Stine Andresen (berne Jürgens) (Boldiksum, 23 desimber 1849 – dêre, 13 maaie 1927) wie in Dútske dichteresse fan it Noard-Fryske eilân Föhr. Har fersen gripe faak werom op har berte-eilân. Neist gedichten yn 't Dútsk skreau hja ek yn har memmetaal, it Föhrysk Noard-Frysk, Fering neamd
Libben en wurk
Stine Andresen waard berne yn Boldiksum, no part fan Wyk op Föhr. Dêr hat se ek it grutste diel fan har libben fierder trochbrocht. Har mem ferstoar doe't hja noch jong wie. Andresen gie nei de doarpsskoalle yn Boldiksum en ûntjoech har fierder troch te lêzen. Hja skreau gelegenheidsgedichten, dy't se foardroech op feesten. Sy wie befreone mei de famylje fan de dichter Friedrich Hebbel. Nei syn dea wurke Andresen in skoft as sekretaresse foar syn widdo Christine.
Yn 1875 troude Andresen mei de mûnder Emil Andresen, dy't yn de 90'er jierren fan de 19e iuw kaam te ferstjerren. Yn 1893 ferskynde der in gedichtebondel fan Andresen. Nei de dea fan har man kaam hja finansjeel krap te sitten, dat hja waard doe stipe troch de skriuwer Karl Schrattenthal om in nije bondel fan har gedichten útjaan te kinnen; dat barde yn 1896.
Twa fan har wurken binne op muzyk foar koar set troch de komponist Ferdinand Thieriot.
Yn Wyk op Föhr is in strjitte nei har neamd.
Prizen
- 1917 - Friedrich Hebbel Priis
- 1918 - Friedrich Hebbel Priis (mei Hans Groß)
- 1919 - Friedrich Hebbel Priis (mei Hans Groß)
- 1920 - Friedrich Hebbel Priis (mei Hans Groß)
Wurk (kar-út)
- Gedichte, werútjûn troch Dr. Gerber, 1893
- Gesammelte Gedichte, werútjûn troch Karl Schrattenthal. 3. Aufl. Bielefeld, 1896
- Enziana - Ein Blumenmärchen, Nordfriesische Verlagsanstalt.
- Neue Gedichte, Buchhandlung der Anstalt Bethel, Bielefeld 1903
- Gedichte aus dem bisher unveröffentlichten Nachlaß der inselfriesischen Dichterin, Nordfriesische Verlagsanstalt Carl Meyer, 1930.
Brieven
- Briefe und Gedichte, werútjûn troch Martin-M. Langner. 2. Aufl. Weidler, Berlyn 1989. ISBN 3-925191-50-X
Literatuer
- Franz Brümmer: Lexikon der deutschen Dichter und Prosaisten vom Beginn des 19. Jahrhunderts bis zur Gegenwart. Reclam, Leipzig 1913, S. 63.
- Elisabeth Friedrichs: Die deutschsprachigen Schriftstellerinnen des 18. und 19. Jahrhunderts. Ein Lexikon. Metzler, Stuttgart 1981, S. 6.
- Uwe Zacchi: Menschen von Föhr - Lebenswege aus drei Jahrhunderten. Boyens, Heide 1986 (mit Abschnitt über Stine Andresen)
- Jakob Tholund: Vom Schatz der Lieder. Stine Andresen - eine Dichterin von Föhr. Husum Druck- und Verlagsgesellschaft, Husum 1991. ISBN 3-88042-564-7