Stedskanaal
Stadskanaal
Lokaasje Stedskanaal
Lokaasje Stedskanaal
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal19.170 1 jannewaris 2019
Oar
Stifting1787
Koördinaten52° 59' NB, 6° 57' EL
Dizze side giet oer it doarp Stedskanaal. Foar de gemeente Stedskanaal, sjoch: Stedskanaal (gemeente).
Stedskanaal mei it kanaal fan de wettertoer ôf sjoen
Kaart fan de eardere gemeente Onstwedde mei Stedskanaal yn it súdwesten
Histoaryske huzen oan it Stedskanaal

Stedskanaal (Nederlânsk en offisjeel: Stadskanaal, Grinslânsk: Knoal) is it haadplak en it grutste plak fan de gemeente Stedskanaal yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Grinslân yn de regio Grinzer Feankoloanjes. It doarp hie yn 2019 19.170 ynwenners en is dêrmei it fjirde grutte plak fan de provinsje Grinslân. It doarp foarmet suver in stêdekloft mei de plakken Musselkanaal en Nieuw-Buinen yn Drinte, dy't tsjin Stedskanaal oanlizze. It plak ûntstie as in feankoloanje en woeks út ta in regionaal sintrum mei 75.142 m² winkeloerflak. It plak leit oan it kanaal mei deselde namme.

Geografy

Stedskanaal is part fan de Kanaalstreek, dy't in doarpslint is dy't fan Stedskanaal oer Musselkanaal en Ter Apelkanaal oant Munnekemoer by de Dútske grins rint. De doarpslint fan Stedskanaal sels is 11,5 kilometer lang. Oan wjerskanten fan it kanaal lizze wenwiken, mar de measten binne oan de noardkant.

Stedskanaal foel oant 1969 foar in part ûnder de gemeente Wildervank (Nij-Stedskanaal) en foar in part ûnder de gemeente Onstwedde.

Skiednis

Yn 1765 sette de stêd Grins út ein mei it graven fan it Stedskanaal (kanaal fan de stêd Grins) om it omlizzende gebiet te ferfeantsjen. De stêd besleat al yn 1762 temûk foar it graven fan it kanaal fan Bareveld ôf by de Semsliny del om ek it gebiet yn it easten fan it Lânskip Drinte oan te meitsjen. Under lieding fan Jan Uniken waard it kanaal mei de hân groeven. Dat luts in soad wurklju út Grinslân, Fryslân, de Kop fan Oerisel en Dútslân.

De earste tolve huzen waarden by dat kanaal del yn 1787 boud. Yn 1865 wie it kanaal ree en waard de ein by Munnekemoer by de Dútske grins berikt. Fan it kanaal ôf waard it oangrinzgjende Drintske gebiet oanmakke troch it graven fan sydkanalen (Drentse Monden) dy't heaks op it Stedskanaal lizze. By it kanaal del kamen mear huzen, en lânbouwers fêstigen harren op de delgrûn, dy't ûntstie nei de feanterij, en sa stadichoan ûntstie it doarp Stedskanaal. Nei't it kanaal fierder groeven waard, ferhuze it sintrum fan it doarp hieltyd mear nei it súdeasten.

Ynearsten waard it in agrarysk doarp, mar iverigens en yndustry kamen om 1900 hinne yn it doarp, sa as bygelyks skipswerven en ierdappelmoalfabriken. Letter kamen der ek noch striekartonfabriken by. Yn de iere tweintichste iuw waard Stedskanaal oansletten op ferskate spoarlinen, lykas yn 1905 op de spoarline Swol - Stedskanaal, yn 1910 op de spoarline Stedskanaal - Súdbroek en yn 1924 op de STAR-line (Stedskanaal, Ter Apel-Ryksgrins). It stasjon Stedskanaal waard suver in mulpunt dêr't 400 minsken oan it spoar wurken. Al dy linen waarden letter lykwols opheft. Hjoed-de-dei binne der plannen en ferlingje de spoarline fan Grins nei Feandam fannijs oant Stedskanaal en miskien noch fierder troch nei Emmen.

Nei de Twadde Wrâldkriich woeks Stedskanaal tige fluch. Benammen nei it kommen fan in fabryk fan heallieders fan Philips op it bedriuweterrein Dideldom. Fan 2004 oant 2006 hat Philips syn fêstigings yn Stedskanaal sletten.

