Stedsk
algemien
oare namme(n)Stedfrysk
eigen nammeStadsfrys
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers45.000 (2009)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Súdwestgermaansk
        Nederfr.-Nedersaks.
          Nederfrankysk
            Nederlânsk
              Hollânsk
                Hollânsk-Frysk
                  Stedsk
dialektenLjouwertersk, Snitsersk, Frjentsjer-
tersk
, Harnzersk, Boalsertersk,
Dokkumersk,Starumersk, Fean-
stersk
, Kollumersk
taalstatus
offisjele statusgjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
   Fryslân (as streektaal)

It Stedsk, ek wol Stedfrysk of – ferkeard stavere – Stedsfrysk neamd (Stedsk: Stadsfrys), is de bekoepeljende beneaming foar de Hollânsk-Fryske mingdialekten dy't sprutsen wurde yn sân stêden (Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum) en de twa doarpen (It Hearrenfean en Kollum) yn 'e provinsje Fryslân. De Stedske dialekten steane tichter by it Nederlânsk as by it Frysk en de namme "Stedfrysk" is dan ek misliedend, om't it giet om Hollânske en net om Fryske dialekten.

De ûnderskate Stedske dialekten

Tradisjoneel wurde as Stedske dialekten beskôge: it Ljouwertersk (Liwwadders), Snitsersk (Snekers), Frjentsjertersk (Franekers), Harnzersk (Harlingers), Boalsertersk (Bòlswadders), Dokkumersk (Dòkkumers) en Starumersk (Stavers). Dy dialekten wurde allegear yn plakken sprutsen dy't stedsrjochten hawwe – dêrfandinne de beneamings "Stedsk" en "Stedfrysk".

De lokaasje fan 'e Stedske dialekten yn 'e provinsje Fryslân.

Fierders binne der dan ek noch de dialekten fan 'e flekke It Hearrenfean (it Feanstersk) en fan it doarp Kollum (it Kollumersk, net te betiizjen mei it Pompstersk fan Kollumerpomp of mei it Kollumerlânsk, dat Nedersaksyske dialekten binne). Dy beide taalfoarmen binne lang negearre yn beskriuwings fan it Stedsk, mar wurde der no almeast wol ta rekkene, ek al wurde se net sprutsen yn in stêd.

Inkeld wurde ek it Amelânsk fan it Amelân en it Midslânsk fan it sintrale diel fan Skylge wol oanmurken foar Stedske dialekten. Ut in yngeand ûndersyk dat yn 2000 ferrjochte is troch Mathilde Jansen, in taalkundige dy't ferbûn is oan it Meertens Ynstitút, is lykwols bleken dat de Stedske dialekten en dizze beide eilândialekten dúdlik faninoar ferskille, ek al binne se allegear ûntstien út in ferminging fan Hollânsk en Frysk.

Skiednis

Neffens de tradisjonele teory is it Stedsk ûntstien yn 'e jierren nei 1498, doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. Dizze teory giet dus út fan in troch it Frysk beynfloede fuortsetting fan it sechstjinde-iuwske Hollânsk.

De haven fan Harns.

Nei de machtsoername troch Albrecht fan Saksen waard it Frysk as bestjoerstaal ferfongen troch it Hollânsk. In oare teory oer it ûntstean fan it Stedsk borduerret dêrop fuort en hâldt út dat de boargerij yn 'e Fryske stêden doe besocht de nije taal oer te nimmen, fanwegen de hegere status dy't dy hie, mar dêrby it Hollânsk ferbastere ta it Stedsk. Neffens dizze teory soe it Stedsk dus gjin ferfryske taal fan Hollanners, mar in ferhollânske taal fan Friezen wêze. De wichtichste oanhinger fan dat idee wie de taalkundige G.G. Kloeke, dy't syn teory oan it begjin fan 'e tweintichste iuw omskreau as Hollands in Friese mond, mei oare wurden: it breklik sprutsen Hollânsk fan Friezen. No foel it mei dy breklikens wol wat ta, want safolle ferskilt it Stedsk net fan 'e dialekten dy't foarhinne yn noardlik Hollân sprutsen waarden. Der is noch in oare fariant fan dizze teory. De frisist Godard Gosses, in tiidgenoat fan Kloeke, besocht en toan oan dat it Stedfrysk eins in soarte fan Frysk wie. Hy woe hawwe dat ynwenners fan 'e Fryske stêden nea opholden wiene mei Frysk te praten, en dat de Hollânske wurdskat fan it Stedsk ûntstien wie troch massale ûntliening.

