Stellingwerfsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Oertsjongersk | |
eigen namme | Stellingwarfs | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 37.000 (2009) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nedersaksysk ● Westnedersaksysk ● Westfaalsk ● Drintsk ● Stellingwerfsk | |
dialekten | Bloksylstersk, Eaststellingwerfsk, Follenhoofstersk, Haadstelling-werfsk, Kúndersk, Westhoeksk | |
taalstatus | ||
offisjele status | ● Nederlân: ● Fryslân: ● Eaststellingwerf ● Weststellingwerf (beide semy-offisjeel) | |
erkenning as minderheidstaal | ● Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | stl |
It Stellingwerfsk (Stellingwerfsk: Stellingwarfs), ek wol Oertsjongersk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it noarden fan Nederlân. It taalgebiet omfiemet it súdeasten fan 'e provinsje Fryslân, de Kop fan Oerisel en in diel fan it súdwesten fan Drinte. De namme fan it dialekt ferwiist nei de Stellingwerven (nammentlik de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf), dy't yn it súdeasten fan Fryslân lizze. It Stellingwerfsk is nau besibbe oan 'e Drintske dialekten en moat yn Nederlân binnen it bredere ramt fan 'e Nedersaksyske taal pleatst wurde. Hoewol't it mei it Stellingwerfsk sûnt de 1970-er jierren sterk yn it neigean rekke is, kin it dochs noch as ien fan 'e fitaalste Nedersaksyske dialekten yn Nederlân beskôge wurde.
Taalbeskibskip
Wat de besibskip mei oare Nedersaksyske dialekten oangiet, wurdt it Stellingwerfsk ornaris mei it Middendrintsk en it Súddrintsk yn 'e Drintske dialektgroep yndield. Fanwegen de ynfloed dy't it Frysk der troch de iuwen hinne op útoefene hat, wolle guon taalkundigen it lykwols yn 'e Grinslânske kloft hawwe, wylst wer oaren it hielendal net mei oare Nedersaksyske dialekten yn in groep pleatse.
Taalgebiet
It Stellingwerfsk wurdt sprutsen 'e gemeenten East- en Weststellingwerf, dy't yn it uterste súdeasten fan 'e provinsje Fryslân lizze en tegearre bekendsteane as de Stellingwerven. Mei't it rivierke de Tsjonger foar it grutste part de noardgrins fan dy krite foarmet, wurdt it Stellingwerfske dialekt (fanút Fryslân sjoen) ek wol Oertsjongersk neamd. De folkswiisheid dat de Stellingwerven tusken de Tsjonger en de Linde lizze, giet allinnich op foar it westlike part fan Weststellingwerf, mei't de Linde fierders dwers troch de Stellingwerven streamt. De doarpen Haulerwyk en Waskemar, yn it noardeasten fan Eaststellingwerf, binne Frysktalich en hearre dêrom net ta it Stellingwerfske taalgebiet.[1][2][3]
Wol hearre dêrta de gebieten oare kant de provinsjegrins, it saneamde Stienwikerlân (de Kop fan Oerisel) yn 'e provinsje Oerisel en in brede stripe fan it súdwesten fan 'e provinsje Drinte. It Stienwikerlân bestie foarhinne rûchwei út 'e gemeenten Iselham, Stienwyk en Brederwiede (útsein de eastlike punt), mar dy binne yn 2001 fúzjearre ta de gemeente Stienwikerlân. Yn súdwestlik Drinte hearre it grutste part fan 'e gemeente Westerfjild, lytse stikken fan 'e gemeenten Midden-Drinte en Noarderfjild (tegearre it saneamde Smilderlân) en in smelle streek fan 'e gemeente Meppel ta it Stellingwerfske gebiet.[1][2]
Ek yn eastlike doarpen fan 'e eardere Fryske gemeente Lemsterlân (no in ûnderdiel fan De Fryske Marren) wurdt wol Stellingwerfsk sprutsen. Dêrby giet it om 'e doarpen Dolsterhuzen, Bantegea, Ychtenbrêge, Ychten, Eastersee-Giterskebrêge en Eastersee. It Stellingwerfsk is dêr lykwols net lânseigen, mar is der brocht troch lju út Giteren, yn it Stienwikerlân, dy't dêr fan 'e iere njoggentjinde iuw ôf it leechfean ûntgûnen. It Frysk dat yn dy kontreien sprutsen wurdt, it Lemsterlânsk, hat dan ek in relatyf sterke ynfloed fan it Stellingwerfsk ûndergien, mei as meast opfallende resultaat dat de hurde Fryske [ɡ] fan "gat" dêr útsprutsen wurd as de [x] (lykas yn "berch"), sels oan it begjin fan wurden, dêr't dat lûd yn it Frysk fierders net foarkomt. Krekt sa waard it Stellingwerfsk foarhinne ek sprutsen yn doarpen yn it suden fan 'e gemeente It Hearrenfean, lykas Hoarnstersweach, Jobbegea, Skuorregea (dat yn it Stellingwerfsk Schurige hyt), Aldhoarne en Nijhoarne.
