Stedsrjochten binne yn de Midsiuwen in faze yn de ûntwikkeling fan it juridysk systeem yn Europa.

Hoewel't hjir faak meardere rjochten (op merken, tol en stedsmuorren) ûnder ferstien waarden, gie it yn essinsje op it rjocht fan de stêd op eigen rjochtspraak. Feitlik is der dus sprake fan stedsrjocht en net fan stedsrjochten. Yn in ôfsûnderlik privileezje koe ek it rjocht op wetjouwing (keur) jûn wurde en it rjocht om eigen skout en stedsbestjoerders te beneamen. Mei it ferdwinen fan it feodaal stelsel en it tanimmend belang fan de sintrale (rjochts-) steat kaam der ek in ein oan it stedsrjocht.

Fryske stedsrjochten

Yn 1327 waard by de gearkomste fan de Upstalbeam stedsrjochten ferliend oan Appingedam. Oare Fryske stêden hawwe troch oare lannen stedsrjochten krigen.

Eftergrûn

Al ûnder de Romeinen krige Nijmegen merkerjochten. Fanôf it jier 1000 waarden privileezjes troch lânhearen oan delsettingen jûn. Somtiden bewust om stedsfoarming te befoarderjen. Sûnt it momint dat dizze privileezjes yn ien kear as totaalpakket oanbean waarden, sprekke wy fan stedsrjochten. Stedsrjochten makken fan in delsetting in oantreklike festigingsplak foar keaplju. Fan de ekonomyske bloei dy't hjirfan it resultaat wie, profitearre de hear troch it heffen fan belestingen.

Yn de Lege Lannen waarden de earste stedsrjochten yn de tolfde iuw ferliend. Ze wiene basearre op de rjochten dy't de stêd Atrecht yn de rin fan 'e tiid mei de Greven fan Flaanderen oerienkomd wie. Dy rjochten waarden hieltiten faker oan nije Flaamske stêden ferliend. De Hartoggen fan Brabân namen de rjochten fan Leuven as foarbyld. De greven fan Hollân namen dit Leuvenske model oer. De Hartoggen fan Gelre namen de stedsrjochten fan Sutfen as foarbyld. Yn Gelderlân wie Nymwegen in útsûndering. As Ryksstêd wienen de stedsrjochten fan Aken it foarbyld. Stedsrjochten waarden dus, soms mei lichte wizigings, oernommen fan de rjochten fan oare stêden, de san. memmestêd. Wannear't yn de dochterstêd juridyske ûnienigens ûntstie, gie men op "stêdefeart" nei de memmstêd om dêr útlis fan it rjocht te freegjen.

Fan de 13e iuw ôf waarden bepaalde rjochten ek los fan de hear ôfkundige. Lânhearen probearren wol sizzenkip te hâlden op de gearstalling fan it stedsbestjoer. It stribjen fan de stêd wie der trochgeans op rjochte om dêr ek folslein frij yn te wurden.

Yn letter iuwen wie it faak de jildpine fan de lânhearen, dy't derta late dat de stêden útwreiding fan harren rjochten kochten. Stedsrjochten generearden dus wolfeart en wolfeart genereerde stedsrjochten. Sa wisten ferskate stêden nei ferrin fan tiid in soad autonomy te krijen. Sommige stêden groeiden sels út ta stedsteaten.

Rjochten

Oarkonde mei de stedsrjochten fan Utert út 1122

Stedsrjochten sloegen op saken as:

  • Privileezjes:
    • Stedsmuorren: it rjocht om in muorre rûnom de stêd te bouwen.
    • Merkrjocht: it rjocht om merk te hâlden (en dêrfoar betelje te litten).
    • Steapelrjocht: it rjocht om bepaald hannelsguod as earste te steapeljen en te ferkeapjen.
    • Tolrjocht: it rjocht om tol te heffen, eigen boargers wienen dêrfan fakentiids frijsteld. Soks droech by ta de oantreklikheid as festigingsplak.
    • Muntrjocht: inkele stêden wiene frij harren eigen jild te slaan.
  • Frijheden:
    • Persoanlike frijheid:faak jilde de regel 'Stedslucht makket frij'. Men wie gjin hearige mear fan de lânhear, mar frij om te gean en te stean wêr't men woe.
  • Bestjoer:
    • Stedsbestjoer: de gegoede boargerij koe bytiden sels de bestjoerders kieze dy't in sit yn de stedsrie nimme moasten.
    • Rjochtspraak en wetjouwing: Binnen fêste grinzen wie de stêd frij om sels wetjouwing en rjochtspraak út te oefenjen. De stêd waard hjirtroch bestjoerlik út it omlizzende lân tild wêr't de wetjouwing fan de lânhear gou. Boargers hiene it rjocht foar in eigen rjochtbank (fan "gelykensen") te ferskinen. Soms waard lykwols bepaald dat in nije stêd foar syn rjochtspraak oanwiisd wie op in oare, al langer besteande stêd.
    • Belestingen: It stedsbestjoer krige it recht om binnen de eigen grinzen belestingen op te lizzen aan yngesetenen.

It gebiet bûten in stêd koe inkeldris lânrjocht krije. Sa krigen Kinmerlân en West-Fryslân fan de greven fan Hollân in lânrjocht. Trochgeans gou wol dat stedsrjocht foar lânrjocht gie.

Ein fan stedsrjochten

Mei de groei fan de sintrale steat kaam der stadichoan in ein oan it fenomeen fan it stedsrjocht. Yn de noardlike lege lannen waarden de lêste stedsrjochten feitlik ferliend yn 1586 (Willemstad). Yn de perioade fan it bestean fan de Republyk krige inkeld Bloksyl (1672) noch in stedsrjocht. Nei de Bataafske Omwinteling (1795) waarden gemeentes nei Frânsk foarbyld bestjoerd en waard it stedsrjocht - by wet ¹ - ôfskaft. Hoewol't dit foar in part nei 1813 wer ynsteld waard, krigen stêden net it foech fan earder werom: rjochtspraak en wetjouwing waarden hieltyd mear in saak fan it sintraal bewâld. Nei de grûnwet fan 1848 en de Gemeentewet fan 1851 is it ferskil tusken doarpen en stêden definityf ferfallen.

Stedsrjochten dy't yn it begjin fan de 19e iuw noch jûn binne(oan Delfshaven yn 1825 foar it lêst) binne net te fergelykjen mei dy út 'e Midsiuwen en binne mear symboalysk fan aard. Troch guon wurde Den Haach en Assen net as stêd beskôge, omdat dizze plakken harren stedsrjochten krigen yn de Frânske perioade.

De Haach

De Haach is in apart gefal, soms wurdt dy stêd beskôge as it grutste doarp fan Europa, omdat offisjeel noait stedsrjocht ferliend is. Hielendal korrekt is dat net om't De Haach stedsrjochten krige yn 1806 fan Loadewyk Napoleon, bekrêftige yn 1811 troch Napoleon Bonaparte (hoewol't dizze feitlik symboalysk binne). Mar ek dêrfoar krige De Haach bysûndere rjochten, dy't it ta in stêd makken:

  • Fanôf 1334 krige De Haach it rjocht op in jiermerk.
  • Yn 1370 stelde Hartoch Albrecht fan Beieren, greve fan Hollân, de grins fan it rjochtsgebiet fêst.
  • Yn 1451 waard it foech fan skepens fêststeld nei foarbyld fan it Leidske stedsrjocht. Sa krige it in froedskip, dy't belutsen wie by de jierlikse ferkiezing fan de skepens.
  • Yn 1559 krige De Haach boppedat 2 boargemasters mei deselde status en rjochten as de boargemasters fan de besteande stêden fan Hollân.
  • Yn 1795 krige De Haach de status fan Stêd yn de republyk.

Keppeling om utens

  • - repertoarium fan de stedsrjochten yn Nederlân
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.