Undersikers as Reitze Jonkman en Arjen Versloot geane der hjoed de dei lykwols fan út dat it Stedsk benammen troch keaplju yn Fryslân yntrodusearre is. Yn dy tiid, ear't der in Nederlânske standerttaal ûntstie, gou it Hollânsk nammentlik as lingua franca foar de hannel tusken de ûnderskate Nederlânske gewesten. Troch eigen ûntjouwings en lettere ynfloeden fan it Frysk en it Standertnederlânsk soene de Stedske dialekten har neffens Jonkman en Versloot ta har tsjintwurdige foarmen ûntjûn hawwe.

Utsjoch oer Ljouwert fanôf de Achmeatoer.

Taalkundige Pieter Duijff, oan 'e oare kant, sleat him yn 2002 noch oan by de tradisjonele "amtnersteory". It liek him de iennichste útlis foar it feit dat it Stedsk net yn 'e stêden Warkum, Drylts, Sleat en Hylpen en likemin yn 'e gruttere doarpen sprutsen waard, wat yndie logysk wêze soe as de taal troch keaplju yn Fryslân brocht wie, want yn alle gruttere plakken waard hannel dreaun. Allinnich de wichtichste plakken wiene lykwols bestjoersstintra, en inkeld dêr soe him dus in útlânske amtnerij fêstige hawwe.[1] As dat sa is, bliuwt fansels wol de fraach wêrom't it lytse Starum dan in Stedsk dialekt hat. Der wurdt trouwens wolris tocht dat it Starumersk minder âld is as de oare Stedske dialekten út 'e stêden; fan 'e doarpsdialekten fan Kollum en it Hearrenfean is dat mei wissichheid bekend.

Yn elts gefal moat it Stedsk fierhinne yn 'e sechstjinde iuw (mei mooglik noch in diel fan 'e santjinde iuw derby) ûntstien wêze. Om't der gjin skreaune boarnen út dy tiid oerlevere binne, is lykwols dreech te sizzen hoe't it Stedsk út 'e begjintiid der krekt útsjoen hat. Ek is ûndúdlik hokker Hollânske dialekten oft krekt oan it Stedsk te'n grûnslach lein hawwe. Guon taalkundigen tinke op grûn fan taalferliking sels oan in Brabânske ynfloed. It âldste oerlevere Stedsk is in tekst yn it Ljouwertersk, dy't datearret út 1768. De skriuwer, Anne Jeltema, beskriuwt dêryn hoe't it doedestiden om en ta gie mei it keapjen en fersoargjen fan slachtfee. Hjirûnder in fragmint:

De andere daagsavens zude het Beest slagt wudde, en ik hat bedongen, dat de Boer 't teugen die tied zude opbringe laate. Ik gong dan de avens (want zien, ik wilder niet om flouwe) metten halve bok na bed toe, en sliep de morgens wat langer as ik anders wend waar; ten minsten, eer wij op kwammen, wudder schrikkelijk oppe deur klopt, en dat waar just de Keerel mette Koe. Ik kennet jou niet half zegge, hoe blied dat ik waar. 'k Hadde uit voorzorg en Dikkop klaar zet, dar wij ris helder van proefden. Wij bonnen de Koe anne leuning van mien stoepe vast, en dat ston (ken ikje zegge) vooren Keuning. Ik gong fluitende en zingende na mien Wief toe, die nog op bed lag, om hoor dat nijs te bringen, en vroeg hoor met ien, of ze het Beest niet ris zien zude? Zij begon te zugten, en zei: Op die wieze gaat de heele week weer na Sinjeur![2]

De lokaasje fan 'e Stedske dialekten (read) yn it gruttere Hollânske dialektgebiet (ljochtgriis).

Oant djip yn 'e achttjinde iuw waard it Stedsk beskôge as in foarm fan it Nederlânsk dy't moai binnen de folle bredere sprektaalnoarm fan dy tiid lei. It Stedsk wie fansels wol in dúdlik regionaal kleure fariant fan 'e Nederlânske standerttaal, mar waard net beskôge as in ôfwikend dialekt. Sadwaande hie it Stedsk, as "it Nederlânsk" (sa't dat yn Fryslân sprutsen waard) iuwenlang in folle hegere maatskiplike status as it Frysk, dat nei 1500 in sprektaaltsje op it plattelân wurden wie. Pas nei 1800, doe't men regionale wurdfoarmen út 'e standerttaal begûn te wjudzjen en dêrnjonken it ûnderwiis en de ferkearsferbinings ferbettere waarden, begûn men it Stedsk as in dialekt te beskôgjen, en dialekten, sa fûn men doedestiden, wiene breklike taalfarianten dy't útrûge wurde moasten. It Stedsk wist lykwols oant de ein fan 'e njoggentjinde iuw noch syn relatyf hege status as taal fan 'e stedske boargerij en de Fryske adel te behâlden. Sûnt hat it Frysk krekt wer in hegere status krigen, wylst it Stedsk ta de taal fan it sljochtwei stedsfolk wurden is en de hegere klassen oergien binne op it Nederlânsk.

