Streektaal-Organisatie in het Nedersaksisch Taalgebied | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | SONT | |
hist. namme | Streektaalorganisaties in het Nedersaksisch Taalgebied | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | Nedersaksyske streektalen | |
haadkertier | Ommen (Oerisel) | |
oprjochte | 1984 | |
offisjele webside | ||
www.sont.nl |
De Streektaal-Organisaasje yn it Nedersaksysk Taalgebiet (Streektaal-Organisatie in het Nedersaksisch Taalgebied), yn 'e regel ôfkoarte ta SONT, is in koepelorganisaasje fan Nedersaksyske streektaalorganisaasjes yn Nederlân. De hjoeddeistige organisaasje is ûntstien út de yn 1984 oprjochte stifting Streektaalorganisaasjes yn it Nedersaksysk Taalgebiet.
De SONT hat yn 2000 besocht om in offisjele ienheidsstavering foar alle Nedersaksyske dialekten yn Nederlân yn te fieren, mar state dêrby op grutte wjerstân, benammen út Twinte. Dêrtroch rûn dat projekt úteinlik op 'e non. De SONT-stavering liket oars ek frijwat op 'e Iselakademystavering.
Sûnt 1997 is de SONT oan it krewearjen om it Nedersaksysk erkend te krijen ûnder Diel III fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen, wêrmei't de taal kwa erkenning en foech op gelikense hichte komme soe mei û.m. it Frysk. Yn 2007 waard der yn it ramt fan dat projekt in petysje oerlange oan 'e Fêste Keamerkommisje foar Binnenlânske Saken en Keninkrykssaken fan 'e Twadde Keamer.
Oansletten organisaasjes
- Dialectkring Achterhoek en Liemers
- Dialectkringe Salland en Oost-Veluwe
- Erfgoedcentrum Achterhoek en Liemers
- Gællemuniger Taelkrink
- Grunneger Cultuurcentrum
- Huis van de Groninger Cultuur
- Huus van de Taol
- Kreenk vuur de Twentse Sproak
- Stellingwarver Schrieversronte
- Van Deinse Instituut
- Vrienden van de Streektaal Lochem
- IJsselacademie
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |