Steggerda
Saksyske pleats
Saksyske pleats
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal1.050 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak15,41 km², wêrfan:
- lân: 15,31 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht.69 ynw. / km²
Oar
Postkoade8395
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 51' N 6° 4' E
Lokaasje Steggerda (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Steggerda (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
steggerda.info
Kaart
Steggerda (Fryslân)
Steggerda

Steggerda (Stellingwerfsk: Steggerde) is in doarp oan de súdlike kant fan de Linde en súdeastlik fan Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf. It heart dêrmei wat ynwennertal en oerflak oanbelanget by de gruttere doarpen fan 'e gemeente.

Steggerda hat 1.050 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Steggeren ûntstie yn 'e midsiuwen. De Stellingwerfske foarm fan Steggerda is Steggerde, in ôfsliten foarm fan it eardere "Steggerden", ek wol as "Steckarden" skreaun.Steg is ôflaat fan stigen, yn oarsprong is steg in ferhege paad troch in leechlizzend of sompich stik grûn. It twadde lid gerden betsjut omsletten romte of erde = eert ofwol greide.

Nei de reformaasje bleau Steggerda foar in grut part trou oan it roomske leauwe. Yn 'e 17e en 18e iuw waard in soad turf groeven yn Steggerda.

It doarp bestiet út Steggerda-Tsjerke, grinzjend oan Pepergea en Steggerda-Feart.

Steggerda-Tsjerke

Sint-Frederikustsjerke

Steggerda-Tsjerke foarmet mei de Oerbuorren it westlike diel fan it doarp. Sûnt 1759 stie oan de Oerbuorren in skûltsjerke, net mear as in skuorre mei in souder dy't ûnder foar de hynders en boppe as tsjerke brûkt waard. De earste roomske tsjerke fan Steggerda nei de reformaasje waard pas yn 1839 boud. Dy tsjerke stie ek oan de Oerbuorren en waard yn 1921 ôfbrutsen nei't de nije Sint-Frederikustsjerke oan de Pepergeawei boud waard. Ek de katolike Frederikusskoalle stiet yn dit diel fan it doarp.

Steggerda-Feart

Steggerda-Feart

Likernôch in kilometer east fan Steggerda-Tsjerke leit Steggerda-Feart. Dêr stiet oan de Kosterwei de protestantske tsjerke fan it doarp. Steggerda-Feart hie in protestantsk-kristlike en in iepenbiere basisskoalle, dy yn 2007 respektivelik yn 2019 sletten binne.

Tusken 1907 en 1979 hie Steggerda in molkfabryk. 'De Takomst' stie oan de Pepergeawei en oan 'e Steggerdersleat, dy't in ferbining hie mei de Linde. It âlde molkfabryk waard neitiid brûkt as feilinghûs en is yn de simmer fan 2007 sloopt om plak te meitsjen foar wenten.[3]

Mienskip

De yn 2019 sletten iepenbiere skoalle is it multyfunksjonele sintrum Multisteck fan it doarp. It doarp hat in feriening foar doarpsbelang en de doarpskrante De Hoeksteen ferskynt ienris yn it fearnsjier.

Tsjerken

Eardere herfoarme kapel, it Westsertsjerkje
De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Steggerda.
De Wikipedy hat ek in side Sint-Frederikustsjerke (Steggerda).

Oan de grins mei Drinte stiet noch krekt yn 'e himrik fan Steggerda oan 'e Westfjirdeparten it Westertsjerkje. It Westertsjerkje wie fan 1935 oant 1962 in herfoarme evangelisaasjegebou. Dêrnei die it noch oant 1979 as sneinsskoalle tsjinst. Hjoed-de-dei is it tsjerkje fan binnen ferboud ta in fekânsjehûske.[4]

Skoalle

Ferienings

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

Jier1840195419591964196919732007
Ynwenners560123211361150110211241114
Jier20152020
Ynwenners10551070

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

It besjen wurdich

Stoom-suvelmuseum

It Stoom-suvelmuseum is in lyts museum mei in samling saken oer it molkfabryk yn Steggerda.

Op de hoeke fan de Steggerdawei/Mulderstrjitte stiet in mânske swerfstien op in sokkel dy 't 200.000 jier lyn oanfierd waard út Skandinaavje yn de tredde iistiid.

Krekt bûten de buorren stiet ien fan de fjouwer Stellingwerfske Saksyske pleatsen (de oaren steane yn Aldeberkeap en yn Boyl). Dy fan Steggerda is it bêste bewarre bleaun.

Strjitten

Turfhoekewei

Boppewei, Bûtenwei, C Westerveldstrjitte, Ericawei, H Deddenstrjitte, Liemwei, Mulderstrjitte, Nije Boppewei, Oerbuorren, Pastoar Schuttestrjitte, Pepergeawei, Rûne Menning, Schokkersfean, Steggerdawei, Tjalling Nijkstrjitte, Turfhoekewei, Feartwei, Westfjirdeparten, Suderwei.

Publikaasje(s)

Jelle Roorda "Steggerda, et peadtien weromme

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Zuivelfabrieken Friesland, oproppen 29 juny 2023
  4. Reliwiki, oproppen 29 juny 2023

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.