Stasjon Roermond
station Roermond
Stasjon Roermond yn 2015
Stasjon Roermond yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Roermond
plakRoermond
adresStationsplein 9
arsjitektuer
stasjonskoadeRm
typeTrochgongsstasjon
iepening21 novimber 1865
boujier1862
arsjitektKarel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren3
spoarlineSteatsline E
Budel - Vlodorp
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Roermond (Roermond)
Stasjon Roermond

Stasjon Roermond (Rm) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Roermond yn de provinsje Limburch. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

Stasjon Roermond is in wichtich iepenbier ferfierknooppunt yn Midden-Limburch. Net allinnich passearje alle treinen nei Súd-Limboarch dit stasjon, it is ek it begjin - en einpunt fan in soad buslinen yn de regio. Mei goed 11.000 passazjiers deis (2017) is it nei Maastricht it drokste stasjon fan Limburch.

Gebou

Stasjon Roermond om en de by 1900
Stasjon Roermond yn 1977

It stasjonsgebou kaam yn 1862 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan dit part fan de Steatsline E oanlein wie. Noch foar de iepening waard it gebou yn 1864 oan wjerskanten al útwreide mei in ekstra eingeboutsje. Nei de iepening fan de frachtspoarline Izeren Ryn, Yn 1881 kaam waard der in leech part foar de foargevel pleatst mei in plat dak. Ek kamen yn dat jier oan wjerskanten fan de eingebouwen lange sydfleugels. Letter kaam der noch in lytse útbou foar dat tsjinst die as yngong. Dat part is tsjintwurdich lykwols net mear oanwêzich en hat plakmakke foar in yngong mei skodoarren en koarte glêzen oerkaping.

Yn de tweintichste iuw waard it eilânperron oerkape en berikber fia in fuotgongerstunnel. De oanpassingen hawwe derfoar soarge dat it oarspronklike gebou wat ferskûle leit efter de ferbouwingen, wêrtroch't stasjon Roermond noch mar dreech te werkennen is as standerttype SS 4e klasse.



Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
2900 Intercity
(NS)
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittardMaastricht Rydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3900 Intercity
(NS)
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittard – Heerlen Rydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
13900 Intercity (NS) Eindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittard – Heerlen Alinne freedtenachts
RS 11
32200
Stoptrein (Arriva) Nimwegen – Venray – VenloRoermond
RS 12
32400
Stoptrein (Arriva) Maastricht Randwyck – MaastrichtSittardRoermond
32700 Nachttrein (Arriva)[1] MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert Sintraal – Skiphol Airport Alinne freedtenachts
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.