Skiednis
Oerlevering en Literatuer
It Stellingwerfsk is oerlevere fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw ôf, yn 'e foarm fan poëzij yn 'e Friesche Volks-Almanak. It earste boek yn it Stellingwerfsk kaam út yn 1918. Dat wie in iepenloftspul fan 'e hân fan J.H. Popping, mei de titel: Uut het Leven: Tooneelstok in Drie Bedrieven in het Dialect der Stellingwarvers.
Pas nei de Twadde Wrâldoarloch waard it Stellingwerfsk behalven in sprektaal ek hieltyd mear in skriuwtaal. De wichtichste skriuwers yn dy snuorje wiene Hendrik Johannes Bergveld (1902-1966), Martinus Bakker (1926-1996) en de Aldeberkeapster doarpsdichteresse Lamkje Hof-De Boer (1908-1991). Tsjintwurdich is Johan Veenstra (1946), mei troch syn jierrenlange radiokollem by Omrop Fryslân, fierwei de bekendste Stellingwerfske skriuwer. Hy is net allinnich ferneamd yn it Stellingwerfske taalgebiet en oangrinzgjende Nedersaksyske gebieten, mar ek yn 'e Frysktalige dielen fan 'e provinsje Fryslân.
De Stellingwarver Schrieversronte
Yn 1972 waard de Stellingwarver Schrieversronte ("Stellingwerfske Skriuwersrûnte") oprjochte, dy't sûnt aktyf west hat op it mêd fan it útjaan fan boeken, it fersoargjen fan taalkursussen en it dwaan fan ûndersyk nei de Stellingwerfske taal en kultuer. Mei goed 1.300 leden is de Schrieversronte nei ferhâlding de grutste Nedersaksyske streektaalorganisaasje yn Nederlân.[4] Dizze organisaasje beheint him lykwols ta it Stellingwerfske taalgebiet yn 'e provinsje Fryslân. It Stellingwerfske gebiet yn Oerisel falt ûnder de ferantwurding fan 'e Iselakademy yn Kampen, wylst dat yn Drinte fersoarge wurdt troch it Huus van de Taol, yn Beilen. Alle trije organisaasjes binne oansletten by de Streektaalorganisaasjes yn it Nedersaksysk Taalgebiet (SONT).
Erkenning as minderheidstaal
Yn 1981 stelden de gemeenten East- en Weststellingwerf har ta doel om 'e Stellingwerfske taal en kultuer safolle mooglik te stimulearjen. Yn it ferlingde dêrfan krigen alle boargers fan 'e beide gemeenten formeel it rjocht om harren yn kontakten mei de gemeentlike ynstânsjes fan it Stellingwerfsk te betsjinjen.
Op oankringen fan 'e beide Stellingwerfske gemeenten en fan 'e provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân waard it Nedersaksysk yn 1995 troch it Nederlânskw regear offisjeel erkend as minderheidstaal. Yn 1996 joech Nederlân it Nedersaksysk op ûnder Diel II fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen.
