Straasburch Strasbourg | ||
Katedraal fan Straasburch | ||
Polityk | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Grutte Easten | |
Departemint | Bas-Rhin | |
Boargemaster | Roland Ries (2014-2020) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 277.270 (2015) | |
Oerflak | 78,3 km² | |
Befolkingsticht. | 3.486,3 / km² | |
Stêdekloft | 780.515 (2015), 1.351,5 km2 | |
Hichte | 132–151 m | |
Oar | ||
Stifting | 12 f.Kr. as Argentoratum | |
Tiidsône | CET (UTC +1) | |
Offisjele webside | ||
Webside fan Straasburch |
Straasburch (Frânsk: Strasbourg, Alemannysk: Strossburi, Dútsk: Straßburg) is de haadstêd en grutste stêd yn de Elzas en fan de nije gruttere regio Grand Est yn it noardeasten fan Frankryk. De stêd leit oan de Ryn, dy't de grins foarmet tusken Frankryk en Dútslân. De rivier de Ill is kreksa wichtich foar de stêd, om't it âlde sintrum tusken twa takken fan de rivier leit. De lêste 200 jier is Straasburch as gefolch fan strideraasjes yn 1681, 1870, 1918, 1940 en 1945 fan Dútske ta Frânske hannen oergien en earslings. Under dy oarloggen hat de stêd tige fan laat. Yn de stêd waard oarspronklik Dútsk-Elzassysk sprutsen, mar nei de oanhêldende ferfrânsking nei 1918 en benammen nei 1945 wurdt der no mear Frânsk as Dútsk sprutsen.
Straasburch is ferneamd om't it Jeropeesk Parlemint der ien fan de sitten hat en de Rie fan Jeropa is dêr thús. Ek it Jeropeesk Hof foar de Minskerjochten hat der syn sit. Ek is it in universiteitstêd.
It âldste part fan Straasburch, la Petite France, leit op it plak, dêr't de rivier de Ill him om it sintrum yn twaen splitst. It is it meast toeristyske diel fan de stêd. It meast ferneamde gebou yn it sintrum is de Katedraal fan Straasburch. It meast ferneamde plein yn de stêd is de Place Kléber, neamd nei Jean-Baptiste Kléber, in generaal yn de Frânske revolúsjonêre oarloggen. Straasburch is ferneamd om it grutte tal hûzen dy't yn fakwurk boud binne.
Der wenje 277.270 minsken (2015). De stêdekloft om Straasburch hinne telde sa'n 1.145.000 ynwenners, dêr't 780.515 yn it Frânske diel wennen (2015). It is in mulpunt fan de motor-, fiedsel-, tekstyl- en masinebou-yndustry.
Skiednis
Romeinske tiid
De omkriten fan Straasburch, dêr't de rivieren de Ryn, Ill en Bruche (Breusch) troch rinne wie in strategysk en fruchtber gebiet troch de rike jacht en fiskfangst. Gallyske Kelten wennen yn it gebiet doe't de Germaanske stamme, de Triboken, rûn 50 f.Kr. harren dêr te wenjen setten. De Romeinske keizer Augustus liet dêr yn 12 f.Kr. in legerkamp, Argentoratum (sulverberch), bouwe. It wie ynearsten in legerkamp foar it Achtste Legioen by de Romeinsk-Germaanske grins, de limes, dy't doe troch de Ryn rûn. It wie in gaadlik plak dêrfoar en fan dêrwei koene hja de Ryn oerstekke. Letter ûntstie der stadichoan in doarp, in canabae. It doarp woeks út ta in wichtige havenstêd. Yn de fjirde iuw waard it plak bedrige troch de Germaanske Alemannen. In heale iuw letter waard Argentoratum en omkriten troch dy folksstamme foargoed yn besit naam. De oarspronkoike Keltyke bewenners, lykas de Romeinen, waarden ferdreaunen of hja waarden ynboargere. Yn it foarjier fan 451 waard de Romeinske stêd troch de Hunnen ûnder Attila ferwoaste.
