Stockbridge
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatMassachusetts
CountyBerkshire County
Sifers
Ynwennertal1.947 (2010)
Oerflak61,3 km²
Befolkingsticht.33,1 / km²
Hichte257 m
Oar
Stifting1734
TiidsôneUTC-5
SimmertiidUTC-4
Offisjele webside
Webstee Stockbridge
Lizzing yn Berkshire County, Massachusetts

Stockbridge is in town yn Berkshire County yn it westen fan de Amerikaanske steat Massachusetts. It is part fan de Pittsfield (Massachusetts), Metropolitan Statistical Area. It stedsje leit oan de rivier de Housatonic en is omjûn fan it beboske Berkshireberchtme.

Stockbridge is in toeristeplak. It Norman Rockwell Museum húsmannet dêr, it Austen Riggs Center (in bekend psychiatrysk behannelingssintrum) en Chesterwood, wenhûs en atelier fan byldhouwer Daniel Chester French.

Keunstskilder Norman Rockwell hat lang yn Stockbridge wenne en wurke en parten fan it plak skildere, lykas Main Street, Stockbridge at Christmas (1967). Hy brûkte faak ynwenners fan Stockbridge yn syn tekeningen en skilderijen, lykas in William Obanhein yn de advertinsje "Policeman with Boys."

Stockbridge waard stichte troch Ingelske misjonarissen yn 1734 en hiet doe Indian Town. It krige syn offisjele namme op 22 juny 1739. It plak waard ferneamd nei Stockbridge yn Hampshire, Ingelân.

Stockbridge yn 1912

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.