Stinebarten, ek: Stinnebarte en Siennebarten is de oantsjutting fan in lokaasje besuden Smelle Ie yn de gemeente Smellingerlân. Op in resinte kaart stiet de hûsnamme Siennebarten. De kaart fan Wopke Eekhoff (1848) hat hjir Stijne Barten en de Topografyske en Militêre Kaart út 1853 eat mei 'Steenen’. It slotstikje fan de namme is ûnlêsber. De Atlas fan Schotanus-Halma (1718) jout op it plak trije huzen, dêr't Valbrug by stiet. Oan it begjin fan de 20e iuw stavere men Stinnebarte. De Drachtster Heawei krúst hjir de Boarnburgumer Feart.

It twadde elemint fan de namme is de meartalsfoarm fan barte. Troch de âldste fariant liket it earste elemint in ferkoarte foarm fan de persoansnamme Augustijn. In ferbân mei Stien liket net yn de reden te lizzen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.