Frankyske tiid
Op it plak fan de âlde Romeinske stêd, waard in nije Frankysk-Alemannyske stêd boud mei de namme Straszburg, dy't yn dokuminten ferlatynske wie ta Strateburgum (boarch by de stjitte). Sûnt de fjirde iuw wie de stêd in biskopssit. Yn 496 waard de stêd by it Frankyske Ryk foege. Yn 842 waard de Eed fan Straasburch ôflein tusken Loadewyk de Dútser en Karel de Keale tsjin harren broer, keizer Lotarius I. It dokumint wie njonken it Latyn ek yn it Aldfrânsk en Aldheechdútsk opsteld en wie dêrmei de earste oarkonde dy't yn de "folkstaal" opsteld wie. De Frânske ferzje wie teffens it earste dokumint yn de Frânske taal en it earste dokumint dat tsjûget yn de ferdieling yn in Romaansk- en Germaansktalich gebiet fan it Frankyske Ryk. Mei it Ferdrach fan Meerssen út 870 kaam Straasburch by it Eastfrankyske Ryk en waard part fan it hartochdom Swaben, dat letter in part fan it Hillige Roomske Ryk wêze soe. Yn 982 slaggen de biskoppen deryn de stêd fan it hartochdom ôf te splitsen en ûnder it foech fan it bisdom te bringen.
Fan biskopstêd ta frije ryksstêd
Yn 1015 waard úteinset mei de bou fan in basilyk yn romaanske styl. Hy waard Münster, ferwizend nei syn gebrûk as kleastertsjerke (Monasterium), neamd. Letter waard it in biskopssit en waard dan as Dom oantsjutten. Hjoed-de-dei wurdt de Frânske namme Cathedrale brûkt. De tsjerke, de Katedraal fan Straasburch (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame de Strasbourg, Dútsk: Straßburger Münster) wie yn 1439 ree en mei in toer fan 142 meter heech, wie it doe it heechste gebou yn de wrâld. In twadde toer waard net ôfmakke, want de grûn wie te sompich, dêrmei't it gebou te swier wurde soe.
Yn de Midsiuwen woeks Straasburch út ta in wichtich ekonomysk sintrum. De oerwinning fan de boargers op biskop Walter von Geroldseck yn 1262 yn de Slach fan Hausbergen bekrêftige de ûnôfhinklikens fan de stêd en dêrmei krige de stêd de status fan frije ryksstêd ûnder foech fan de Dútske keizer. De boargers foarmen harren eigen bestjoersorganen en rjochtspraak. De stêd waard lid fan de Rynske Stêdebûn (Rheinische Städtebund), in oparbeidzjen fan wichtige Rynstêden. De stêd woeks út ta in sintrum fan kristlike skolastyk en letter ek fan it humanisme.
Om op de sompige grûn te bouwen, waarden tûsenen houten peallen brûkt en dêrop waarden de stiennen hûzen boud.
Swarte Dea en Joadeferfolging
Krekt foar't de Swarte Dea, de ferneatigjende Jeropeeske pestepidemy fan 1347 oant 1351, de stêd berikte, fûn op 14 febrewaris 1349 ien fan de earste en grutste pogroms fan de Midsiuwen plak yn Straasburch. Yn dizze Valentinstagmassaker, Moarderij op Falentynsdei, waarden neffens boarnen sa'n 2000 oant 3000 Joaden yn it iepenbier op de brânsteapel ferbaarnd. Oare Joaden waarden út de stêd ferballe. Dêrnei wie it Joaden oant de ein fan de achttjinde iuw ferbean om nei tsien oere jûns binnen de stedsmuorren te befinen. Op oertreedzjen stie de deastraf. Fierders moast eltse Joad, yn de tiid dat er wol yn de stêd wêze mocht, foar elts hynder dat er de stêd yn brocht, in bysûndere belesting, it Pflastergeld (toljild foar de strjitte), betelje. Op it stuit dat de Joaden de stêd ferlitte moasten, oer de Rue de Juifs/Judengasse (Joadestrijitte), waard mei in hoarn oankundige troch de gemeentlike heraut. Ta betinking fan dat barren klinkt hjoed-de-dei noch hieltyd eltse jûn om tsien oere de Joadeklok fan de katedraal.
