Stavanger
Stavanger
Stavanger
Wapen
Polityk
Lân  Noarwegen
ProvinsjeRogaland
GemeenteStavanger
Stedsyndieling7 stedsdielen
Sifers
Oerflak70,04 km2
dêrfan lân66,35 km2
dêrfan wetter3,69 km2
Ynwennertal144.147 (2021)
Befolkingstichtens1867 inw./km
Oar
Stifting1125
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
Offisjeel webstee
Kaart
Stavanger (Noarwegen)
Stavanger

Stavanger ([staˈvaŋər]?) is in stêd en gemeente yn it súdwesten fan Noarwegen en de haadstêd fan de provinsje Rogaland. Stavanger is it sintrum fan de oalje-yndustry yn Noarwegen en is dêrtroch bot groeid yn de jierren '70 fan de 20e iuw. Ferskate grutte oaljemaatskippijen hawwe kantoaren yn de stêd, dy't sadwaande in ynternasjonaler karakter krigen hat. Ek it Joint Warfare Center fan de NATO húsmannet yn Stavanger.

It gebiet hat in seeklimaat, mei in protte delslach en yn trochsneed in temperatuer boppe nul, it hiele jier troch.

De gemeente Stavanger hie 144.147 ynwenners yn 2021.

De Domtsjerke fan Stavanger yn it âlde sintrum (Gamle Stavanger) is de âldste katedraal fan Noarwegen. De twa meast populêre rekreaasjegebieten lizze oan de marren yn de omkriten, nammentlik Mosvatnet en Stokkavatnet. Der binne strannen.

Tegearre mei Liverpool wie Stavanger yn 2008 Kulturele haadstêd fan Europa.

Ynfrastruktuer

Troch Stavanger rint de E39 dy't Stavanger mei Kristiansand en Bergen

Stavanger is it begjin as einpunt fan de spoarline fan Oslo nei Stavanger, it haadstasjon leit sa'n 400 meter fan de haven fan Stavanger. It fleanfjild Stavanger Sola leit op fjirtjin kilometer fan Stavanger by it plakje Sola, en hat ferbiningen mei stêden yn it binnen en bûtenlân.

Stedsdielen

Stedsdiel Befolking[1]
Hundvåg 12 631
Tasta 13 665
Eiganes og Våland 20 806
Madla 28 285
Storhaug 13 428
Hillevåg 18 463
Hinna 20 008
Som 119 586

Berne yn Stavanger

Partner-stêden

Fjarðabyggð (Yslân), Esbjerg (Denemark), Jyväskylä (Finlân), Eskiltuna (Sweden), Aberdeen (Skotlân), Houston (Teksas, VS), Estelí (Nikaragûa), Netanya (Israel), Nablûs (Palestina) en Antsirabe (Madagaskar)

Galery

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.