In stjerrestelsel is in grutte kloft stjerren dy't (relatyf sjoen) ticht byelkoar lizze wat ôfstân oanbelanget. Yn elts stjerrestelsel is gas, stof en (nei alle gedachten) tsjustere matearje oanwêzich. It systeem wurdt by inoar hâlden troch de eigen swiertekrêft. Stjerrestelsels hawwe ornaris in spiraalfoarmige, skiif- of bolfoarmige struktuer, mei dêrom hinne in bolfoarmige halo wêryn de swiertekrêft ek noch ynfloed hat.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.