Tiid fan de Reformaasje
Straasburch belibbe yn de sechtjinde iuw in bloeiperioade as frije ryksstêd. Johannes Gutenberg, de útfiner fan de boekdrukkeunst hat om 1440 hinne in skoftke yn Straasburch wurke. Yn 1605 sette de Straasburchske printer en boekhanneler Johann Carolus út ein mei syn oant doe ta skreaune nijssammeljen as printinge út te jaan. It nijsblêd mei de titel Relation Aller Fürnemmen und gedenckwürdigen Historien is winliken de earste printe krante.
Yn de tiid fan de Reformaasje keas Straasburch de kant fan de lutersken, mar op de Ryksdei fan Augsburch sleat de stêd him net oan by de Augsburchske Belidenis. De stêd lei tegearre mei de stêden Memmingen, Konstanz en Lindau lykwols in eigen belidenis, de Tetrapolitana ôf, dat opsteld wie troch Martin Bucer en Wolfgang Capito.
By de Frede fan Westfalen yn 1648 krige de Frânske kening it beskermhearskip oer in tal Elzassyske ryksstêden. Dy stêden stiene streekrjocht ûnder it foech fan de Dútske keizer. Straasburch bleau lykwols in frije ryksstêd, dy't nettsjinsteande yn 1681 troch Frânske troepen beset waard. Nei de Frede fan Ryswyk waard Straasburch yn 1697 by Frankryk foege. De stêd mei syn taal en kultuer bleau lykwols Dútsk, hoewol't protestanten gjin wichtige oerheidsfunksjes krije koene en de katedraal waard fannijs wer as in Roomske tsjerke brûkt. Fierders waard it protestantisme wol tastean en net ferbean, lykas sûnt 1685 yn de rest fan Frankryk it gefal wie. De universiteit bleau ek protestantsk en luts in soad jongeren fan it suden fan Dútslân. It nei de Frede fan Ryswyk troch Frankryk ynlive Elzas bleau in autonome provinsje yn Frankryk en wie gjin part fan it Frânske belesting- en tolgebiet. De dûanegrins rûn, lykas foarhinne, troch de Fogezen hinne.
Yn 1770 en 1771 studearre de ferneamde Dútske dichter Johann Wolfgang von Goethe oan de Universiteit fan Straasburch. De stêd wie doe ien fan de mulpunten fan de Dútske literêre Sturm und Drang-beweging en dichters lykas Jakob Michael Reinhold Lenz en Johann Gottfried von Herder studearren der in skoft.
Fan Frankryk nei Dútslân en werom
Op 25 april 1792 nei de Frânske Revolúsje stalde Claude Rouget de Lisle it nije Frânske folksliet, de Marseillaise gear by in jûnsmiel dat organisearre wie troch boargemaster Frédéric de Dietrich. Dêrmei waard Straasburch symboalysk in part fan de Frânske Republyk. De universiteit waard troch it revolúsjonêr bewâld opheft, om't it as net-Frânsk en âlderwetsk sjoen waard.
Om't de âlde oarder yn Dútslân de stringen noch yn 'e hannen hie, sochten Dútske revolúsjonêren harren taflecht yn Straasburch en Parys, lykas de ferneamde skriuwer Georg Büchner. De ûntwikkele stedsboargerij socht hieltyd mear oansluting by de Frânske boargerlike middenklasse en stadichoan rûn it Dútsk tebek as twadde taal yn it bestjoer, rjochtspraak en skoallen.
Yn de Frânsk-Dútske Kriich waard Straasburch troch Dútske troepen belegere en rekke de stêd skansearre. 300 boargers kamen om it libben en in tsiende part fan de befolking (8000) waard dakleas. Nei't de Frânsken by Sedan ferslein waarden, joech de stêd him op 27 septimber 1870 oer. Mei de Frede fan Frankfurt tusken Frankryk en Dútslân yn 1871 waard Elzas-Loataringen by it nij stifte Dútske Keizerryk foege. Straasburch waard de haadstêd fan it Rykslân Elzas-Loataringen (Reichsland Elsaß-Lothringen). It duorre oant 1911 dat it Rykslân deselde status krige as de oare steaten yn it Dútske Keizerryk. Fan de Dútske tiid stamme in tal iepenbiere gebouwen, bygelyks it haadstasjon (Hauptbahnhof), de L'école des Baux-Arts (Kunsthochschule), it Lycée international des Pontonniers (Jungmädchenschule), it Palais du Rhin (Kaiserpalast), it Paleis fan Jústysje, en de Universiteit.