Stedskanaal waard in regionaal sintrum mei in wiid ferskaat oan foarsjennings, lykas skoallemienskippen, in regionaal sikehûs, in skouboarch en in bioskoop.

Wiken

It sintrum fan Stedskanaal
It bedriuweterrein Dideldom mei op eftergrûn de eardere gebouwen fan Philips
Befolking fan it doarp Stedskanaal ferdield oer de wiken
Stedskanaal-Noard

Dizze wyk is it noardlikste part fan Stedskanaal en foel oant 1969 ûnder de gemeente Wildervank. De measte wenten lizze oan it kanaal. Tichteby de wyk is it Refaja Sikehûs.

Parkwijk

Dizze wyk leit oan de westkant fan Stedskanaal en waard yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw oanlein yn it ramt fan de wurkferskaffing. De wenten binne ferskiljend; der binne rychjeshuzen en frijsteande huzen. De wyk leit foar it sintrum oer oan de oare kant fan it kanaal. De wyk befettet it Julianapark en ferskate fersoargings- en âldereinhuzen en skoallen.

Sintrum

It sintrum fan Stedskanaal hat ferskate apparteminten boppe de winkels.

Waterland

Dit is de nijste wyk fan Stedskanaal. Dêr steane lúkse huzen en filla's en de wyk leit net fier ôf fan it sintrum.

Maarswold

Dizze wyk leit oan de râne fan it sintrum en dêr steane in soad rychjeswenten, dûbelhuzen en bungalows. De wyk leit tusken it sintrum en Maarsveld yn.

Maarsstee

Dizze wyk waard yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw boud by de bou fan de fabriken fan Philips. De wyk hat in soad rychjeswenten en flats en leit tusken it sintrum en Pagedal yn en tichteby it busstasjon. De wyk hat in eigen lytse winkelsintrum.

Maarsveld

Dizze wyk is in griemmank fan soarten huzen. Der binne twa grutte flats en in soad rychjeswenten en dûbelhuzen. Tagelyk is yn de wyk in strjitte mei huzen dy't gaadlik foar beheinde minsken binne.

Rekreaajegebiet Pagedal

Dit is in "rekreaasjewyk" en hat in oerdutsen sportsintrum mei in swimbad, ensafuorthinne. Ek is der in bosk-greidelânkombinaasje en is der in maneezje en in hartekamp.

De Hagen

Dit is in wyk mei in soad dûbelhuzen en rychjeswenten. De wyk leit tusken it sintrum en Vogelwijk yn.

Vogelwijk

Dizze wyk leit njonken Pagedal en is freonlik foar bern. It hat dûbelhuzen en rychjeswenten. Der is reedlik soad natuer yn de wyk.

De Borgen

Dizze wyk bestiet út frijsteande wenten. De wyk leit beëasten it kanaal en grinzget oan Pagedal. Der is ek in soad natuer yn de wyk.

Bedriuweterrein Dideldom en Bedriuweterrein Gedempte Vleddermond

Dat binne de twa grutte yndustryterreinen fan Stedskanaal mei in oerflak meiïnoar fan 120 bunder, dêr't 55 bunder dy fan Dideldom is. Der binne wol wat wenten, mar almeast binne der bedriuwen fêstige.

Befolkingsûntjouwing

Befolkingsûntjouwing fan it doarp Stedskanaal
184918591869187918891899190919201930194719601971200120102018
2.9134.1534.7015.0256.3226.8377.6098.8149.82011.18012.20319.59019.96020.03019.360

Boarne: Folkstellingen 1849-1960, CBS

Foarsjennings

De Eurobrêge yn it sintrum

Yn Stedskanaal binne der skoallemienskippen lykas it Ubbo Emmius en ROC Noorderpoort. It Refaja Sikehûs yn it plak is it sikehûs en Parkheem is it fersoargingssintrum foar de regio.

Yn it sintrum is de skouboarch Theater Geert Teis, bioskoop Smoky, in biblioteek, sportseal de Spont en it gemeentehûs. Der is ek in oerdutsen winkelsintrum en der is op eltse sneon in merke.

Der binne in tal sportferienings, in maneezje en in oerdutsen swimbad yn Pagedal.