Nedersaksyske taalstriders gie dat lykwols net fier genôch; sy stribje de hegere erkenning ûnder Diel III nei, sa't it Frysk dy hat. Yn dy striid rinne de Stellingwerven foarop, stipe troch de provinsje Fryslân. Grinslân, Drinte en Oerisel komme dêr in ein efteroan, mar Gelderlân docht frijwol neat foar it Nedersaksysk en dêr heakket de saak op.[5][6] Sadwaande hawwe de Stellingwervers besocht harren dialekt ôfsûnderlik as taal erkend te krijen, mar yn 2003 makke it Nederlânske regear dúdlik dat dêr gjin sprake fan wêze koe.[7]
Hjoeddeistige taalsitewaasje
Sprekkerstal
Op grûn fan gegevens út 2009 waard it Stellingwerfsk doe yn Eaststellingwerf noch troch 11% fan 'e befolking as memmetaal sprutsen, wat delkomt op 2.900 minsken.[8] Yn Weststellingwerf stie it der mei it dialekt better foar, mei't it dêr de memmetaal wie foar 28% fan 'e befolking of krapoan 7.200 minsken.[9] Bûten de Stellingwerven, yn 'e rest fan Fryslân, libje nochris krapoan 5.200 Stellingwerfsksprekkers,[10] dy't benammentlik konsintrearre binne yn oangrinzgjende Fryske gemeenten lykas Opsterlân, It Hearrenfean en De Fryske Marren, mar ek yn gruttere plaken as It Hearrenfean en Drachten. Foar Fryslân komt it totaal oantal sprekkers sadwaande op krapoan 15.300 te lizzen.
De Bosatlas van Fryslân (2009) jout per Fryske gemeente de persintaazjes memmetaalsprekkers fan 'e ferskillende talen, ôfrûne nei folle prosinten (dus inkeld ynsafier't de persintaazjes memmetaalsprekkers 0,5% of heger binne). Dêrneffens wie doe 2% fan 'e befolking fan It Hearrenfean, Lemsterlân, Opsterlân en Smellingerlân Stellingwerfsktalich, en 1% fan 'e befolking fan Achtkarspelen, Boarnsterhim, Dantumadiel, Frjentsjerteradiel, Gaasterlân-Sleat, Harns, Kollumerlân, Skarsterlân, Snits, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel. Allinne al foar Smellingerlân komt dit omrekkene út op 1.100 Stellingwerfsksprekkers. Neffens dizze gegevens binne der fierders yn It Hearrenfean 860, yn it eardere Lemsterlân 270 en yn Opsterlân goed 590 Stellingwerfsktaligen.
Oangeande Stellingswerfsksprekkers oare kant de provinsjegrins besteane gjin resinte sifers, mar op grûn fan 'e sprekkersoantallen yn Fryslân yn 2009 soe rûsd wurde kinne dat der yn it Stienwikerlân mooglik in 14.600 sprekkers wêze kinne, en yn súdwestlik Drinte sa'n 7.300. It totale sprekkerstal komt foar it Stellingwerfsk dan út op rom 37.000 minsken. It Stellingwerfsk is ien fan 'e fitaalste Nedersaksyske dialekten yn Nederlân en boppedat is it ek it meast emansipearre Nedersaksyske dialekt. Dat komt om't it yn it skaad fan in sterkere minderheidstaal (it Frysk) bestiet en him dêr sawol tsjin ôfset as oan oplutsen hat. Lykwols nimt it sprekkerstal ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderein bestiet. Under de jongerein wurdt it Stellingwerfsk yn it eigen taalgebiet troch noch gjin 5% fan 'e leeftydsgroep sprutsen. It ferskil fan it hjirboppe besifere sprekkerstal fan 37.000 mei in skatting út 1999, dy't noch in sprekkerstal fan 51.000 minsken neamde, kin te witen wêze oan it ôfstjerren fan 'e Stellingwerfsktalige mienskip, mar it is ek mooglik dat dy rûzing rommere mjitstêven hantearre foar wat immen ta in sprekker fan it Stellingwerfsk makket.
Taalbehearsking
Oangeande de taalbehearsking fan it Stellingwerfsk gou yn 2001 foar de gemeente Weststellingwerf, dy't alteast yn Fryslân as it hert fan it Stellingswerfske taalgebiet beskôge wurde kin, it folgjende.[11]
- it Stellingwerfsk ferstean kinne: 97%
- it Stellingwerfsk sprekke kinne: 70% (44% goed oant tige goed, 26% ridlik)
- it Stellingwerfsk lêze kinne: 75%
- it Stellingwerfsk skriuwe kinne: 6%
By de Taaltelling Nedersaksisch, út 2005, in ûndersyk nei de taalbehearsking fan sprekkers fan it Nedersaksysk (en dus ek fan it Stellingwerfsk), waarden de fragen justjes oars formulearre.