In soad Frânskgesinden ferfearen fan de stêd, wylst de efterbliuwers Dútskgesind wiene of guon wiene dy't de nije tastân oannamen. De nije burokrasy en yndustrialisearring brochten in soad amtners en arbeiders út de rest fan Dútslân nei de stêd. Benammen de arbeiders mingden harren mei de oarspronklike befolking. Fan 1870 ôf naam de befolking ta oant 150.000. Krykkrakkige wenwiken yn de binnenstêd waarden ôfbrutsen en nijen waarden dêromhinne boud. De twa grutte leanen, bûlevaren, om it âlde stedsdiel hinne, dy't doe oanlein waarden, bestean noch hieltyd. It stedsdiel dat doe boud wie, bestiet ek noch en hat noch hieltyd de Dútske namme la Neustadt. De universiteit dy't troch it Frânske regear opheft wie, waard yn 1872 fannijs oprjochte ûnder beskermhearskip fan de Dútske keizer as de Kaiser-Wilhelm-Universität. De universiteit luts njonken studinten út de Elzas benammen ek fan de oare kant fan de Ryn. Ien fan de studinten wie de lettere Nobelpriiswinner Albert Schweitzer.
Nei de Earste Wrâldkriich mei it Ferdrach fan Versailles yn 1919 moast Dútslân de stêd en gâns Elzas-Loataringen wer ôfstean oan Frankryk. De stêd waard yntegrearre yn de Frânske Republyk, dêr't in folslein ferbod kaam op it gebrûk fan de Dútske taal yn ûnderrjocht en bestjoer. Alle stjitnammen waarden ferfrânske en twataligens hearde ta it ferline. Om't in mearderheid fan de befolking it Frânsk net yn 'e macht hie, soarge dat wol gauris foar kommunikaasjeproblemen. It regear yn Parys, dat sintralistysk oriïntearre wie, woe der neat oan tajaan. Sadwaande waard it autonomistysk tinken by de Elzassers populêr en ek it nasjonaalsosjalisme luts in lyts part fan de befolking oan. Autonomisten waarden troch de oerheid yn Parys sjoen as lânferrieders en waarden dêrfan dan ek feroardield.
By de Dútske ynfal yn Frankryk yn juny 1940 yn de Twadde Wrâldkriich waard Straasburch mei Elzas-Loataringen as part fan Nazy-Dútslân foege. Yn de jierren 1940-1945 waarden Elzassers as Dútske steatsboargers beskôge en waarden oproppen foar tsjinstplicht yn de Wehrmacht. In soad fan harren flechten nei Frânsk gebiet en dûkten ûnder, mar de measten waarden nei it front stjoerd. Op 11 augustus en 25 septimber 1944 waard Straasburch troch de Alliëarden bombardearre.
Nei 1945
Frânske befrijingstroepen ûnder befel fan generaal Jean de Lattre de Tassigny befrijden de stêd. Nei de Twadde Wrâldkriich sette boargemaster Pierre Pflimlin út ein mei de fermoedsoening mei Dútslân en waard Straasburch it symboal fan de freonskipsbûn tusken de twa lannen en Jeropeesk oparbeidzjen. De offisjele en strange Frânsktaligens waard lykwols werombrocht en net ferfongen troch Frânsk-Dútske twataligens, alteast net yn it bestjoer en ûnderrjocht. Om't in soad Elzassers it Frânsk net machtich wiene, waarden de deiblêden yn in Frânsk- en in Dútsktalige printinge útbrocht. Yn de sechtiger jierren waard de Frânstalige stadichoan mear lêzen en waard de Dútsktalige dêrnei ôfskaft. Sûnt 1948 is Straasburch it sit fan de Rie fan Jeropa en dêrmei is, net offisjeel, Ingelsk de twadde taal wurden. It Elzassyske dialekt wurdt noch troch in ôfnimmende minderheid sprutsen.
