Trochgong (Latyn: faeces), ek faak "poep", "stront", "kak", "ûntlêsting" en "skyt", en by bisten kjitte neamd, is de namme foar it oerbliuwsel fan it iten dat net fertard wurde kin en dat út en troch fia de anus, út de term wei, nei bûten ôfjûn wurdt (defekaasje). Alle bisten mei in termstelsel meitsje trochgong. By sûchdieren en by de minske hat de ûntlêsting meast baktearjes (likernôch de helte fan it gewicht), termwandsellen (oant 10 gram deis) en guon stoffen dy't yn de term ôfskieden wurde, sa as galkleurstoffen.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.