In naasjesteat is in soarte fan steatsfoarm dy't de politike entiteit fan in steatkundige ienheid kombinearret mei de kulturele entiteit fan in naasje. Dêrút wint it dan syn politike legitimiteit om te hearskjen oer syn befolking en te fungearjen as in soevereine steat. In steat is spesifyk in politike en geopolitike entiteit, wylst in naasje yn it foarste plak in kulturele en etnyske entiteit is; de term 'naasjesteat' hâldt yn dat dy beide begripen gearfalle as in steat fan en foar in beskate kulturele en/of etnyske groep, de saneamde steatsdragende naasje. Begripen dy't tsjinsteld binne oan 'e naasjesteat, binne: de mearfolkesteat, de stêdsteat, it ympearium, de konfederaasje en ferskate oare steatsfoarmen.

It idee fan 'e naasjesteat stammet út 'e njoggentjinde iuw. It doel fan sa'n steat is om as thús te fungearjen foar de steatsdragende naasje, mei as gefolch dat der binnen de grinzen fan 'e naasjesteat gjin of mar in bytsje lju wenje dy't net ta de steatsdragende naasje hearre, wylst der bûten de grinzen fan 'e naasjesteat gjin of mar in bytsje minsken tahâlde dy't wól ta de steatsdragende naasje hearre. It berikken fan 'e fêstiging fan in naasjesteat is ornaris ien fan 'e doelstellings fan it nasjonalisme. Goede foarbylden fan naasjesteaten binne Frankryk (de steat fan en foar de etnyske Frânsen) en Dútslân (de steat fan en foar de etnyske Dútsers). Soms slagget it fêstigjen fan sa'n steat mar heal, mei as gefolch dat der oansjenlike minderheden fan 'e steatsdragende naasje bûten de naasjesteat bliuwe. In goed foarbyld fan sa'n sitewaasje is Hongarije, dat de naasjesteat fan en foar de etnyske Hongaren is, mar dat net de grutte etnysk Hongaarske minderheden yn Roemeenje, Servje, Kroaasje, Sloveenje, Eastenryk, Slowakije en de Oekraïne omfiemet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.