In tekentelsje of byldferhaal is in ferhaal dat foarme wurdt troch in rige ôfbyldings mei tekst derby. Dy tekst kin ûnder, boppe of njonken de plaatsjes pleatst wêze. In stripferhaal of koartwei strip is tekenteltsje mei rigen (stripen) ôfbyldings wêrby't de tekst folslein yn 'e tekenings sels opnommen is. It ferhaal wurdt dêrby foar it measte part foarme troch direkte sitaten fan 'e tekene personaazjes, dy't yn saneamde tekstballonnen pleatst binne. In tekstballon is in lyts ramt mei in floeiende omlining dat yn 'e regel boppe de personaazjes tekene is, mei in útstykjend puntsje nei it personaazje ta dy't de werjûne tekst útsprekt.
Tekenteltsjes binne ien fan 'e âldste foarmen fan tekstoerlevering. In tekentelsje wurdt makke troch in striptekener en in senarist. Somtiids skriuwt de tekener it ferhaal (senario) ek sels en somtiids dogge der mear as ien persoan mei oan it tekenwurk (sketsen, inketsjen, beletterjen) of oan it ferhaal mei. Yn it Ingelsk hjit in strip in comic. In bekende Japanske foarm fan stripferhalen binne manga.
Soarten stripferhalen
Tekentelsjes binne der yn ferskate soarten, dy't allegearre op harren eigen mêd populêr binne:
- gag-strip (yn it Ingelsk ek wol cartoon neamd), ien of in pear stripen plaatsjes dy't in koart ferhaaltsje mei in grap (gag) fertelle;
- side-strip, besteande út in koart ferhaaltsje wêrfan't de plaatsjes in hiele side folje;
- stripferhaal, in kompleet ferhaal besteande út meardere siden plaatsjes;
- comic, in Amerikaansk formaat stripboek fan standert 32 siden;
- stripalbum, meastal 48 of 64 siden lang, somtiids 56 siden;
- striproman of graphic novel, in tsjok stripboek fan mear as 80 siden.
In spotprint of cartoon (besteande út ien inkeld plaatsje dat de draak stekt mei de aktualiteit) kin net as tekenteltsje of stripferhaal oanmurken wurde om't it ymplisyt gjin ferhaal/teltsje omfiemet.
Fryske stripferhalen
Sealterfryske stripferhalen
- Muusewänt un Kittegientje hjir online op Pyt Kramer's Webloch
- Deer waas iensen 'n oold Wieu, oerset troch Hermann Janssen, 1960, hjir online op Pyt Kramer's Webloch
- Robin Hood, oerset troch Margaretha Grosser en oere, 1998, útjouwer: Sealtersk Bûn
- Tuusterpäiter, Sealterfryske oersetting fan de "Struwwelpeter", oerset troch Margaretha Grosser, 2010
Keppeling om utens
- Lambiek - Ensyklopedy fan de Nederlânske stripskiednis
- Zilveren Dolfijn - Stripensyklopedy
- ComicBase - Under oaren nijs en resinsjes.
- Stifting Byldferhaal Nederlân
- Comic House - Nederlânsk kollektyf fan stripmakkers.
- Stripverhalen.net - Oer strips út de Frânsk-Belgyske skoalle