Straasburch hjoed-de-dei
'Haadstêd fan Jeropa'
Mei syn skiednis as twatalige stêd wurdt Straasburch symboalysk foarsteld as ien fan de wiere Jeropeeske 'haadstêden', hoewol't fan de twataligens net folle mear fan oer is. Straasburch is it sit fan de Rie fan Jeropa, it Jeropeesk Hof fan de Minskerjochten en tegearre mei Brussel it moanliks Jeropeesk Parlemint. Ek binne der in tal Jeropeeske ynstellings fêstige yn Straasburch, bygelyks it haadkommando fan Eurokorps, it rekkensintrum fan Europol en it Jeropeesk Direktoraat foar de Kwaliteit fan Genêsmiddels. Ek is de twatalich Frânsk-Dútske kulturele telefyzjestjoerder Arte dêr fêstige.
Heger ûnderrjocht
De Universiteit fan Straasburch is it sit fan de École nationale d'administration, in Frânske hegeskoalle dêr't in soad Frânske amtners foar hegere funsjes yn it nasjonale amtnersapparaat oplaat wurde. It begjin fan de universiteit wie yn 1538, doe't Jakob Sturm von Sturmeck, letter Jacques Sturm neamd, it protestantske gymnasium stifte. Yn 1556 waard it in akademy, yn 1621 in universiteit en yn 1631 in keninklike universiteit. Nei de Frânske Revolusje waard de universiteit sletten, om't de ideeëen fan de learkrêften net pasten by it tinkbyld fan de revolúsjonêren. Yn 1870 waard de universteit troch de Dútske keizer as Kaiser-Wilhelm-Universität fannijs iepene. Letter waard de universiteit troch de Frânsken oernaam.
Tegearre mei de universiteiten fan Basel, Freiburg im Breisgau, Karlsruhe en Mulhouse is de Universiteit fan Straasburch lid fan de Jeropeeske konfederaasje fan universiteiten oan de Bopperyn EUCOR. De universiteit hat twa godstjinstige fakulteiten subsidearre troch de steat: in katolike en in protestantsken ien. Dat komt om't de Elzas in bysûnder godstsjinstich statút nei de ynliving yn Frankryk takend wie. Sûnt de santiger jierren fan de foarige iuw is de universiteit yn trije parten ferdield: Université Louis Pasteur: Strasbourg I, Université Marc Bloch: Strasbourg II en Université Robert Schuman: Strasbourg III.
Ferfier
Sûnt 2007 is in line fan de TGV, de trein mei in hege gong, iepene en ferbynt Straasburch mei Parys en ek mei Dútske stêden lykas Karlsruhe, Stuttgart en München. De autosnelwei A4 ferbynt Straasburch oer Metz mei Parys. Ek hat de stêd in ynternasjonaal fleanfjild, Aéroport de Strasbourg, likernôch sa'n 20 km besúdwesten fan de stêd. De stêd hat fierder in haven foar skipfeart oer de Ryn.
Sûnt 1994 makket de tram diel út fan it iepenbier ferfier yn de stêd. Der is in rinbrêge oer de Ryn dy't de stêd mei it Dútske Kehl ferbynt.
It besjen wurdich
- Symboal fan de stêd is de Cathédrale Notre-Dame.
- De Grande Île is it âlde stedsdiel dat sûnt 1988 op de UNESCO-Wrâlderfgoedlist stiet.
- De Temple Neuf, yn 1908 as Neue Kirche boud, yn de âlde binnenstêd is de grutste protestantske tsjerke yn Frankryk
- It Musée des Beaux-Arts, it Museum fan Skjinne Keunsten
- It Musée d'Alsace, Museum fan de Elzas
- It Musée de l'Art moderne et contemporain, Museum fan Nijmoadrige Keunsten
- It Centre Tomi Ungerer ,oer de tekenkeunsten fan grafysk artysst Tomi Ungerer
- Le Vaisseau, It Skip, in sintrum foar wittenskip en technology foar bern.
Susterstêden
Straasburch hat in stêdebûn mei:
- Boston, Feriene Steaten, sûnt 1960
- Dresden, Dútslân, sûnt 1990
- Leicester, Ingelân, sûnt 1960
- Stuttgart Dútslân, sûnt 1962
- Ramat Gan Israel, sûnt 1991