Stasjon Rotterdam Lombardijen station Rotterdam Lombardijen | ||
Stasjon Rotterdam Lombardijen yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Rotterdam | |
plak | Rotterdam | |
adres | Aesopusviaduct 50 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Rlb | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 juny 1964 | |
boujier | 1968 1e stasjonsgebou 1996 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1995 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1968 C. Douma 1e stasjonsgebou 1996 Paul .H. van de Ree 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline I | |
tramline | 2 20 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Rotterdam Lombardijen (Rlb) iepene op 1 juny 1964, is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon leit oan de Steatsline I
Gebou
It oarspronklike stasjonsgebou fan stasjon Rotterdam Lombardijen waard iepene op 12 septimber 1968, fjouwer jier nei de iepening fan it stasjon, oant dy tiid waarden de treinkaartsjes ferkocht fan út in keet en de perrons wiene fan hout. It earste stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma, ûnder it stasjon waard ek noch in begjin makke mei in metrostasjon mar dizze is nea ôfmakke.
Yn 1995 waard it stasjonsgebou ôfbrutsen, en yn 1996 ferfongen troch in fiadukstasjon nei ûntwerp fan arsjitekt Paul .H. van de Ree. In stasjon mei twa nije eilânperrons mei 120 meter lange perronkappen. It stasjonsgebou bestiet út in 90 meter lange ovalen stasjonshal, wêrfan't alle muorren skean nei efteren pleatst binne.
Njonken it stasjon is sûnt 2011 it Maasstad Ziekenhuis fêstige. Ek is der by it stasjon in lokaasje fan MBÛ skoalle.
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5000 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns. |
5100 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|