- Weststellingwerf
- it Stellingwerfsk ridlik oant goed sprekke kinne: 64,6%
- it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprekke: 53,2%
- it Stellingwerfsk lêze kinne: 77,2%
- it Stellingwerfsk ridlik faak lêze: 52,3%
- Eaststellingwerf
- it Stellingwerfsk ridlik oant goed sprekke kinne: 48,9%
- it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprekke: 29,5%
- it Stellingwerfsk lêze kinne: 66,7%
- it Stellingwerfsk ridlik faak lêze: 47,5%
- Stienwikerlân
- it Stellingwerfsk ridlik oant goed sprekke kinne: 67,4%
- it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprekke: 49,3%
- it Stellingwerfsk lêze kinne: 77,9%
- it Stellingwerfsk ridlik faak lêze: 41,7%
Tink der om dat "it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprekke" net itselde is as it Stellingwerfsk as memmetaal hawwe. Lykwols, as dizze persintaazjes as basis foar it sprekkersoantal nommen wurde (op grûn fan it ynwennertal fan 2009), dan komt dat foar Eaststellingwerf út op krapoan 7.800, foar Weststellingwerf op krapoan 13.700, en foar it Stienwikerlân op 21.200. Yn totaal soe it dan dus in sprekkerstal fan krapoan 43.000 minsken jaan, wêrby't de Stellingwerfsksprekkers yn Drinte net meirekkene binne.
Taalgebrûk
Wurdboeken
Fan 1975 ôf hat it Instituut veur Stellingwarver Tael en Kultuur, yn Aldeberkeap, dat ynsteld wie troch de Stellingwarver Schrieversronte, yn gearwurking mei it Nedersaksysk Ynstitút oan 'e Ryksuniversiteit Grins, oanarbeide op it útjaan fan in grut Stellingwerfsk wurdboek. Nei in jierrenlange tarieding kaam yn 1994 it earste part fan dat Stellingwarfs Woordeboek út, nammentlik Diel II, dat de letters F oant en mei K besloech en 843 siden hie. Yn 1997 ferskynde Diel III, oer de letters L oant en mei R (1151 siden) en yn 2001 Diel IV, oer de letters S oant en mei Z (985 siden). It lêste diel om útjûn te wurden, yn 2004, wie Diel I, dat de letters A oant en mei E besloech en 821 siden telde. Mei-inoar besteane de fjouwer dielen út presys 3.800 siden, mei nei skatting 70.000 oant 80.000 wurden. Yn septimber 2005 ferskynde der ek in beheinde edysje, it Stellingwarfs-Nederlands Verklarend Handwoordenboek, dat 704 siden telt.
Bibeloersetting
De folsleine Bibel kaam op 12 maaie 2010 út yn in Stellingwerfske oersetting dy't fersoarge wie troch Piet Bult. De fertaling krige de titel Biebel in et Stellingwarfs.[12]
Yn 'e Media
Yn 'e Stellingwerven hat it Stellingwerfsk in eigen tydskrift, De Ovend ("De Une"), dêr't proaza, poëzij, resinsjes oer ferskynde literatuer en stikken oer taalkunde, folkekunde en skiednis allegear yn publisearre wurde. Fierders ferskine der yn it wykblêd Stellingwerf en yn 'e Ljouwerter Krante eltse wike fêste rubriken yn it Stellingwerfsk.
Wat oare media oangiet, de beide lokale radiostasjons yn 'e Stellingwerven stjoere it streektaalprogramma Huus en Hiem út, der ferskine cd's mei Stellingwerfske muzyk, der is in Stellingwerfske kabaretgroep mei de namme Evenpies Bi'jpraoten, en út en troch wurdt der sneins yn 'e tsjerken yn it Stellingwerfsk preke. Fierders wurde der ferskate prizen takend foar sprutsen of skrean wurk yn it Stellingwerfsk: de H.J. Bergveld-pries, de Stellingwarver Schrieveri'je-pries en de priis foar de Stellingwarver Schriefwedstried. Yn 2019 gie de earste Stellingwerfsktalige film yn premiêre, Daor Klept de Klokke Weer.
Frjemd genôch hat dizze bloei fan it Stellingwerfsk yn 'e Stellingwerven oant no ta noch gjin grutte ynfloed hân op 'e Stellingwerfske gebieten yn 'e Kop fan Oerisel en súdwestlik Drinte.