Wurdboeken

Yn 1998 is by de Fryske Akademy it boek Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten ferskynd, fan 'e hân fan taalkundige Pieter Duijff. Dêryn wurde ferlykjende wurdlisten jûn fan 'e sân dialekten fan 'e stêden, besteande út sa'n 3.500 grûnwurden. Oan it Kollumersk en it Feanstersk wurdt dêryn lykwols gjin oandacht bestege. Fan it Ljouwertersk ferskynde yn 1991, ek by de Fryske Akademy, it Woardeboek fan ut Leewarders, en yn 2014 kaam fan it Harnzersk by de Feriening Ald Harns in wurdboek út ûnder de titel Harlinges, Mien Taaltsje: Van Pienehasses tot Gatsjepanne. Fan 'e oare Stedske dialekten binne oant op 't heden noch gjin wurdboeken gearstald.

It stedhûs fan Dokkum.

Sprekkers

De Stedske dialekten wurde hjoed de dei yn Fryslân sprutsen troch in oansjenlik diel fan 'e befolking. As de gegevens dy't yn De Bosatlas van Fryslân (2009) per gemeente jûn wurde oangeande ynwenners en har memmetalen,[3] omrekkene wurde nei de hiele provinsje, komt men út op 39.728 Stedsksprekkers yn Fryslân, dus ôfrûne omtrint 40.000 lju. Dat komt del op sa'n 6,3% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje. Mei noch likernôch 5.000 Stedsktaligen om utens komt it totaal oantal sprekkers dan op likernôch 45.000 út. Fierwei it grutste Stedske dialekt is it Ljouwertersk, mei rom 19.000 sprekkers. It Feanstersk, fan it Hearrenfean, liket yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw útstoarn te wêzen.

Taaleigenskippen

Grammatika

De grammatika fan it Stedsk krûpt bytiden dy fan it Frysk ticht oan. It is min nei te gean ynhoefier't it dêrby giet om ûntliening oan it Frysk, en ynhoefier't de Stedske ferskynsels yn 'e sechstjinde iuw foarkamen yn 'e Hollânske dialekten, wêrfan't guon, lykas it Westfrysk, it Wetterlânsk en it Saansk, doe noch dúdlike spoaren fan in Frysk substraat beholden hiene. De opfallende ôfwêzichheid fan in foarheaksel op ôfslutende mulwurden is sa'n ferskynsel:

taal foarbyldsin
Frysk: Ik haw in glês bier dronken.
Stedsk: Ik hew un glas bier dronken.
Nederlânsk: Ik heb een glas bier gedronken.

Ek de tiidwurdsfolchoarder dy't it Stedsk oanhâldt, is deselde as dy fan it Frysk. Yn dit gefal liket it ûnwierskynlik dat dit troch ûntliening út it Frysk oernommen is. Sadwaande giet it hjir wierskynlik om in oarspronklik Stedsk elemint:

taal foarbyldsin
Frysk: Dokter frege him ôf, oft er dat wol sein hawwe kinne soe.
Stedsk: Dokter froech him af, of y dat wel seid hewwe kinne sú.
Nederlânsk: De dokter vroeg zich af, of hij dat wel zou kunnen hebben gezegd.

De meartalsfoarming slút ek by it Frysk oan: skip > skippen ("skip" > "skippen") behâldt deselde klank, oars as yn it Nederlânsk: schip > schepen. De ferlytsingsfoarmen binne (behalven yn it Starumersk) ek deselde as yn it Frysk:

  • nei in fokaal, b, f, m, p, s en r -ke: tobke ("tobke"), doaske ("doaske")
  • nei in fokaal, d, l, n en t -tsy (ekwifalint mei it Fryske -tsje): autootsy ("autootsje"), steeltsy ("stâltsje")
  • nei ch en k -je: oochje ("eachje"), sakje ("sekje")
De Broeretsjerke yn Boalsert.

