Stokersdobbe | ||
Stokersdobbe | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Oerterp | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 5,4 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Stokersdobbe is in natoergebietsje oan de Merskenwei by Oerterp. It is in pingoruïne fan 5,4 hektare dy't beheard wurdt troch It Fryske Gea.
De âlde pingoruïne is hast hielendal tichtgroeid mei reid en wylgebosk. Efter de pingo leit in lange beamwâl mei ikebeammen. Dat de dobbe yn in kom leit mei in brede ringwâl der om hinne wiist der op dat it in oerbliuwsel út de iistiid is. De Stokersdobbe is in ferlâne gat fan sa’n seis meter djip. Troch de grutte wylgen is it wetter hast net te sjen, mar sjocht der út as in âld oerbosk mei galjes, swarte bei en wetterpinksterblom. Oan de râne fan de dobbe groeie in soad sompeplanten as wylde balsem, moerasslyt en blaulipke en yn de beamwâl groeit twiblêd. Hjir briede ûnder oare reidgoars, reidmies en hagekrûper.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |