In beek, wetterke of rinsleat is in natuerlike stream fan ûndjip wetter. As ferskate beken by elkoar komme en it wetter dêrtroch yn grutte en djipte oanwint, wurdt it in rivier neamd. Oer it algemien is in beek oeral trochwâdber, wylst by in rivier in furde nedich is om him oer te stekken.

De Boarn op de hichte fan Beetstersweach.

Yn Nederlân hawwe de measte beken troch kanalisaasje harren natuerlike karakter ferlern. Yn Fryslân is dat ek it gefal. In grut part fan 'e wetterwegen dy't wy no kenne as fearten, binne ûntstien út natuerlike wetterrinnen dy't rjochtlutsen of ferlein binne om't dat de minske better útkaam.

Beken kinne ferdield wurde yn trije soarten: leechlânbeken, sypbeken en boarnbeken. Leechlânbeken wurde fet troch delslach en by tiden ek troch de ôfwettering fan oerstallich grûnwetter. Sypbeken binne in spesifyk soarte fan leechlânbeken, dy't net út en troch ris, mar altyd fet wurde troch ôfwettering fan grûnwetter. En boarnbeken ûntspringe by wiere boarnen, dêr't it grûnwetter omheech boarrelet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.