Stasjon Rotterdam Blaak station Rotterdam Blaak | ||
Stasjon Rotterdam Blaak yn 2004 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Rotterdam | |
plak | Rotterdam | |
adres | Blaak 3 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Rtb | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 2 maaie 1877 | |
boujier | 1877 1e stasjonsgebou 1953 2e stasjonsgebou 1993 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1952 1e stasjonsgebou 1974 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1958 S. van Ravesteyn 1e stasjonsgebou 1993 H.C.H. Reijnders 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline I | |
metroline | A B C | |
tramline | 21 24 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Rotterdam Blaak (Rtb) iepene op 2 maaie 1877, is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon leit oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn 1993 waard it tredde stasjonsgebou sûnt 1872 iepene.
Gebou
It earste stasjon iepene op 2 maaie 1877 syn doarren foar treinreizgers. Fanwege de ferhege lizzing fan it spoar (Loftspoar) krige it stasjonsgebou ien ferdjipping mear as doedestiids gebrûklik wie, sadat de earste ferdjipping op likense hichte lei mei it perron. It stasjon krige as earste Nederlânske stasjon in oerkaping fan smeedijzer yn stee fan getten izer.
It stasjonsgebou waard yn 1940 ferwoaste by it bombardemint op Rotterdam, De perrons mei de oerkapingen bleaune al behâlden. De restanten fan it stasjon waarden yn 1953 ferfongen, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn it nije gebou wie in ienfâldich gebouke. It gebou die net lang tsjinst, yn 1972 waard it sloopt foar de oanlis fan de metroline. De oerkaping bleau al bestean en waard úteinlik yn 1993 ôfbrutsen.
Op 6 maaie 1982 waard it ûndergrûnske metrostasjon Blaak iepene oan de ûnder de namme Oost-Westlijn bekend steande metroline. By de oanlis fan dy line wie rekken hâlden mei in takomstich ûndergrûnsk spoarweistasjon. Fan 2009 ôf leit it metrostasjon nei it opheffen fan de namme Calandlijn oan de metrolinen A, B en C. It metrostasjon hat trije spoaren (oan in eilânperron en in sydperron). De earste jierren wie der, op it plak dêr't no de tramhalte is, in grutte metrohal dêr't ek in NS-loket yn ûnderbrocht wie. Dit gebou is om en de by yn 1990 wer ôfbrutsen om de bou fan it hjoeddeistige stasjon mooglik te meitsjen.
Doe 't it Loftspoar ferfongen waard troch de Willemsspoartunnel, waard it spoarstasjon Blaak ferfongen troch in ûndergrûnsk stasjon. It nije stasjon waard op 15 septimber 1993 iepene troch keninginne Beatrix. It opfallende ûntwerp is fan arsjitekt Harry Reijnders.
Under de grûn binne op nivo -1 de spoaren fan de linen A, B en C fan de Rotterdamske metro. Sawol noard as súd fan it metrostasjon is in stasjonshal foar it spoarweistasjon. Op nivo -2 direkt ûnder de metro leit de spoarline. De perrons fan beide stasjons binne streekrjocht mei-inoar ferbûn fia treppen en liften, wêrtroch't in maklike oerstap mooglik is.
By de bouwurksumheden waarden de fundearring fan in toer en de stedsmuorre bleatlein dy 't diels sichtber makke is yn it stasjon.
Namme
It stasjon waard iepene mei de namme "Rotterdam Beurs" neamd nei it njonkenlizzende beursgebou, mar Om't ek it beursgebou De Beurs ferlern gien wie en de hannelers yn 1941 it nij boude Beurs oan de Coolsingel belutsen, krige it stasjon yn 1945 de namme "Rotterdam Blaak".
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2200 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Haarlim – Leiden Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Doardt – Roosendaal – Middelburch – Flissingen | |
2400 | Intercity (NS) | Lelystêd Sintrum – Almere Bûten – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Doardt | |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Blaak – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
5000 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns. |
5100 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|