De Steande Mêstrûte is in rûte foar sylskippen mei in mêst fan maksimaal tritich meter fan de Siuwsk-Súd-Hollânske delta oer de Iselmar nei de Iems yn de provinsje Grinslân.
It súdlik part giet fan it Hollânsk Djip oer Doardt, Gouda en Alfen oan de Ryn nei Amsterdam. Troch Amsterdam wurdt yn konvoai fearn. It noardlik part fan de rûte giet fan de Iselmar oer De Lemmer, Ljouwert, Dokkum de Lauwersmar en Grins nei Delfsyl.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.