Stasjon Sâltbommel station Zaltbommel | ||
Stasjon Sâltbommel yn 2023 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
gemeente | Sâltbommel | |
plak | Sâltbommel | |
adres | Oude Stationsweg 71 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Zbm | |
iepening | 1 novimber 1869 | |
boujier | 1868 1e stasjonsgebou 1984 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1984 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1868 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1984 K. van der Gaast 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline H | |
3862 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Sâltbommel (Zbm) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Sâltbommel yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1869 oan de Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel).
Gebou
It oarspronklike spoarweistasjon fan Sâltbommel wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Sâltbommel, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de sân stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1984.
It stasjon waard yn1984 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Koen van der Gaast. It stasjon kaam sa'n 700 meter tichter by it sintrum fan de stêd, mar ek tichter by de spoarbrêge oer de Waal te lizzen. Om it hjirtroch ûntstiene hichteferskil fan 7,5 meter (it stasjon leit boppe-oan it talúd nei de brêge) binne beide perrons foarsjoen fan in lift. De lift oan de strjitkant begjint op strjitte nivo. Mei dizze lift, in trep of fia in stadich stigend paad komt men op it nivo fan de hal, en de fuotgongerstunnel, dy't ûnder de spoarbaan trochrint. Oan de ein fan de fuotgongerstunnel leit de twadde lift nei it twadde perron. Fan dit tusken nivo ôf geane de liften en liede treppehuzen, dy't bûten om it gebou slingerje, nei it perron nivo. De oerkaping op de perrons is tritich meter lang.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
6000 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Geldermalsen – Sâltbommel – De Bosk | |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|