te pleatsen: troch de natoer fan styfmem ierde kin in elk, ynsafier't men dêrfoar iepenstiet, úteinlik dochs in beskate steat fan loksilligens fine. In oar ferskil mei de grutte naturalistyske wurken fan 'e njoggentjinde iuw is dat De Vries de ympresjonistyske ferteltechnyk dêrfan mijt en ynstee syn ferhaal mear de foarm fan in dramatysk epos jout.
Ynhâld
Styfmem Ierde omfettet in prolooch en sân "boeken", en spilet yn Fryslân, yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw. Wychman Tsjallings Wiarda is in grutboer op klaai, dy't as in tiran regearret oer syn gesin. Hy en syn frou Swobk Jarichs Hoornstra hawwe twa soannen, Jarich en Tsjalling, en in dochter, Tet, dy't mei de Bilkert Wibe Kuiken troud is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wychman syn libben feroaret op in dei folslein as er troch syn skoansoan Wibe foar "âlde" fersliten wurdt. Foartiid beskôge er himsels hielendal net as sadanich, mar fan dy tiid ôf begjint er him âld te fielen. As er koarte tiid letter troch syn soan Jarich yn it iepenbier delslein en foar gek set wurdt, hinget er himsels yn 'e skuorreed op oan in bynt. Net folle letter komt ek syn widdo Swobk te ferstjerren en dan bliuwe de beide soannen Tsjalling en Jarich tegearre op 'e pleats efter. Se reitsje allebeide fereale op itselde fanke, Welmoed Volbeda, mar Tsjalling freget har it earst om mei him nei it doarpsfeest. Jarich kin dat net ferdrage en út oergeunstigens feroarsaket er nei ôfrin fan it feest in ûngemak om wraak te nimmen op syn broer en dy syn faam. Hy riidt harren fan 'e dyk ôf, dat har beide sjeazen oer de kop fleane. Tsjalling en Jarich oerlibje it, mar Welmoed net. Fanwegen syn eigen koppige wegering om te praten wurdt Jarich dêrop ta fyftjin jier tichthússtraf feroardiele.
Yn dy snuorje feroaret sawol it buorkjen as de maatskippij yn it algemien: der wurde masines útfûn en fabriken boud en de earste steamtrein komt yn Fryslân. Tsjalling kin it boerebedriuw net bolwurkje en beslút om Wiarda-state te ferkeapjen oan syn sweager Wibe. Sels ferfart nei de Wâlden, dêr't er as arbeider yn 'e tsjinst komt fan Herre Wynses de Jager. Sa kriget er kunde oan dy syn dochter Reinou, mei wa't er letter trout. Hja krije twa soannen, Herre en Rudmer. Wylst Rudmer goed leare kin, is Herre sljocht mei sinten. Al jong wit er kaptalen te fertsjinjen troch syn jild tsjin rinte út te lienen.
As Jarich út it tichthús komt, bliuwt er yn Ljouwert omhingjen. Oanfitere troch sabeare freonen dy't op him om ponglúzje, bringt er syn oandiel yn 'e opbringst fan Wiarda-state der fierhinne troch. Ear't er alhiel ta reapsein is, pykt er lykwols út. Hy giet yn 'e hynstesport en fertsjinnet in slompe jild. Dan keapet er op in dei in stellen hynder en rint alles wer mis. Ferearmoede siket er beskûl yn in loazjemint foar swalkers, dêr't er de sosjalist Karel Zwets moetet, in oanhinger fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Mei syn beiden ferhiere se harren as arbeiders oan feanboeren, dy't misbrûk meitsje fan harren sitewaasje troch har fiersten te min lean te jaan. Yn dyselde tiid trout Jarich mei Regina Zwanenburg; hja krije in soan, Ekke. Mar dan trappearret er syn frou mei Karel op bêd. Jarich akseptearret Karel syn ûntskuldigings, mar de freonskip is stikken. Einlings komt it ta in staking ûnder de feanarbeiders en by de ûnderdrukking dêrfan wurdt Karel oppakt. Neitiid ferhuzet Jarich mei syn gesin nei Snits.
Underwilens is Herre Tsjallings Wiarda in begoedige man wurden. Hy keapet twa nôtmûnen, lit se beide ôfbrekke en bout der mar ien foar yn 't plak. Op dy manear kriget er it monopoalje yn dy krite yn 'e hannen. Ek lient er noch altiten jild út, mar de rinte dy't er dêrfoar freget, is withoeheech. It komt safier dat er yn dy omkriten op in minne namme komt te lizzen. Op in jûn besiket ien fan 'e troch him útrûpele boeren him dea te stekken. De oanslach mislearret lykwols en út wraak behannelet er syn jildlieners neitiid noch ûnmeilydsumer.
Jarich, dy't yn Snits wurk fûn hat as molkrider, wurdt almar pleage troch de lêste wurden fan syn eardere freon Karel: "Ik kom werom." Hy is bang om syn frou oan him te ferliezen en ek wurdt er âlder en begjint er dingen te sjen dy't der net binne. Sa ek op 'e jûn fan 31 desimber 1899; hy mient Karel rinnen te sjen en set him mei hynder-en-wein efternei, mar Karel is der net en it boek einiget as Jarich Wychmans Wiarda ferûngelokket troch mei wein en al oer de kop te slaan.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan Stiefmoeder Aarde ferskynde yn 1994 ûnder de titel Styfmem Ierde by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 377) te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jan de Jong te Snits.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|