Stasjon Utert Vaartsche Rijn station Utrecht Vaartsche Rijn | ||
Stasjon Utert Vaartsche Rijn yn 2016 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
plak | Utert | |
adres | Westerkade 46 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Utvr | |
type | Oerstapstasjon | |
iepening | 22 augustus 2016 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline H Rhijnspoarwei | |
tramline | 20 21 22 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Utert Vaartsche Rijn (Utvr) is in spoarweistasjon yn de stêd Utert en waard iepene yn 2016 oan de Steatsline H (Sutfen - Glanerbrug) en de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). It stasjon is ûnderdiel fan it Rânestêdspoar, dat heechfrekwinte treinferbinings ynhâldt binnen de Utertske regio.
It stasjon leit oan it súdlike ein fan it emplasemint Utert Súdkânt. It stasjon is benammen bedoeld as oerstapstasjon foar reizgers fanút en nei it suden en easten nei universiteitssintrum De Uithof. De trams oer de Uithofline hawwe dêrfoar in halte by it stasjon. It stasjon hat twa oerkape perroneilannen foar de trein, en twa oerkape perrons foar de tram. Der binne twa ûndertrochgongen realisearre oan de Easter- en Westerkade, wêrtroch't de spoarbaan minder in barriêre foarmet tusken it sintrum en de súdlike wiken. Ut beide ûndertrochgongen wei kinne de perrons berikt wurde. By it ûntwerp is benammen de klam lein op de oerstapfoarsjenning, der is al in lytse parkeargaraazje foar auto's oanlein en in fytsestalling. Fierder is der lytsskalige hoareka en winkelromte pland, dat soe de sosjale feilichheid te goede komme moatte.
Foar de de namme fan it stasjon is Utert Jeremie oerwage. Fan 1893 oant 1935 lei nammentlik by dizze lokaasje it Stopplak Jeremiebrêge. De namme Jeremie komt noch wol foar yn de Jeremiebrêge en -strjitte. Dizze Jeremiebrêge lei foarhinne op it plak fan it stasjon, mar moast ferfongen wurde. Fanwegen de histoaryske wearde is de brêge ferpleatst nei it Máximapark.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
6000 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Utert Vaartsche Rijn – Geldermalsen – De Bosk | |
6900 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Gouda – Utert-Sintraal – Utert Vaartsche Rijn – Geldermalsen – Tiel | |
7300 | Sprinter (NS) | Breukelen – Utert-Sintraal – Utert Vaartsche Rijn – Driebergen-Zeist – Veenendaal Sintrum – Rhenen | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert-Sintraal – Utert Vaartsche Rijn – Driebergen-Zeist | |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|