Stasjon Weesp
station Weesp
Stasjon Weesp yn 2023
Stasjon Weesp yn 2023
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Weesp
adresSimon Vestdijkstraat 132
arsjitektuer
stasjonskoadeWp
iepening10 juny 1874
boujier1872 1e stasjonsgebou
1967 2e stasjonsgebou
sloopjier1967 1e stasjonsgebou
arsjitekt1872
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1967
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren4
spoarlineEasterspoarwei
Flevoline
Skipholline
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Weesp (Noard-Hollân)
Stasjon Weesp

Stasjon Weesp (Wp) is in spoarstasjon yn de Nederlânske stêd Weesp, yn de gemeente Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1874 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).

Gebou

1e stasjonsgebou stasjon Weesp yn 1967

It oarspronklike spoarstasjon fan Weesp wie in grut gebou fan itselde ûntwerp as Naarden-Bussum. It hege gebou hat in middenpart mei oan beide siden in wat nei foaren steand eingebou. It symmetryske gebou biedt romte oan de ferskate stasjonsfoarsjenningen wêrûnder in grutte restauraasje. Boppedat binne yn it stasjonsgebou mar leafst trije wenningen foar spoarwei-personiel. Oan de kant fan it perron en de rjochter sydgevel komt in perronkape. It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1967.

It stasjon waard yn 1967 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Foar de komst fan it nije gebou waard it heech lizzende stasjonsplein ôfgroeven. It nije gebou hat twa ferdjippingen. Ien op it nivo fan it fernijde plein en de tunnel ûnder de spoaren en perrons troch, en ien op it perron nivo. De begeane grûn jout tagong ta de tunnel en de fytsestalling. Op de earste ferdjipping kamen de oare foarsjenningen wêrûnder in restauraasje en loketten foar de treinkaartsjes en jout tagong nei it earste perron. Njonken it gebou stiet in klokketoer.

Tusken 1980 en 1985 waard it stasjonsgebiet fan Weesp mei it each op de oan te lizzen Flevoline fergrutte en it stasjonsgebou yngreven ferboud. Sa ferhúzje de loketten nei de beneden ferdjipping en wurd de restauraasje sletten. De boppeferdjipping leit troch oanpassingen net langer oan in perron. De twa nije perrons krije in oerkaping yn styl fan de stasjons oan de Flevoline.

Yn de earste helte fan 2013 is it stasjonsgebou op 'e nij yngreand ferboud. Bûten de dragende muorren en it dak is de boppeferdjipping hast hielendal ôfbrútsen. Hjirnei krijt de ferdjipping in glêzen bûtenmuorre en wurdt de romte dy't jierrenlang leech stien hat, ynrjochte as fytsestalling. De treppe oan de foarkant makket dêrom plak foar in hellingbaan.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4300 Sprinter (NS) Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – WeespAlmere SintrumAlmere BûtenAlmere Oostvaarders
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.
5700 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomWeesp – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Hoofddorp
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SintraalAmsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.