striegiel | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #E4D96F | |
RGBª (r, g, b) | (228, 217, 111) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 5, 51, 11) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Striegiel (ek: striegeel) is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in bleke tint fan giel. It is neamd nei strie, de stâlen fan rispe nôt, dy't yn 'e feehâlderij as struisel brûkt wurde. It earste dokumintearre gebrûk 'e kleur 'strie' (yn 'e Ingelske foarm straw) datearret fan 1589.
Kleurtechnyk
By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is striegiel in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |