Steltkluten (Himantopus) foarmje in skaai yn de famylje fan de Klútfûgels.

De Steltkluten libje yn brak of sâlt wetterlân, yn waarme of hite klimaten. Se hawwe hiel lange poaten, dy't it skaai syn namme jûn hawwe. Se hawwe ek lange tinne snaffels, dy't se brûke om op de grins fan lân en wetter harren iten te finen, wetterynsekten en oare lytse dierkes.

Somtiden wurdt ek de Bânsteltklút ta dit skaai rekkene.

Klassifikaasje

  • Famylje: klútfûgels (Recurvirostridae)
    • Skaai: steltkluten (Himantopus)
      • Soarte: steltklút (Himantopus himantopus)
      • Soarte: Amerikaanske steltklút (Himantopus mexicanus)
      • Soarte: swarte steltklút (Himantopus novaezelandiae)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.