Stasjon Utert Lunetten station Utrecht Lunetten | ||
Stasjon Utert Lunetten yn 2016 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
plak | Utert | |
adres | Nieuwe Houtenseweg 12 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Utln | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 10 juny 1874 1 juny 1980 weriepening | |
sluting | 22 maaie 1932 | |
boujier | 1874 | |
sloopjier | 1978 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline H Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Utert Lunetten (Utln) is in spoarweistasjon yn de stêd Utert en waard iepene yn 1874 oan de Steatsline H (Sutfen - Glanerbrug) en de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten), oan 'e râne fan de Utertske wyk Lunetten.
Skiednis
Earste Stasjon, Stopplak Lunetten
It earste stasjon Lunetten, stopplak Lunetten waard iepene op 10 juny 1874 en sletten op 15 maaie 1932. Yn dy perioade wie it in spesjaal oerstapstasjon. Reizgers fan de treinmaatskippij Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM) út de rjochting Hilfertsom koene oerstappe op treinen fan de Steatsspoarwegen (SS) rjochting De Bosk en werom. It stasjon hie gjin yn- en útgong nei de strjitte, it wie allinnich mooglik om fan de iene nei de oare trein oer te stappen. It stasjon wie boud troch de Steatsspoarwegen. It stasjonsgebou wie fanwege de strange fêstingswet in simpel houten ûnderkommen. Dit wie it gefolch fan it militêre belang fan de omjouwing. Tichtby it stasjon wiene de forten fan Lunetten op de Houtense Vlakte. It stasjon koe sa, as it nedich wie, samar ôfbrutsen wurde.
Hoewol 't it stopplak al yn 1932 sletten waard, hat it stasjonsgebou noch oant 1978 op it plak stien. De sluting fan it stopplak wie it gefolch fan it oanlizzen fan in ferbining tusken de HSM-line út Hilfertsom en de NCS-line út Amersfoart yn 1921. Hjirtroch koene de treinen út Hilfertsom trochride nei Utert-Sintraal. It nut fan de stop yn Lunetten ferdwûn dêrmei.
Twadde Stasjon, Foarstedshalte Lunetten
Op 28 septimber 1980 waard ien kilometer súdlik fan de âlde halte in nij stasjon iepene mei de namme Utert Lunetten. Utert Lunetten wie op dat stuit ien fan de lytse stasjons dêr 't de NS gjin loketten hie. Yn de jierren 90 hat der tydlik in plakkkartekantoar bestien. Dat waard fêstige yn in needgebou op it stasjonsplein. Nei de ûntwikkeling fan de kaartautomaat wie it gau dien mei de bemanning. It gebouke is sloopt yn de tariedingen foar it útwreiden fan it tal spoaren.
Troch de groei fan de wyk Lunetten gie it belang fan it stasjon omheech. It tal yn- en útstappende forinzen groeide. Ek ûnderwiisynstellings yn de buert fan it stasjon hiene ekstra reizgers ta gefolch.
Tredde Stasjon, Fiaduktstasjon
Fanwege de útwreiding fan twa nei fjouwer spoaren moast stasjon Utrecht Lunetten opnij op 'e skeppe. It stasjon, dat bestie út twa perrons op wjerskanten fan de beide spoaren, waard omfoarme ta in eilânperron, lizzend tusken de middelste twa fan de fjouwer spoaren. Foar de spoarrútbreiding waard gebrûk makke fan it al oanwêzige fiadukt fan de Nieuwe Houtenseweg. Foar dizze dyk waard in nije brêge oer de A27 boud. Omdat it eilânperron net te ticht by de twa fiadukten oer de A27 lizze mocht, kaam it nije stasjon 250 meter noardliker te lizzen. Dêr kaam in nije romme ûndertrochgong foar fytsers en fuotgongers, ek is dit de tagong ta it eilânperron. De krappe tunnel ûnder it âlde stasjon koe hjirtroch ferfalle. It nije stasjon wie op 30 maaie 2016 ree foar reizgers.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
6000 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Utert Lunetten – Geldermalsen – De Bosk | |
6900 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Gouda – Utert-Sintraal – Utert Lunetten – Geldermalsen – Tiel |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|