stikelflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Vanessa cardui | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De stikelflinter (Vanessa cardui) is in soarte yn it skaai fan de atalantaflinters (Vanessa).
Foarkommen
De stikelflinter is in trekflinter. Hy kin de winters yn ús lân net oerlibje. Alle jierren wurdt Europa kolonisearre fanút Súd-Spanje en Afrika. Yn geunstige trekjierren kinne de flinters rûnom sjoen wurde. Sommige jierren is er net te sjen. As der Saharasân yn Nederlân is, dan binne der faak ek Stikelflinters.
Flinter
De wjuklingte fan de flinter is 26 oant 30 mm.
Fleantiid
De flinter is te sjen fan april ôf oant begjin septimber. Foaral is er likernôch heal augustus te sjen. Der is mar ien generaasje.
Rûp
De rûp kin 35 mm lang wurde. It liif is flewielswart mei giele healemoanne-foarmige tekens. Hy is bedutsen mei flinke giele en swarte toarntsjes. Yn Nederlân groeie de rûpen yn de simmerperioade; yn Nederlân en omkriten soenen de rûpen stjerre fan de kjeld at hja de winters oer bleaunen.
De rûp fret stikelplanten, lykas de Spierstikel en de Lytse Kladde, de Dúnstikels en de Grutte Brânnettel.
- Vanessa cardui
- △ Vanessa cardui