Michigan State University | ||
Michigan State University | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | Michigan State University | |
Biedwurd | Advancing Knowledge. Transforming Lives. | |
Lokaasje | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Plak | East Lansing, Michigan | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Iepenbier | |
Oprjochting | 12 febrewaris 1855 | |
Tal studinten | 47.954 [1] | |
Tal meiwurkers | 6.100 | |
Netwurken | AAU, AIBS | |
Offisjele webside | ||
www.msu.edu |
De Steatsuniversiteit fan Michigan (Michigan State University) is in Amerikaanske universiteit yn East Lansing, Michigan. De universiteit hat 47.278 studinten (2010) en is de grutste universiteit fan Michigan en de 9de grutste universiteit fan de Feriene Steaten.
Skiednis
De universiteit waard oprjochte yn 1855. Ynearsten wie it allinne in lânbouhegeskoalle, allinnich tagonklik foar manlju. As gefolch fan de Morrill Act út 1862 waard de universiteit mingd en waard it tal stúdzjes útwreide. Op dat punt tsjinne de universiteit as foarbyld foar takomstige saneamde land-grant-ûnderwiisynstellingen yn de Feriene Steaten.
De universiteit hat hjoed-de-dei 14 fakulteiten en in mei de universiteit ferbûne partikuliere rjochtefakulteit. Yn totaal kinne der mear as 200 opliedingen folge wurde. De MSU wie pionier op it mêd fan de stúdzjes ferpakking, hoareka-management, telekommunikaasje en muzykterapy. Under de alumny fan de universiteit binne fiif winners fan de Pulitzerpriis. De universiteit is lid fan de Association of American Universities.
De kampus fan de universiteit leit oan de igge fan de rivier de Red Cedar. De kampus hie yn 1856 trije gebouwen. De kampus bestiet út twa terreinen. It âldste part leit oan de noardigge fan de Red Cedar; it nije diel leit oan de súdkant.
De sporttiims fan de universiteit binne bekend ûnder de namme Michigan State Spartans.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |