De Strjitten fan Elslo:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A

  • Abbendyk - namme fan de lannen

B

  • Bûtenwei - bûten wegen rûnne bylâns de saneamde binnenwegen. Se leinen oande râne fan de sânrêgen. De Binnenwegen leinen oer it generaal yn de midden fan de sânrêgen. De Bûtenwegen wienen meastsentiids eigendom fan de gritenij of gemeente. De binnenwegen wienen oant begjin 19e iuw eigendom fan de oanlizzende eigeners.

D

  • De Monden - Monden binne grutte plassen yn Kanada.
  • De Riete - Komt fan de Folle Riete of Folle Rijten. It wie in streamke, in sydrivierke fan de Linde, mei in soad wetterplanten.
  • Donkerewei - Komt fan donker paad. It wie de wei nei twa stimhawwende pleatsen yn Súdhorn.

E

  • Eikenhorst - De Brink (=horst) stie eartiids fol mei iken. Dizzen binne yn ien kear kapt en ferkocht.

F

  • Frankenawei - Frankena wie eartiids in pleats oan de eastkant fan de Doarpsstrjitte en dan wat noardliker. Frankena is in âlde famyljenamme. Abelus Frankena wie in Fries dy't omreden fan it leauwe yn 1567 nei Emden flechte is en dêr yn 1578 it twistpetear mei de Mennisten bywenne. By syn weromkomst gie er yn de polityk. Sa waard hy yn 1580 nei Grinslân stjoerd om mei de Steaten fan dat gewest te praten oer de feilichheid fan Grinslân en Fryslân. By de iepening fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer op 29 july 1584 wienen de ôffurdigen fan Sânwâlden: Abelus Frankena en Elardus Reinald.

H

  • Haerwei -
  • Haadwei - de wichtichste strjitte fan it doarp.
  • Horstleane - in horst is heger lizzende sângrûn.

K

  • Kanada - nei it buorskip Kanada.
  • Kleasterwei - nei kleaster "Lux Mundi" (Ljocht fan 'e Wrâld).

N

  • Noard -

P

  • Peperstrjitte - komt fan piperbus, dat is in mole sûnder wjukken. It wie in mole op it Súd fan Hendrik Bolding.
  • Portingawei - Portinga wie eartiids in pleats oan de westkant fan de buorren en it westkant fan de Doarpsstrjitte.

T

  • Tronde - nei it buorskip Tronde. De namme komt fan it Fryske wurd frind of frund dat rûn betsjut.

S

  • Súd - topografysk sjoen it suden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hoe komen wij aan onze straatnamen - Gemeente Eaststellingwerf
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.