Fierders hat it Stedsk op it mêd fan 'e persoanlike foarnamwurden yn 'e 2de persoan inkeltal de foarm dou ("do"; Ned.: jij) en de hoflikheidsfoarm jou ("jo"; Ned.: u). (Starumersk: do en jo.) By ferbûging fan it tiidwurd brûkt it Stedsk krekt as it Frysk de yn it Nederlânsk folslein ûnbekende "-sto"-foarm: hest dat wel sien, ju? ("hast dat wol sjoen, ju?"; Ned.: heb je dat wel gezien, jôh?).

Stavering

Wat stavering oangiet, lykje de Stedske dialekten mear op it Frysk as op it Nederlânsk, mei diakrityske tekens op 'e lûden, lykas ê, î, ò, ô en ú. De û komt lykwols net foar; foar de [u] (û fan "rûch") skriuwt it Stedsk altyd fan oe, lykas yn koek ("koeke"). De twaklank [u.ǝ] (oe fan "goed") wurdt dan ta ûnderskie skreaun as , lykas yn koël ("koel"). De [i] (i fan "bite") wurdt krekt as yn it Frysk yn sletten wurdlidden skreaun as y, en yn iepen wurdlidden as i, lykas yn tyd > tiden ("tiid" > "tiden"). De kombinaasje ie is reservearre foar de twaklank [i.ǝ] (fan "stien"), lykas yn lief ("leaf"). De [y] (koarte ú fan "tút") wurdt lykwols altyd mei in skerpteken skreaun, ek yn iepen wurdlidden, lykas yn krúmele ("krommelje").

Klanklear

Ek de klanklear fan it Stedsk komt mear oerien mei dy fan it Frysk as mei dy fan it Nederlânsk. Sa komme yn it Stedsk, krekt as yn Frysk, de v en z nea oan it begjin fan in wurd foar. Ek makket it Stedsk, krekt as it Frysk, ûnderskie tusken [ɔ] (o fan "hok") en de [o] (o fan "bok"), in ferskil dat yn it Nederlânsk frijwol net mear ûnderkend wurdt. Yn it Stedsk is dit ûnderskie lykwols net beheind ta de útspraak, lykas yn it Frysk, mar komt it ek yn 'e stavering ta utering: [ɔ] wurdt skreaun as ò, lykas yn kòrf ("koer"), wylst [o] skreaun wurdt as o, lykas yn koffer ("koffer").

Teffens hat it Stedsk krekt as it Frysk de konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") op plakken dêr't it Nederlânsk [sx] (sch fan school) hat. It Stedsk dielt fierders mei it Frysk de hurde [ɡ] (fan "goed"), wylst dy him yn it Nederlânsk inkeld yn Ingelske lienwurden oppenearret. Yn it Harnzersk, it Boalsertersk en it Starumersk komt ek de [y:] (lange ú fan "drúf") foar, dy't skreaun wurdt as úú, lykas yn húús ("hûs"). It Starumersk hat dêrnjonken ek noch de letter ö, dy't stiet foar de [œ] (u fan "put") of foar de [ø:] (eu fan "deun"), bygelyks yn wurden as börre ("boarre") en föle ("fôle").

Fierders komme yn it Stedsk deselde ôfgeande twalûden foar as yn it Frysk, dy't yn it Nederlânsk net besteane: [ɪ.ǝ], lykas yn sear ("sear"); [i.ǝ], lykas yn lief ("leaf"); [o.ǝ] lykas yn noat ("noat"); en [u.ǝ] lykas yn roët ("ruot"). Ek beskikt it Stedsk, krekt as it Frysk, oer nasale lûden, bygelyks: de nasale lange a ([ã:]), lykas yn daanse ("dûnsje"); de nasale lange ê ([ɛ͂:]), lykas yn wênse ("winskje"); de nasale lange i fan "pit" ([ɪ͂:]), lykas yn prîns ("prins") en dînsdach ("tiisdei"); en it nasale ôfgeande twalûd oa ([o͠.ə]), lykas yn doanse ("dûnsje"). De lêste trije foarbylden binne trouwens fan lûden dy't yn it Standertfrysk no krekt net nasalisearre wurde kinne.

Wurdskat

Hoewol't it Stedsk op hast alle oare terreinen mear op it Frysk liket as op it Nederlânsk, is de wurdskat fan it Stedsk yn hege mjitte fan Nederlânsk (of alteast Hollânsk) komôf. Sadwaande kin in Nederlânsksprekker mei wat goede wil it Stedsk wol neikomme, wylst er fan it Frysk nei alle gedachten net folle ferstean sil. De ûnderskate Stedske dialekten ferskille ûnderling, mar se hawwe in grut part fan 'e wurdskat gemien. Hoewol't it liket as soe dy fierhinne út Nederlânske en Fryske wurden bestean, wize wurden as seun ("soan"), teugen ("tsjin"), sundach ("snein") en kurt ("koart") derop dat der njonken dy beide talen noch in trêde boarne bestien hat, nammentlik de sechtsjinde-iuwske Hollânske dialekten, dy't foar 't neist fierwei it grutste part fan 'e wurdskat fan it Stedsk levere hawwe.