Taaleigenskippen
Klanklear en wurdskat
It Stellingwerfsk ûnderskiedt him it meast fan 'e oangrinzjgende Nedersaksyske dialekten troch it foarkommen fan it lûd ae ([ɛ:]), yn it Frysk stavere as "ê". Men brûkt dan ek wol de sin Et waeter klaetert tegen de glaezen dat et daevert om it Stellingwerfsk te karakterisearjen. In oare klank dy't karakteristyk is foar it Stellingwerfsk, is de i'j ([iʲ]; in 'i' mei in lichte 'j' derefteroan) ynstee fan of njonken de klank ie ([i]; de "y" fan 'byt').
Typearjend foar it Stellingwerfsk is fierders ek it foarkommen fan it foarnamwurd jim (of de fariant jum), dat yn 'e oare Nedersaksyske dialekten net foarkomt, mar yn it Frysk wol. It is net dúdlik oft dit in Frysk lienwurd is of dat it Stellingwerfsk yn dit ferbân in parallelle ûntwikkeling mei it Frysk trochmakke hat, fan jimanna nei jim.
Ynfloed fan it Frysk
It hjoeddeiske Stellingwerfsk lit noch dúdlik sjen hoe grut oft de ynfloed west hat dy't it Westerlauwersk Frysk der troch de iuwen hinne op útoefene hat. Ferlykje datoangeande de foarbylden yn 'e ûndersteande tabel:
Stellingwerfsk | Frysk | Nederlânsk |
---|---|---|
buse | bûse | broekzak, jaszak, ensfh. |
dwirre | twirre | (kleine) windhoos |
heit en mem heit en moeke |
heit en mem | vader en moeder pa en ma |
kriete | krite | streek |
omkrieten | omkriten | omgeving |
ommeraek | omraak | in hoge mate |
onsjogge | ûnsjoch | erg lelijk |
ri'j ree |
rij | te royaal, verkwistend |
smots(e) moes |
smots | moes |
weite | weet weit |
tarwe |
Subdialekten
It Stellingwerfsk hat gjin echte dialekten, mei't dêrfoar de ferskillen te lyts binne, mar der besteane wol dúdlike regionale farianten. Yn fierwei it grutste part fan it Stellingwerfske gebiet (Weststellingwerf, súdwestlik Drinte, it grutste part fan it Stienwikerlân en de westlikste punt fan Eaststellingwerf) wurdt it gewoane Stellingwerfsk sprutsen, dat wol it Haadstellingwerfsk neamd wurdt om it fan 'e oare farianten te ûnderskieden.
It Eaststellingwerfsk wykt dêrfan ôf trochdat dêryn wurden einigjend op -aer (-[ɛ:r]) útsprutsen wurde as -eer (-[ɪər]). Yn it Kúndersk, sprutsen yn 'e omkriten fan De Kúnder en Blankenham, wurdt der aa ([a:]) sein ynstee fan ae ([ɛ:]) en yn 'e fjouwer westlikste doarpen fan Weststellingwerf (Munnikebuorren, Nijetrine, Skerpenseel en Spangea) wurdt njonken it Haadstellingwerfsk ek noch in oare fariant sprutsen, it saneamde Westhoeksk, dat sterk op it Kúndersk liket.
Fierders is der dan noch it Bloksylstersk, dat yn it doarp Bloksyl en omkriten sprutsen wurdt en dêr't men ao ([ɔ:]; "ô" fan 'stôk') yn seit yn stee fan ae ([ɛ:]). En ta ein beslút moat it Follenhoofstersk neamd wurde, dat yn 'e omkriten fan Follenhove, Sint-Janskleaster en Wanneperfean sprutsen wurdt, dêr't men krekt as yn it Kúndersk aa seit ynstee fan ae. It Bloksylstersk en it Follenhoofstersk binne oergongsfoarmen tusken it Stellingwerfsk en it Sallânsk, en wurde sadwaande troch guon taalkundigen net ta it Stellingwerfsk rekkene en troch oaren wer al. Yn dizze dialekten komt de umlaut yn ferlytsingswurden foar, wat it eigentlike Stellingwerfsk net hat; dy eigenskip wurdt faak as grinskritearium tusken it Noardnedersaksysk en it Westnedersaksysk sjoen.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Talen en Dialekten yn Fryslân | ||
---|---|---|
Frysk | Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk) | |
Hollânsk | Hollânsk-Frysk | Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk) |
Westfrysk | Flylânsk † | |
Nedersaksysk | Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk) |