De Strjitten fan Makkingea:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
B
- Bakkerskamp - earder eigendom fan de pleatslike bakker. Hjir snied er syn takkebosken foar syn ûne en liet syn hynder der rinne.
- Balkwei - balk is in âlde namme foar brêge.
- Bercoperwei - komt fan de namme "Brocope"
- Bergsmastrjitte - boargemaster P. ct. Bergsma (1865-1870)
- Brink - hert fan it doarp
- Bûterheidefjild - nei it buorskip Bûterheidefjild, ek wol "kluft" neamd.
C
- Ceresstrjitte - namme fan de pleats dy't hjir eartiids stie.
D
- De Harken - nei it buorskip De Harken.
K
- Kúnderwei - fan de rivier de Kuunder, dy't ek wol Tsjoneger neamd wurdt.
L
- Leechduerswâlde - Legeduerswâlde wie in buorskip mei in pear boeren en huzen.
- Lyclamawei - fan feanbaas Lyclama à Nijeholt.
M
- Meuleboskwei - wei eartiids in wettermolebosk.
- Middelburen - boerestreek dêr't de stins fan Lyclama stien hat. It is yn 1673 ôfbrutsen. De namme soe ûntstien wêze trochdat it tusken Fenebuorren en Twitel yn lei.
O
- Oosterhuiswei - Oosterhuis de meast eastlike pleats fan Makkingea. Op de homeiepeallen stie "Oosterse Huis". Doe't de peallen weihelle waarden woenen de bewenners de namme bewarje en hawwe dy doe boppe-op de pleats setten. Mar de "se" is der net by skreaun, der kaam "Oosters Huis" op te stean. De buorkerij leit krekt net oan dizze wei, mar oan De Harken.
P
- Prikkedaam - nei it buorskip Prikkedaam
T
- Tronderwei - wei nei it buorskip Tronde
- Twitel - nei it buorskip of "kluft" Twitel. Der hat in mole stien. Yn in advertisnje út 1841 wurdt de mole oanpriizge as eene hechten en wel geplaatsten standerwindkorenmolen.... Yn 1869 omwaaid en ferfongen troch in wettermole út de Weperpolder ûnder Easterwâlde. Hy kaam op in hichte te stean: "Meulebelt". Yn 1912 is de mole troffen troch de bliksem en finaal ôfbaarnd. De hear Sefat hat yn 1912 in houtseachmole fan De Fordyk kocht en dizze is yn 1913 opboud as nôtmole.
V
- Van Brederodestrjitte - Van Brederode wie earder evangelist yn it doarp en joech ûnder oaren de oanset ta it bûterfabryk. Earst rûn er sels mei de koer rinnende nei de merk fan Stienwyk om it produkt te ferkeapejen.
- Veneburen - Fenebuorren ferwiist nei 'fean'. Dizze boerestreek wie doe in haadwei.
W
- Wemewei - nei de famylje Weme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.