It besjen wurdich

  • Streekhistorisch Centrum (Ceresstraat 2), museum oer de skiednis fan de Kanaalstreek en Westerwâlde.
  • Museum Musica (Scheepswerfkade 35), museum oer muzykynstruminten yn de eardere herfoarme evangelisaasje
  • Museum Philips Stadskanaal (Hunsingolaan 1A/Hoofdstraat 80), museum oer de skiednis fan Philips yn Stedskanaal
  • Stichting Stadskanaal Rail, museumspoarline tusken Feandam, Stedskanaal en Musselkanaal.
  • Wettertoer fan Stedskanaal fan 1935

Tsjerken

De Semsstraattsjerke
Grifformearde Poststraattsjerke
Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimmingtsjerke

Herfoarme tsjerke

  • Semsstraattsjerke út 1830, is de earste tsjerke yn Stedskanaal.
  • De Oosterkadetsjerke út 1863, hat in oargel fan Petrus van Oeckelen út 1876.
  • Beth Ell út 1905 fan de herfoarme evangelisaasje dy't yn 1988 sleat en oernaam waard troch Museum Musica. De toer fan de tsjerke waaide yn 1972 der fan ôf en waard om 2000 hinne weropboud troch it museum.
  • Pniel, in herfoarme kapel út 1910.
  • De Hoeksteen út 1975

De Semsstraattsjerke en De Hoeksteen binne noch yn gebrûk fan de PKN, en de Oosterkadetsjerke is yn hannen fan de gemeente Nij-Stedskanaal, dat in part fan de PKN is.

Grifformearde tsjerke

  • Poststraattsjerke waard yn 1845 boud, en waard útwreide yn 1862. It waard yn 1909 ferfongen troch in nije krústsjerke.

Katolike tsjerke

Yn 1848 waard in katolike tsjerke boud, mar waard yn 1953 sloopt. Yn 1955 waard de nije Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimmingtsjerke mei trije beuken en in grouwe toer boud.

Evangelysk-lutherske tsjerke

Yn 1875 waard der in tsjerke fan de Evangelysk-lutherske mienskip, dy't dêr yn 1857 ûntstie, yn Stedskanaal boud.

Baptistetsjerke

De baptisten krigen yn 1867 yn Stedskanaal de earste tsjerke fan Nederlân. Yn 1963 waard it gebou sloopt en ferfongen troch in nijen ien. Yn 1971 waard fan dat gebou ôf in twadde tsjerke stifte yn Stedskanaal-Súd.

Mennistetsjerke

Yn 1849 ûntstie der in Mennistemienskip en dy liet yn 1851 syn earste fermanje bouwe, dy't it yn 1966 oan de gemeente ferkocht hie. Dy sloopte it gebou lykwols en doe waard der yn 1967 in nije fermanje boud. De mennistemienskip is sûnt 2006 part fan de mennistemienskip Noardeast-Nederlân dy't syn sit yn Feandam hat, mar dy it gebou yn Stedskanaal hieltyd noch oanhold.

Synagoge

Yn 1860 waard de synagoge fan Stedskanaal boud. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de measte Joaden ôffierd en fermoarde. In pear kamen werom. Yn 1964 waard de synagoge ôfbrutsen. Yn 1988 waard de Joadske mienskip opheft en oan dy fan Grins taheake.

Fierders hawwe de Jehova's Tsjûgen in seal yn Stedskanaal.

Ferfier

It Stedskanaal wie ein njoggentjinde iuw ien fan de drokste kanalen, mar wurdt it hjoed-de-dei almeast foar de plezierfeart brûkt.

Stedskanaal leit oan de N366 en de N378, wylst de N33 en de N34 tichteby it plak lâns rinne.

It busstasjon fan Stedskanaal is in pleatslik knooppunt fan busferbinings.

Spoar

Yn 2013 besleat de provinsje Grinslân de spoarline Súdbroek-Feandam te ferlingjen nei Stedskanaal en meitsje persoaneferfier fannijs mooglik. De treintsjinst sil troch Arriva útfierd wurde. It is ferwachte dat de line yn 2025 iepene wurdt.

De wurdt ek oer tocht de line troch te lûken nei Emmen, dat dan in part fan de Nedersaksenline tusken Ynskedee en Grins wurdt, mar wis is dat net.

Berne yn Stedskanaal

  • Henk Wijngaard (1946), sjonger

Keppeling om utens

Stedskanaal
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
Barlage • Blekslage • BraambergCeresdorp • Höchte • Höfte • Holte • HorstenOomsberg • Smeerling • Sterenborg • Tange • Ter Maarsch • Ter Wupping • Veenhuizen • Vledderhuizen • Vosseberg • Wessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.