Nettsjinsteande it Hollânske karakter fan 'e Stedske wurdskat komme der ek wurden yn foar dy't dúdlik fan Frysk komôf binne, lykas hammer ("hammer"), dêr't it Hollânsk hamer hat, en tuskenfoarmen, lykas joeke ("jûkje"), foar it Hollânske jeuken. Teffens binne der typysk Fryske wurden dy't yn it Nederlânsk of Hollânsk hielendal net (of net yn dy foarm) besteane. Dêrby giet it almeast om wurden út 'e húslike sfear, lykas (yn it Starumersk) heit en mem ("heit" en "mem"; Ned.: vader en moeder of pa en ma), of om wurden út 'e Frysktalich bleaune lânbouterminology, lykas jaar ("jaar"; Ned.: uier) en jarre ("jarre"; Ned.: gier). Mar ek ferskate útdrukkings, lykas met sin doën ("mei sin dwaan"; Ned.: met opzet doen), gyn ferlet fan hewwe ("gjin ferlet fan hawwe"; Ned.: geen behoefte aan hebben) en gyn nocht an hewwe ("gjin nocht oan hawwe"; Ned.: geen zin in hebben) binne ôfkomstich út it Frysk.

Oare ferskillen mei it moderne Nederlânsk binne werom te fieren op 'e steat fan it sechstjinde-iuwske Hollânsk. Sa binne Stedske foarmen as lêge ("lizze"; Ned.: leggen) dêrút fuortkommen, en ek wurden as farndel ("fearn"; Ned. kwart), dy't ûnderwilens út 'e Nederlânske standerttaal weiwurden binne. Mei it Frysk hat it Stedsk ek ferskate lienwurden út it Frânsk oernommen dy't net yn it Nederlânsk foarkomme. Dy ûntliening is nei alle gedachten wol fia it Nederlânsk ferrûn, mar yn dy taal moatte it moadewurden west hawwe dy't neitiid wer ferdwûn binne. Foarbylden binne aveseare ("avensearje"; Ned.: opschieten), dat tebekgiet op it Frânske avancer ("foarútgean"); koese ("koese"; Ned.: slapen), fan coucher ("lizze"); en yn it Harnzersk: sjantere ("seure"; Ned.: zeuren), fan chanter ("sjonge").

Ynfloeden fan it Nederlânsk

Mei't der tsjintwurdich yn 'e stêden mear Nederlânsk sprutsen wurdt, skoot it Stedsk stadichoan fierder yn 'e rjochting fan dy taal op. Sa fernederlânskje guon wurden; Liwwadders ("Ljouwertersk") wurdt bygelyks Leewarders. Fierders feroaret de tiidwurdsfolchoarder fan 'e Fryske (sien late; "sjen litte") nei de Nederlânske (late sien; laten zien) – in ferskynsel dat him trouwens ek yn it Frysk foardocht.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, s. 29.
  2. Feitsma, A., en Bosma, R., Frysk út de 18de Iuw, yn: Estrikken XXII, Grins, 1961, s. 77.
  3. De Bosatlas van Fryslân, s. 228-289.

boarnen:

  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • ——, De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Productions), ISBN 978-9 00 17 79 047.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Duijff, Pieter, Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
  • Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P., Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 39 264, s. 59-69.
  • Jonkman, Reitze J., Honderd Jaar Stadstaal, Ljouwert, 1999.
  • Jonkman, Reitze J., It "Leewarders": In Taalsosjologysk Undersyk nei it Stedsk yn Ferhâlding ta it Nederlânsk en it Frysk yn Ljouwert, Ljouwert, 1993.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk Hylpersk Klaaifrysk (Bjirmsk) Molkwardersk  Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk Westnoardhoeksk) Skiermûntseagersk Skylgersk Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk Westamelânsk) Biltsk (Eastbiltsk Westbiltsk) Midslânsk Stedsk (Boalsertersk Dokkumersk Feanstersk  Frjentsjertersk Harnzersk Kollumersk Ljouwertersk Snitsersk Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk 
Nedersaksysk  Kleastersk Pompstersk Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk Haadstellingwerfsk Kúndersk Westhoeksk) Westerkertiersk (Kollumerlânsk)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.