Stasjon Sittard
station Sittard
Stasjon Helmond yn 2006
Stasjon Helmond yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Sittard-Geleen
plakSittard
adresStationsplein 2f
arsjitektuer
stasjonskoadeStd
typeTrochgongsstasjon
iepening21 novimber 1865
boujier1862 1e stasjonsgebou
1923 2e stasjonsgebou
1993 3e stasjonsgebou
sloopjier1923 1e stasjonsgebou
1993 2e stasjonsgebou
arsjitekt1862
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1923
H.G.J. Schelling
2e stasjonsgebou
1993
J.A. van Belkum
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren4
spoarlineSteatsline E
Sittard - Herzogenrath
Sittard - Born
10.524 (2019)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Sittard (Limburch)
Stasjon Sittard

Stasjon Sittard (Std) is in spoarweistasjon yn Sittard en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1993 it tredde stasjonsgebou sûnt 1865 iepene.

Gebou

1e stasjonsgebou stasjon Sittard om en de by 1905
2e stasjonsgebou stasjon Sittard yn 1970

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 21 novimber 1865 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fjirde Klasse. En wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1885 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in lange fleugel byboud en kaam der in part oan de foarkant. Yn 1903 waard de rjochterfleugel fergrutte en fan it oarspronklike gebou wurdt it dak ferhege. It dak fan it haadgebou ûndergiet in wiziging. De "knik" ferdwynt.

Yn 1923 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Schelling. Dit wie it earste stasjonsgebou yn Nederlân mei allinnich platte dakken. It gebou hie in heech middendiel mei twa legere wjukken dy't wat nei foaren stiene foar it middendiel.

It stasjonsgebou út 1923 waard yn 1993 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum krekt as by it amstelstation waard de stationshal heaks op de spoaren pleatst. It stasjon falt op fanwgen syn weagjende dak mei glêzen puien. Yn 1996 krige it stasjon liften sadat it stasjon ek tagonklik waard foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
2900 Intercity
(NS)
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittardMaastricht Rydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3900 Intercity
(NS)
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittard – Heerlen Rydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
13900 Intercity (NS) Eindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittard – Heerlen Alinne freedtenachts
RS 12
32400
Stoptrein (Arriva) Maastricht Randwyck – MaastrichtSittardRoermond
RS 15
32500
Stoptrein (Arriva) Sittard – Heerlen
32700 Nachttrein (Arriva)[1] MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert Sintraal – Skiphol Airport Alinne freedtenachts
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.